De griensturttowy (Pipilo chlorurus) is in fûgel út 'e famylje fan 'e Amerikaanske goarzen (Passerellidae) dy't briedt yn westlik Noard-Amearika.
Skaaimerken thumb|left|Fûgel yn Kolorado. De griensturttowy is in grutte (15,7–18 cm) Amerikaanske goars mei in lange sturt en in oranjebrune krún. De fûgel hat fierder in grize kop en boarst mei in kontrastearjend wyt plakje op 'e kiel en griengiel op 'e wjukken en de sturt.
Fersprieding en taksonomy De griensturttowy briedt op it heechlân yn it westen fan 'e Feriene Steaten en lûkt winterdeis nei it suden oant sintraal Meksiko. De soarte is monotypysk, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten erkend wurde.
Sibskip Earder waarden de Amerikaanske goarzen ta de famylje fan 'e goarzen (Emberizidae) rekkene, dêr't de ferlykbere soarten út Jeraazje en Afrika ta hearre. Ut ferskate genetyske stúdzjes die bliken dat se in aparte groep foarmje, dy't nei alle gedachten nauwer besibbe is oan 'e Amerikaanske sjongers (Parulidae), troepialen (Icteridae) en in pear lytse famyljes dy't endemysk binne yn it Karibysk Gebiet.
Hâlden en dragen De griensturttowy libbet yn gebieten mei tichte begroeiïng, toarnige boskjes en iepen berchhellingen. Hy siket op 'e grûn nei sied en ynsekten.
Status en bedriging De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. De fûgel hat net te lijen fan substansjele bedrigingen. Op grûn fan dy kritearia kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan de Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern, LC). De wrâldpopulaasje wurdt rûsd op 4,8 miljoen folwoeksen fûgels.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Towy Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko