De bûnte towy (Pipilo maculatus) is in fûgel út 'e famylje fan 'e Amerikaanske goarzen (Passerellidae) yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes). De fûgel komt foar yn westlik Noard-Amearika en fierder nei it suden oant Meksiko en Gûatemala. Hy is nau besibbe oan 'e eastlike towy (P. erythrophthalmus), dêr't er earder ien soarte mei foarme.
Skaaimerken thumb|left|Juvenyl. De bûnte towy is in grutte Amerikaanske goars mei in lange sturt en in lingte fan 17 oant 23 sintimeter. Folwoeksen fûgels hawwe readbrune flanken, in wite bûk en in lange sturt mei wite hoeken. De boppekant, de kop en de sturt binne donker: swart by it mantsje en brún by it wyfke. It each is read.
De fûgel liket slim op 'e eastlike towy, mar de bûnte towy hat wite plakken op 'e skouderfearren en wite wjukbannen, wylst er it wite plak op 'e slachpinnen fan 'e eastlike towy mist. It wyfke is ek wat donkerder griis.
De ferskate populaasjes ferskille wat fan inoar; ynlânske fûgels binne it ljochtst en de fûgels by de Stille Oseaan binne donkerder. De populaasje op it eilân Socorro foar de kust fan westlik Meksiko wurdt troch guon as in selsstannige soarte beskôge en wykt ôf mei't er lytser is, minder wyt op 'e wjukken en de sturt en in donkerbrún ynstee fan in swart fearrekleed hat.
Fersprieding en taksonomy De bûnte towy hat in grut ferspriedingsgebiet yn westlik Noard-Amearika en fierder nei it suden troch Meksiko oant Gûatemala. De soarte wurdt ferdield yn net minder as 22 ûndersoarten, dy't yn ferskate groepen yndield wurde:
oregonus-groep: Pipilo maculatus oregonus – briedt yn kustgebieten fan súdwestlik Britsk-Kolumbia oant súdwestlik Oregon; oerwinteret yn súdlik Kalifornje. Pipilo maculatus falcifer – komt foar yn kustgebieten fan noardlik Kalifornje (fan Del Norte oant Santa Cruz en San Benito County). Pipilo maculatus megalonyx – komt foar fan 'e kustgebieten yn súdlik Kalifornje (Monterey County) oant noardwestlik Baja en it eilân Santa Cruz. Pipilo maculatus clementae – komt foar op 'e eilannen Santa Rosa, Santa Catalina en San Clemente foar de kust fan súdlik Kalifornje. Pipilo maculatus umbraticola – komt foar yn noardwestlik Baja. Pipilo maculatus consobrinus – kaam earder foar op Isla Guadalupe foar de kust fan westlik Nederkalifornje, mar is no útstoarn. Pipilo maculatus magnirostris – komt foar yn it berchgebiet Sierra de la Laguna yn it suden fan Baja. Pipilo maculatus arcticus – briedt op 'e Noard-Amerikaanske prêrje oant it sudwesten fan 'e Feriene Steaten; oerwinteret yn noardeastlik Meksiko.
maculatus-groep: Pipilo maculatus curtatus – briedt fan súdwestlik Britsk-Kolumbia oant noardeastlik Kalifornje, Nevada en Idaho; oerwinteret oant súdwestlik Kalifornje. Pipilo maculatus falcinellus – komt foar fan 'e binnenlannen fan súdwestlik Oregon oant de Sierra Nevada en de San Joaquin Valley. Pipilo maculatus montanus – briedt fan it sudwesten fan 'e Feriene Steaten oant noardwestlik Meksiko; oerwinteret yn noardlik Meksiko. Pipilo maculatus gaigei – komt foar yn berchgebieten yn Nij-Meksiko, westlik Teksas en noardlik Meksiko. Pipilo maculatus griseipygius – komt foar yn it berchgebiet Sierra Madre Occidental yn westlik Meksiko. Pipilo maculatus orientalis – komt foar yn it berchgebiet Sierra Madre Oriental yn eastlik Meksiko. Pipilo maculatus maculatus – komt foar op it heechlân fan eastlik Meksiko, fan Hidalgo oant Veracruz en eastlik Puebla. Pipilo maculatus sympatricus – komt foar yn it berchgebiet Sierra de los Tuxtlas yn eastlik Meksiko. Pipilo maculatus vulcanorum – komt foar yn berchgebieten yn sintraal Meksiko. Pipilo maculatus oaxacae – komt foar yn noardlik en sintraal Oaxaca op it heechlân yn súdlik Meksiko. Pipilo maculatus chiapensis – komt foar yn it berchgebiet Chiapas yn súdlik Meksiko. Pipilo maculatus repetens – komt foar yn súdeastlik Chiapas yn súdlik Meksiko en yn westlik Gûatemala. Pipilo maculatus macronyx – komt foar yn berchgebieten yn sintraal Meksiko. Pipilo maculatus socorroensis – komt foar op it Isla Socorro foar de kust fan westlik Meksiko.
De ûndersoarte sympatricus wurdt gauris opnommen yn 'e nominaatfoarm. Sûnt 2016 behannelje BirdLife International en de IUCN socorroensis as in aparte soarte.
Sibskip Earder waarden de Amerikaanske goarzen yndield by de famylje fan 'e goarzen (Emberizidae), dêr't de goarzen út Euraazje en Afrika ta hearre. Ut ferskate genetyske ûndersiken die lykwols bliken dat se in aparte groep foarmje dy't nei alle gedachten nauwer besibbe is oan 'e Amerikaanske sjongers (Parulidae), troepialen (Icteridae) en ferskate famyljes mei mar in lyts tal endemyske soarten yn it Karibysk gebiet.
Hâlden en dragen De bûnte towy is in algemiene fûgel yn tichte, toarnige biotopen mei sinnerike bosken of yn 'e tichte ûnderbegroeiïng fan iepen bosken. Hy siket op 'e grûn nei sied en ynsekten. Yn it grutste part fan 'e Feriene Steaten briedt er fan healwei april oant ein july, mar yn kustgebieten fan Kalifornje ferdigenet er syn territoarium al begjin maart.
Status en bedriging De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. De fûgel hat net te lijen fan substansjele bedrigingen. Op grûn fan dy kritearia kategorisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, LC). De wrâldpopulaasje wurdt rûsd op 40 miljoen folwoeksen fûgels. It takson socorroensis wurdt troch guon autoriteiten as in apart soarte beskôge en as bedrige (Endangered, EN) klassifisearre.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Towy Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala