Ald Oatmarsum (Nedersaksysk: Oald Oatmöske) is in doarp yn 'e gemeente Dinkellân, yn 'e Nederlânske provinsje Oerisel. It doarp leit tsjin de beboude kom fan Oatmarsum oan en hearde oars as de namme docht tinken foar de gemeentlike weryndieling by de gemeente Denekamp
Ald Oatmarsum hat ynwenners ()Sintraal Buro Statistyk en stiet bekend om it kloatsjitten, dat yn 'e omkriten beoefene wurdt. It doarp hat de grutste kloatsjitferiening fan it lân en hat in eigen baan foar dizze sport.
thumb|left|In pleats yn Ald Oatmarsum (1966). Ald Oatmarsum is in lyts boeredoarp dat tichteby it natuergebiet Springendal leit. Troch Ald Oatmarsum rint in trochgeande strjitte, de Laagsestraat, dy't it doarp midstwa dield.
Buorskippen Ald Oatmarsum hat ferskate buorskippen, wêrûnder Postelhoek (besteande út Achterpostel en Voorpostel), Ottershagen en Nutter. De tradisjonele boustyl yn it gebiet is in fariant fan 'e styl fan 'e hallehûspleatsen.
Kategory:Plak yn Dinkellân