De Sint-Plechelmusbasilyk is in katolike tsjerke yn 'e Oeriselske stêd Oldenzaal en ien fan 'e op it stuit (2026) 27 basilyken yn Nederlân. De tsjerke is wijd oan 'e hillige Plechelmus, in Angelsaksyske muonts út de 8e iuw. Syn feestdei wurdt sûnt it ferheffen fan syn reliken yn 'e 10e iuw op 15 july op 'e tsjerklike kalinder fan it (midsiuwske) bisdom Utert fermeld. Om dy datum hinne wurdt it patroansfeest yn 'e Oldenzaalske basilyk alle jierren mei in soad pracht en preal fierd.
Skiednis thumb|left|Relykbuste fan Sint-Plechelmus. De âldste dielen fan it besteande gebou stamme út it midden en de twadde helte fan 'e 12e iuw, mar de skiednis fan 'e tsjerke giet fierder tebek. Mooglik hat de omdoarmjende misjonaris Plechelmus hjir yn 'e 8e iuw al in earste, oan paus Silvester wijde tsjerkegebou stifte. Yn 954 stifte biskop Balderik fan Utert in kapittel yn Oldenzaal en fergrutte er de doe al besteande Silvestertsjerke, dy't no wijd waard oan Plechelmus. Troch de ferheffing fan dy syn reliken hie dy de status fan hillige krige. Balderik liet by dizze gelegenheid reliken fan Plechelmus oerbringe nei de Oldenzaalske tsjerke. Sûnt dy tiid hie de Plechelmustsjerke fan Oldenzaal in hege status; it kapittel wie yn 'e midsiuwen bygelyks ien fan 'e fjouwer kapittels bûten de stêd Utert dy't meistimden by biskopsferkiezings.
Om 1150 hinne waard de tsjerke ferfongen troch in nije romaanske tsjerke. Fan dizze tsjerke binne it middenskip, it noardlik skip, it noarder dwersskip en in koertravee bewarre bleaun. De tsjerke waard fan Bentheimer sânstien boud en lit dúdlik Westfaalske en ek Saksyske ynfloeden sjen. De dom fan Königslutter by Helmstedt – de grêftsjerke fan keizer Lotarius III – hat opfallende oerienkomsten mei de Oldenzaalske Plechelmusbasilyk; beide tsjerkegebouwen hawwe in identike plattegrûn fan 'e krusing. Yn it ynterieur fan 'e Plechelmustsjerke waard it alternearjend stelsel tapast. De trije skippen krigen krúsferwulften.
Nei alle gedachten ûnder biskop Otto II fan Lippe (1215-1227) waard de hjoeddeiske toer mei in westlik koer boud, wêrfan't de fjirde lidding om 1250 hinne foltôge waard. De toer wurdt fanwegen de iere goatyske dekoraasjes wol ta de romanogoatyk rekkene. Om 1500 hinne waard de fyfte toerlidding boud. Tusken 1481 en 1500 waarden it koer en it súdlike skip yn goatysk styl ferfongen. It súdlike dwersskip gie hjirby op yn it nije sydskip en ferlear syn topgevel. thumb|left|Ynterieur. De Reformaasje makke yn 'e 17e iuw in ein oan sa'n sân iuwen liturgy fan it Plechelmuskapittel. De yndrukwekkende kapittelhuzen yn 'e ymmuniteit fan 'e Plechelmus waarden yn dyselde iuw noch ferkocht om ôfbrutsen te wurden. Fan 1633 oant 1810 waard it tsjerkegebou brûkt troch de protestantske mienskip fan Oldenzaal, dy't fanwegen it lege ledetal it ûnderhâld sterk ferwaarleazge. Nei de weromjefte oan 'e katoliken yn 1810 tanksij kening Loadewyk Napoleon, dy't yn 1809 in besite brocht oan Twinte, waard alderearst it monumintale 15e-iuwske doksaal ôfbrutsen. Der wienen ferskate restauraasjes nedich om de ûnderhâldsefterstân wer te ferhelpen. De wichtichste dêrfan wie de restauraasje fan 1891 oant 1900, ûnder lieding fan Jos Cuypers. Dêrby ferdwûn de 17e-iuwske Latynske skoalle boppe it noardlike skip, dy't de kapittelseal ferfongen hie, en waard ek de noardlike lytse apsis rekonstruearre neffens it foarbyld fan dy oan 'e súdlike dwersearm. Ek liet Cuypers de oarspronklike midsiuwske bepleistering en beskildering fan it ynterieur – dy't nei 1633 ûnder lagen wytkalk bedutsen rekke wie – folslein ferwiderje, wêrtroch't de Bentheimer sânstien fan alle muorreflakken en pylders wer hielendal sichtber waard.
Lêste jierren Yn 1950 krige de tsjerke by beslút fan paus Pius XII de earetitel basilica minor.
Yn maart 2006 waard mei tank oan 'e suksesfolle stipe fan kabaretier Herman Finkers in suksesfolle aksje op tou set om 'e Sint-Plechelmusbasilyk as parochytsjerke te behâlden. Sûnt 2010 is de âlde basilyk de parochiale haadtsjerke fan 'e yn dat jier oprjochte Sint-Plechelmusparochy. Dy parochy is in gearfoeging fan 'e âlde Plechelmusparochy fan 'e stêd mei de oare parochys fan Oldenzaal en mei de Plechelmustsjerken fan 'e omlizzende doarpen Rossum, Deurningen en Saasveld, en mei de Remigiustsjerke yn Weerselo.
Plechelmustoer thumb|left|Kânsel. De Plechelmustoer is likernôch 60 meter heech en krige dy hichte by in restauraasje nei 1626. De breedte fan 'e toer is 13,40 meter (súdside, sûnder de plint). De toer wurdt troch de ynwenners fan Oldenzaal de Ol'n Griez'n) neamd. Hy is fan 'e rjochting fan Denekamp of oer de âlde strjitwei út Hengelo al fan hein en fier te sjen, om't dy twa âlde diken streekrjocht op 'e Plechelmustoer tarinne.
De klokkeromte yn 'e Plechelmustoer is de grutste yn syn soarte fan hiel Europa. Der hinget in klokkespul fan 49 klokken, wêrfan't seis ek tsjinje as liedklokken. De grutste is de "Plechelmus" út 2020, getten troch de Spaanske klokkejjitter Abel Portilla (3.890 kg). De op ien nei grutste klok, de "Maria" út 1493, is getten troch de ferneamde klokkejitter Geert fan Wou. De oare fjouwer binne de "Beatrix" (1.600 kg), de "Appolonia" (1.150 kg), de "Henriëtte" (680 kg) en de "Everdina" (480 kg), dy't allegearre yn 'e 20e iuw getten binne. Mei it tafoegjen fan 'e Plechelmusklok yn 2020 hat de Plechelmustoer it grutste oantal tsjerkeklokken fan 'e provinsje Oerisel.
Moandeis oant en mei freed liedt de Beatrix om 12.00 en 18.00 oere. Saterdei liedt de Maria om 12.00 en 18.00 oere en sneins de Plechelmus om 12.00 en 18.00 oere.
Kategory:Oldenzaal Kategory:Tsjerkegebou yn Oerisel Kategory:Ryksmonumint yn Oerisel Kategory:Basilyk yn Nederlân Kategory:Bouwurk út de 12e iuw Kategory:Tsjerkegebou yn it aartsbisdom Utert (roomsk-katolyk)