It Nesker Konvint of it Konvint fan Nes wie in kleaster en kommanderij fan 'e Dútske Oarder yn Nes yn 'e hjoeddeiske gemeente It Hearrenfean.
Skiednis De Kommanderij stie op in terp by de Boarn en ûntstie foar 1242, mar in krekt stiftingsjier is net bekend. Lokale boarnen neame 1228 as stiftingsjier, wylst de earste wisse skriftlike gegevens út 1243 datearje. De Ridderlike Dútske Oarder Balije fan Utert skriuwt dat it konvint foar 1242 ta stân kaam.
De kommanderij ûntstie nei alle gedachten yn in gebiet dêr't al in parochytsjerke wie. Dizze tsjerke waard opnommen yn 'e organisaasje fan 'e Dútske Oarder. De fêstiging fan 'e oarder yn Nes wurdt yn ferbân brocht mei Fryske krúsfarders en harren kontakten mei de Dútske Oarder. De oarder hie njonken har religieuze funksje ek in fersoargings- en hospitaalfunksje.RDO Balije fan Utert/Kommanderijen: De commanderij van Nes.
De kommanderij It Nesker Konvint wie gjin kleaster yn 'e wenstige betsjutting fan in sletten mienskip fan muontsen, mar in kommanderij fan 'e Dútske Oarder. De mienskip bestie út prysters en lekebruorren. Dêrnjonken wiene der ynearsten ek froulike religieuzen. Dy groep waard letter in aparte mienskip by Lúnbert en harren kleaster stie dêr bekend as Stientsjerk of Mariënbosch.
Ta de kommanderij fan Nes hearden ek dochterfêstigingen. Ut it besit fan 'e grutte parochy fan Aldeboarn, dy't yn 1243 troch de biskop fan Utert oan 'e Dútske Oarder skonken wie, waard letter grûn ôfstien foar it frouljuskonvint Katryp, dat letter bekend waard as Stientsjerk, en foar de kommanderij fan Aldskoat. Katryp lei súdeastlik fan Nes yn it fean by Lúnbert en foarme in ûnderkonvint fan Nes. Oan 'e skinking fan 'e biskop oan 'e Dútske Oarder wie boppedat alle jierren in finansjele fergoeding ferbûn.J.A. Mol, De Friese huizen van de Duitse orde. Nes, Steenkerk en Schoten en hun plaats in het middeleeuwse Friese kloosterlandschap
thumb|left|It Kathûs. Mei't it konvint ek in soad lân en pleatsen yn 'e omkriten fan Nes besiet hie it ek in wichtige ekonomyske funksje. Ien fan 'e pleatsen dy't it konvint besiet wie It Kathûs by Nes. It grûnbesit soarge dat de kommanderij ek bûten it eigen terrein in sichtbere oanwêzigens hie.Akkrum.netIt Fryske Gea.
De kommanderij fan Nes foarme yn 'e Midsiuwen in wichtich sintrum fan 'e Dútske Oarder yn Súdeast-Fryslân. Ien fan 'e taken wie it oplieden en leverjen fan prysters foar tsjerken út 'e omkriten.
De kommanderij makke diel út fan in grutter netwurk fan besittings en religieuze ynstellings fan 'e Dútske Oarder yn Fryslân. Fanút Nes stiene ek oare religieuze ynstellings yn relaasje ta de Dútske Oarder.
Reformaasje Yn 1580 keas Fryslân de kant fan 'e opstannige gewesten tsjin kening Filips II. Mei de ynfiering fan it kalvinisme yn Fryslân waarden de katolike ynstellings opheft en konfiskearre troch de oerheid. Sa kaam der yn 1580 ek in ein oan 'e kommanderij fan Nes. Wylst de kommanderij fan Nes as konfiskearre goed yn hannen bleau fan 'e Steaten fan Fryslân, waard yn 1602 it Sint-Nikolaaskonvint yn Skoaten mei syn besit oan 'e Dútske Oarder weromjûn.Utertsk Argyf. thumb|left|De klokkestoel fan Nes.
Ferfal en argeologyske oerbliuwsels Nei't de gebouwen fan 'e kommanderij en de byhearrende tsjerke harren funksje ferlearen, ferfoelen se yn ruïnes. Yn 'e rin fan 'e 18e iuw waarden se foar it grutste part oprêden. Fan 'e eardere kleastergebouwen bleau de tsjerke it langst bestean, mar lang om let rekke dy ek yn ferfal. De lêste resten fan 'e tsjerke waarden yn 'e 17e iuw ôfbrutsen en allinnich it tsjerkhôf bleau. Dêr stiet hjoed-de-dei in klokkestoel.
Ut de tiid fan it konvint leit dêr noch in byldhoude grêfstien út 'e earste helte fan 'e 16e iuw. Op it begraafplak binne ek resten fan grêfstiennen fan persoanen, dy't mei it konvint ferbûn wiene, oantroffen. Neffens de Ridderlike Dútske Oarder Balije fan Utert docht in fragmint fan in grêfstien fan Reiner fan der Elburg, dy't yn 1547 ferstoar, noch tinken oan 'e Dútske Oarder.
Ek lokale histoaryske boarnen fermelde dat by wurksumheden oan 'e klokkestoel yn 1907 fragminten fan in âlde kommandeursgrêfstien fûn waarden.
Wapen fan Nes Yn it wapen en de flagge fan Nes binne noch spoaren fan 'e skiednis fan it doarp en it eardere kleaster fan 'e Dútske Oarder werom te finen. It swarte krús is ûntliend oan it wapen fan 'e Dútske Oarder en de pompeblêden ferwize der nei dat it Nesker Konvint in Fryske fêstiging wie.
Ofbylden
thumb|center|200px|Akte oerdracht patronaatsrjocht fan 'e by Aldeboarn lizzende kapel fan Lyedingaberde (Lúnbert), 13 juny 1281. thumb|center|200px|Brûnzen wijreekfet út it kleaster fan Nes, ôfbylde op in litografy út 1872. thumb|center|200px|Wapen fan Nes.
Kategory:Kleaster yn Fryslân Kategory:Nes (It Hearrenfean) Kategory:Earder bouwurk yn It Hearrenfean (gemeente) Kategory:Organisaasje oprjochte yn de 13e iuw Kategory:Organisaasje opheft yn 1580 Kategory:Bouwurk út de 13e iuw Kategory:Bouwurk sloopt yn de 16e iuw