Janneman Bieren is in brouwerijhierder op De Knipe en is oprjochte yn 2026 troch Yannick Medenblik.
Algemien Inisjatyfnimmer Yannick Medenblik rekke yn ' e kunde mei it bierbrouwen op de middelbere skoalle, doet 't der in bierke broud wurde moast foar in dinerjûn. In oantal jierren letter rûn er syn Stibon bierbrouoplieding ôf. Nei syn staazjeperioade by Brouwerij Bjuster yn Grou waard er hjir meibrouwer.
As folgjende stap sette er yn 2026 útein mei syn eigen mikrobrouwerij Janneman, mar hy brout syn bieren noch wol sels by Bjuster.
De filosofy fan Janneman Bieren is like ienfâldich as effektyf: elk bier wurdt broud mei in farsk produkt út de direkte omkriten. Dat lokale yngrediïnt stiet sintraal yn de reseptuer en jout elk brousel in eigen karakter dat streekrjocht ferbûn is mei de Fryske krite. Alle bieren krije in link met fûgels, want Yannick is sels ek in fûgelspotter.
Assortimint
Janneman Zwaluw editie blond
Keppeling om utens Webside fan Janneman Bieren
Kategory:Fryske bierbrouwerij Kategory:Bedriuw oprjochte yn 2026 Kategory:De Knipe