Vasse is in doarp yn 'e Twintske gemeente Tubbergen yn 'e Nederlânske provinsje Oerisel. Vasse hat likernôch 1.000 ynwenners. De ynwenners fan Vasse binne foar it meastepart roomsk-katolyk. De mienskip fan Vasse is sterk ferweve mei dy fan 'e buorskippen Hezingen en Mander. Yn 'e karnavalstiid hat it doarp de bynamme Spekscheetersdoarp. Ek de karnavalsferiening draacht dy namme.

Beskriuwing Vasse leit yn ien fan 'e âldst bewenne gebieten fan Nederlân. De ferskate grêffjilden yn it tichteby lizzende Mander en it Lädderke (yn 'e rjochting fan Reutum) binne dêr stille tsjûgen fan. It bekendste grêfheuvelgebiet is it Vasser Grêffjild, dat út 20 grêfheuvels bestiet dy't út de tiid fan 4000 oant 2500 jier f.Kr. datearje. By opgravings yn 'e tweintichste iuw binne opmerklike fynsten dien, lykas de saneamde "man fan Mander". Dy fynsten wurde yn it museum "Twentse Welle" yn Ynskedee útstald.

Oan 'e wei nei Hezingen stie oan 'e foet fan 'e Tutenberg eartiids in tichelwurk fan 'e Lipper stienbakker Deppe, dêr't yn fjildûnen stiennen bakt waarden. Hjoed-de-dei stiet dat fabryk oer de grins by Uelsen yn 'e Dútske lânkring Bentheim.

Toerisme Troch de lizzing yn it Twintske esselânskip, ôfwiksele mei houtwâlen, bosk en heide, is Vasse in goed útgongspunt foar kuier- en fytstochten. De omlizzende natuergebieten, lykas de delling fan 'e Mosbeek, it Streu en de Springendelling, binne dêr tige geskikt foar. thumb|left|Wettermûne fan Bels yn it buorskip Mander by Vasse. Vasse hat ek in eigen mountainbikerûte. Dizze rûte mei in lingte fan 49,9 kilometer komt lâns de meast bysûndere plakken yn it heuvelige lânskip yn en om Manderveen, Mander, Vasse, Hezingen, Nutter en Ootmarsum. De rûte krúst natuergebieten lykas de delling fan 'e Mosbeek, it Streu en it Springendelling. De rûte makket diel út fan it Mountainbikenetwurk Twente en wurdt oanjûn mei rûtebuordsjes.

De roomske Sint-Joazef en Pankratsiustsjerke is in neogoatysk ûntwerp fan 'e arsjitekt J.G.J. van Roosmalen.

Oan 'e trochgeande dyk yn 'e rjochting fan Ootmarsum stiet de wettermûne De Mast. Oare wettermûnen binne dy fan Bels yn Mander en Frans yn Hezingen.

Tarreputten fan Vasse thumb|left|Tarreputten fan Vasse, 2021 Op likernôch oardel kilometer besuden Vasse lizze de saneamde tarreputten, mei in mienskiplik oerflak fan likernôch 24.000 m². Oant yn 'e jierren 1970 fan 'e tweintichste iuw waard hjir gemysk ôfeart stoart yn in eardere sânôfgraving.

Kategory:Plak yn Oerisel Kategory:Tubbergen