De fulkaanjunko (Junco vulcani) is in fûgel út 'e famylje fan 'e Amerikaanske goarsfûgels (Passerellidae) yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).

Beskriuwing De fulkaanjunko is likernôch 16 sm lang en weaget sa'n 28 g. Beide skaaien hawwe itselde fearrekleed. Folwoeksen fûgels hawwe in griis-oliifkleurige krún en nekke, somtiden mei donkere streken. Se hawwe in swarte team en in swart of swartgriis masker om it each hinne. De rest fan 'e kop en de hals is ljochtgriis, mei in oliifkleurige tint op 'e earstreek. De boppekant is gielbrún mei swarte streken. De wjukken binne donker fan kleur, mei smelle oant wat bredere gielbrune rânen oan 'e fearren. De sturt is donker, mei smelle grize fearrânen en ljochtgrize einen oan 'e bûtenste sturtfearren.

De ûnderkant is foar it grutste part ljochtgriis – it ljochtst by de kiel – en de flanken hawwe in gielbrune gloed. De iris is oranjegiel oant felgiel, de snaffel is rôze (wêrby't de boppesnaffel yn 'e regel donkerder is) en de poaten binne rôze oant skier brúnwyt.

Jonge fûgels hawwe in mear readbrune boppekant mei swierdere streken as folwoeksen fûgels. De ûnderkant is dof gielbrún mei donkere streken, útsein yn it midden fan 'e búk. Se hawwe in donkerbrune iris.

Fersprieding en systematyk De fûgel komt foar yn fulkanyske gebieten fan Kosta Rika en westlik Panama (Chiriquí). De soarte wurdt as monotypysk beskôge, dat wol sizze dat er net yn ûndersoarten ferdield wurdt.

Status De soarte hat in beheind ferspriedingsgebiet en de populaasje is relatyf lyts. De oantallen wurde rûsd op 20.000 oant 50.000 folwoeksen eksimplaren. De populaasjeûntwikkeling wurdt lykwols as stabyl beskôge. De IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige op 'e Reade List.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Junko Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika