De Bermudatowy (Pipilo naufragus) is in útstoarne fûgel út it skaai Pipilo. De fûgel wie endemysk op Bermuda.
Taksonomy De Bermudatowy wie in grutte fertsjintwurdiger fan it skaai en nau besibbe oan 'e eastlike towy (Pipilo erythrophthalmus). De wittenskiplike beskriuwing wie yn 2012 en basearre op restanten út it Pleistoseen en Holoseen út kwartêre grotôfsettings. Der binne 38 bonkjes fan teminsten fiif fûgels bekend.
Skiednis In âld reisferslach fan William Strachey, dy't fan 1609 oant 1610 in skipbrekkeling op Bermuda wie, ferwiisde mooglik nei dizze soarte. Hy skreau yn 1625:
Sparrowes fat and plumpe like a Bunting, bigger then ours. (Fette en knobske mosken lykas in goars, grutter as úzes.)
De krekte oarsaak fan it útstjerren is net bekend, mar hy stoar sûnder mis gau nei de komst fan 'e minske op Bermuda yn 'e iere santjinde iuw út. De tebekgong is nei alle gedachten hurder gien troch predaasje fan ynvasive soarten.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Towy Kategory:Utstoarne fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Bermuda Kategory:Bist útstoarn yn de 17e iuw