De gieleachjunko (Junco phaeonotus) is in fûgel út 'e famylje fan 'e Amerikaanske goarsfûgels (Passerellidae) yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes). De soarte komt benammen foar yn Meksiko en Gûatemala, mar ek yn 'e Feriene Steaten, yn súdlik Arizona en súdwestlik Nij-Meksiko. De IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige. De gieleachjunko is in stânfûgel.
Skaaimerken thumb|left|Gieleachjunko. De gieleachjunko is in middelgrutte (13,5–17 sm) Amerikaanske goars dy't, lykas de nominaatfoarm fan 'e tige besibbe donkereachjunko (J. hyemalis), foar it grutste part griis en wyt is, mei wite bûtenste sturtfearren. Hy liket benammen op it geografysk tichteby foarkommende takson dorsalis. Dat takson hat in kastanjereade mantel, in ljochte kiel en in twakleurige snaffel. De gieleachjunko ûnderskiedt him dêr lykwols fan troch syn giele each, mar ek troch it kastanjebrune plak op 'e gruttere dekfearren en de tertialen, de smoarchwite ynstee fan wite búk en syn hâlden en dragen: de gieleachjunko rint oer de grûn, wylst de donkereachjunko hippelet.
De Kalifornyske junko (J. bairdi) waard earder as in ûndersoarte fan 'e gieleachjunko beskôge. Hy ferskilt lykwols troch in dúdlik bleker fearrekleed mei ljochtbêzje flanken, folle minder swart yn it gesicht en in lytsere lichemsgrutte.
Fersprieding en systematyk De gieleachjunko wurdt hjoed-de-dei yn fjouwer ûndersoarten ferdield mei de folgjende fersprieding:
Junco phaeonotus palliatus – komt foar yn 'e bergen fan súdlik Arizona, súdwestlik Nij-Meksiko en noardlik Meksiko Junco phaeonotus phaeonotus – komt foar yn 'e bergen fan sintraal en súdlik Meksiko (Jalisco oant Hidalgo, Veracruz en Oaxaca) Junco phaeonotus fulvescens – komt foar yn 'e bergen fan súdlik Meksiko (it binnenlân fan Chiapas) Junco phaeonotus alticola – komt foar yn 'e bergen fan súdlik Meksiko (súdeastlik Chiapas) en westlik Gûatemala
De Kalifornyske junko (Junco bairdi) waard earder as in ûndersoarte fan 'e gieleachjunko beskôge, mar dy wurdt no as in selsstannige soarte beskôge. It is noch hieltyd net folslein dúdlik wêr't de soartgrins tusken de gieleachjunko en de donkereachjunko leit. Ut DNA-ûndersyk docht bliken dat de gieleachjunko him nei alle gedachten pas nei de lêste iistiid nei it noarden fersprate en him dêrby fierder ûntwikkele hat ta de donkereachjunko, dy't op syn beurt ûnderskate foarmen ûntwikkele. Dy foarmen kinne hast as selsstannige soarten beskôge wurde. Dit evolúsjonêre proses hat him pas yn 'e lêste 10.000 jier ôfspile, wat yn 'e fûgelwrâld tige fluch is.
Sibskip Earder waarden de Amerikaanske goarzen by de famylje fan 'e goarzen (Emberizidae) yndield, dêr't soartgelikense soarten fan 'e Alde Wrâld ta hearre. Ferskate genetyske ûndersiken litte lykwols sjen dat Amerikaanske goarzen in ûnderskate groep foarmje dy't nei alle gedachten nauwer besibbe is oan 'e Amerikaanske sjongers (Parulidae), troepialen (Icteridae) en ferskate famyljes mei mar in lyts tal soarten dy't endemysk binne foar it Karibysk gebiet.
Hâlden en dragen De gieleachjunko wurdt oantroffen yn bercheftige nullebosken of bosken mei dinnebeammen en ikebeammen. Hy wurdt faak yn lytse groepkes sjoen dy't op 'e grûn nei iten sykje, benammen ynsekten en yn 'e winter ek sied. Nêsten binne yn Arizona oantroffen tusken healwei april en begjin augustus en yn sintraal-súdlik Meksiko yn maaie en begjin juny. Hy kin maksimaal trije nêsten yn in seizoen hawwe.
Status en bedrigingen De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. De Ynternasjonale Uny foar Natuerbehâld klassifisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, LC). Yn grutte dielen fan it ferspriedingsgebiet wurdt er yn gaadlike biotopen as algemien of tige algemien beskôge. De populaasje wurdt rûsd op 4,3 miljoen folwoeksen eksimplaren.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Junko Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala