Master i Margarita, yn it Syrillysk alfabet "Мастер и Маргарита" (Russysk, betsjutting likernôch: "Master en Margarita") is in roman, skreaun toch de Russyske skriuwer Michail Bûlgakov, fan 1928 oant sy'n dea yn 1940. Syn widdow hat it folsleine boek foar it earst yn it Russysk publisearre litten yn 1973 troch de Paryske útjouwerij YMCA-Press.

Master i Margarita kombinearret boppenatuerlike eleminten mei satiryske, donkere komeedzje en kristlike filosofy, wêrtroch it him net yn ien inkeld sjenre ûnderbringe lit. In protte kritisy beskôgje it as ien fan de bêste romans fan de tweintichste iuw en as de wichtichste Sovjet-satire.

Ynhâld Yn 'De Master en Margarita bedriuwt de Duvel syn spultsjes soms út in adres yn Moskou wei — Bolshaya Sadovaya-strjitte 302b — dat der hjoed-de-dei noch altyd stiet: "Yn it trijefâldich ferflokte appartemint nûmer 50 wie sûnder mis immen... sa no en dan gie der in finster iepen." Soms klinkt der grammofoanmuzyk út it finster en is der in swarte kat te sjen dy't dêr fan de sinne te genietsjen leit. De kat blykt lykwols in demon mei in pistoal te wêzen. Hy daget minsken út ta duëls, ûntkomt troch op in kroanljochter oer it dak te fleanen en jit úteinlik benzine oer de flier — dy't spontaan ûntbaarnt — wêrtroch't alles yn 'e brân fljocht.

De korridornaya (in soarte fan mienskiplik appartemint) dêr't Bulgakov fan 1921 oant 1924 mei syn twadde frou, Ljoebov Jevgenjevna Belozerskaja, wenne, tsjinne as ynspiraasje foar de roman. In buorfrou, Anna Gorjatsjeva, wenne mei har soan yn in keamer yn datselde mienskiplike appartemint en steurde Bulgakov hieltyd wer mei har skreauwen en lawaai.

Untfangst Der is net in Fryske oersetting fan it boek sels, mar yn 2010 hawwe muzykgroep De Kift en Tryater in stik fan Ira Judkovskaja, bassearre op it boek mar dan situearre op Skylge, útfierd op Oerol.https://www.filmfestival.nl/film/de-duivel-op-terschelling Master i Margarita waard yn 1999 opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.

Kategory:Literêr wurk fan Michail Bûlgakov Kategory:Fantasyroman Kategory:Romantyske komeedzjeroman Kategory:Satiryske roman Kategory:Politike roman Kategory:Modernistyske literatuer Kategory:Magysk-realistyske literatuer Kategory:Russysktalige roman Kategory:Roman út 1948 Kategory:Literatuer oer ateïsme Kategory:Literatuer oer de Sovjet-Uny Kategory:Literatuer oer burokrasy Kategory:Literatuer oer Satan Kategory:Literatuer oer katten Kategory:Literatuer oer religy Kategory:Werjefte fan Judas Iskariot yn keunst en kultuer Kategory:Werjefte fan Pontius Pilatus yn keunst en kultuer