De synagoge fan Ynskedee is in synagoge oan 'e Prinsestraat yn Ynskedee. De synagoge waard oarspronklik yn 1918–1920 ûntwurpen troch Karel de Bazel foar de Visserijstraat. De Bazel ferstoar lykwols yn 1923, wêrnei't de arsjitekten Anthonie Pieter Smits en Cornelis van de Linde it ûntwerp tusken 1927 en 1928 bouden op 'e hjoeddeiske lokaasje. It gebou waard boud yn opdracht fan 'e Nederlânsk-Israëlyske Gemeente fan Ynskedee. De synagoge wurdt om syn eigentiidske styl priizge as "ien fan 'e moaiste fan 'e Mediene" (Nederlân bûten Amsterdam).

Skiednis Yn 1730 fêstigen de earste Joadske húshâldings har yn Ynskedee, mei tank oan in liberale Twintske lândrost, dy't har tastimming joech. De earste godstsjinstoefeningen – der wie noch gjin minjan – waarden yn it hûs fan Hertog Barend en Beeltjen Frank holden. Yn 1772 lieten hja harren hûs by testamint nei oan harren soan Mozes Hertog, mei as betingst dat it plak biede moast oan 'e minjan en de Torahrol. Dizze earste, lytse sjoel wie fêstige yn 'e hjoeddeiske Walstraat. Nei de Frânske Revolúsje begûn de Joadske mienskip flugger te groeien en yn 1835 waard de sjoel oan 'e Achterstraat ynwijd, dy't ûnder de synagoge fan Swol foel. De brân fan 1862 yn Ynskedee gie ek net oan 'e sjoel foarby; dy baarnde folslein ôf. Oan 'e Gronausestraat waard in needsynagoge yn in houten loads ynrjochte. Mei tank oan jeften út binnen- en bûtenlân, ûnder oaren fan 'e baron fan Twickel en prins Hindrik, koe al yn 1865 in nije synagoge ynwijd wurde.

De groei fan 'e Joadske mienskip hold oan en oan it begjin fan 'e 20e iuw waard ek de synagoge oan 'e Achterstraat te lyts, sadat yn 1913, ûnder lieding fan Jacob Rozendaal, besletten waard ta de bou fan in nije sjoel. Net allinnich wie de mienskip diskear mei sa'n 1.200 sielen grutter, de gemeente hie ek folle mear sinten om hannen troch leden dy't in soad fertsjinne hiene as ûndernimmers yn 'e tekstyl. Yn 1919 wie it ûntwerp foar de nije synagoge klear, mar it duorre oant 1927 foar't mei de bou begûn waard. De nije synagoge joech plak oan 600 minsken en waard op 13 desimber 1928 ynwijd troch opperrabbyn Hirsch. Al it brânskildere glêswurk en de mozaïken waarden ûntwurpen troch Lambert Lourijsen.

Twadde Wrâldoarloch thumb|left|Joadsk monumint by de synagoge fan Ynskedee Under de Holokaust yn 'e Twadde Wrâldkriich fûn op 13, 14 en 15 septimber 1941 yn Ynskedee en oare plakken yn Twinte in razzia plak, de earste bûten Amsterdam: 105 manlju waarden weifierd nei it konsintraasjekamp Mauthausen. Meiïnoar waarden sa'n 700 fan 'e 1.200 leden fan 'e Joadske mienskip fan Ynskedee fermoarde. It gebou sels waard yn 'e Twadde Wrâldkriich brûkt troch de Sicherheitsdienst, en dêrom is it gebou yntakt bleaun. Nei de oarloch waard it gebou wer as synagoge brûkt. De fermoarde Joadske ynwenners fan Ynskedee wurde betocht mei in tinkplaat boppe de tagong fan 'e gebedsromte.

Tsjintwurdich Yn 1987 waard de synagoge opskrikt troch it stellen fan sakraal sulverwurk. De dief bea de stellen stikken oan by in bekende samler fan judaïstyk, dy't se werkende en de plysje op 'e hichte stelde. Sa kaam it stellen sulverwurk werom yn 'e synagoge.

Yn 1996 waarden de folsleine 100 fjouwerkante meter brânskildere ramen út 1927–1928 rekonstruearre en restaurearre troch keunstneres Annemiek Punt. Tusken 2001 en 2004 waard in wichtige restauraasje fan it hiele gebou útfierd, wêrby't de oarspronklike styl behâlden bleau en dêr't dat nedich wie werombrocht waard.

It gebou wurdt beheard en ûnderhâlden troch de eigener, de Nederlânsk-Israëlyske Gemeente Twinte. De Stifting Freonen fan 'e Synagoge Ynskedee fersoarget sûnt 2014 de iepenstelling, rûnliedingen foar belangstellenden en kulturele manifestaasjes.

Ofbylden

Kategory:Bouwurk yn Ynskedee Inskedee Kategory:Bouwurk út 1928