De Guadalupejunko (Junco insularis) is in fûgel út 'e famylje fan 'e Amerikaanske goarsfûgels (Passerellidae) yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes). De soarte komt allinnich foar op ien eilân foar de westkust fan Meksiko. Earder waard er as in ûndersoarte fan 'e donkereachjunko beskôge, mar hjoed-de-dei wurdt er meastentiids as in selsstannige soarte beskôge. De populaasje is tige lyts, en dêrom stiet de soarte op 'e Reade List fan 'e IUCN as kwetsber (Vulnerable, VU).
Beskriuwing De Gûadelûpjunko is in 14 sm lange Amerikaanske goars dy't it meast tinken docht oan 'e donkereachjunko fan 'e ûndersoarte mearnsi. Hy ferskilt dêr lykwols fan troch in wat donkerder grize krún, dy't ornaris ek op it boarst oanwêzich is. Fierders is it wyt op 'e búk minder wiid ferspraat en doffer fan kleur. Fan alle taksa yn it hyemalis-kompleks ferskilt er troch in gruttere en langere, blau-wite, net rôze-eftige snaffel en troch koartere wjukken en in koartere sturt.
Fersprieding en systematyk De fûgel komt foar yn ike- en dinnebosken op it Isla Guadalupe foar de kust fan it skiereilân Baja California. Oant koartlyn waard er beskôge as in ûndersoarte fan 'e donkereachjunko (Junco hyemalis), en guon dogge dat noch hieltyd. Hy wurdt lykwols hieltyd faker as in selsstannige soarte beskôge op grûn fan ferskillen yn uterlik, lûd en genetika.
Sibskip Earder waarden de Amerikaanske goarzen yndield by de famylje fan 'e goarzen (Emberizidae), dêr't soartgelikense soarten út Euraazje en Afrika ta hearre. Ferskate genetyske ûndersiken litte lykwols sjen dat de Amerikaanske goarzen in ûnderskate groep foarmje dy't nei alle gedachten nauwer besibbe is oan 'e Amerikaanske sjongers (Parulidae), troepialen (Icteridae) en ferskate famyljes mei mar in lyts tal soarten dy't endemysk binne foar it Karibysk gebiet.
Hâlden en dragen Yn 'e briedtiid is de Gûadelûpjunko foar it grutste part beheind ta bosken mei de dinnesoarte Pinus radiata, de ikebeam Quercus tomentella en de sipres Cupressus guadalupensis, oant op in hichte fan 1.400 meter. Hy kin lykwols ek op seenivo sjoen wurde yn strûkgewaaks mei Nicotiania. Nei de briedtiid wurdt er oantroffen yn ferskate soarten boskrânen en iepen bosk mei ûnderbegroeiïng. Hy komt ek faak by foerbakken.
Status Dizze koartlyn as selsstannige soarte erkende fûgel hat in tige beheind ferspriedingsgebiet en in tige lytse wrâldpopulaasje fan 330 oant 800 folwoeksen eksimplaren. De Ynternasjonale Uny foar Natuerbehâld klassifisearret de soarte dêrom as kwetsber (Vulnerable, VU). De populaasje nimt lykwols ta; yn 1995 wiene der noch mar 50–100 fûgels.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Junko Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko