De donkereachjunko (Junco hyemalis) is in Noardamerikaanske sjongfûgelsoarte út 'e famylje fan 'e Amerikaanske goarsfûgels (Passerellidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard yn 1758 as Fringilla hyemalis publisearre troch Carl Linnaeus. It ferspriedingsgebiet fan 'e donkereachjunko beslacht hast hiel Noard-Amearika, op it midden en suden fan Meksiko nei. Der wurde ferskate ûndersoarten ûnderskieden.
Skaaimerken thumb|left|Nominaatfoarm. De donkereachjunko wurdt likernôch 13 oant 17 cm lang. De nominaatfoarm fan 'e soarte hat in grize kop en boppekant fan it boarst, in wite bûk en donkerdere, griisbrune wjukken. De bûtenste sturtfearren binne wyt, wêrtroch't de fûgel by it fleanen goed te ûnderskieden is. De snaffel is rôze fan kleur. De kleur is by de mantsjes oer it algemeen dúdliker ûntwikkele as by de wyfkes.
De ûndersoarten fan 'e fûgel fertoane lykwols tige grutte kleurfariaasjes, sadat it liket as binne it hiele oare soarten, wylst se genetysk allegear ta deselde soarte hearre.
Fersprieding De donkereachjunko libbet yn mingde bosken en nullebosken fan 'e tuskenbeide sône. De fûgel komt in soad foar yn parken en tunen, foaral as er winterdeis byfuorre wurdt troch minsken. It ferspriedingsgebiet beslacht hast de hiele Feriene Steaten, ynklusyf Alaska, Kanada, en in part fan it noarden fan Meksiko. De noardlike populaasjes lûke yn 'e winter nei it suden om yn it gebiet om 'e Golf fan Meksiko te oerwinterjen. Simmerdeis komme de fûgels ek foar oant djip yn de Arktyske sône, yn it noarden fan Kanada, wylst se dêrhinne lûke om te brieden.
Ut en troch wurde dwaalgasten fan 'e soarte op 'e Britske Eilannen waarnommen. De fûgel is yn 2015 as dwaalgast fotografearre yn Grinslân.
Undersoarten Der wurde 15 ûndersoarten ûnderskieden:
J. h. aikeni – de westlik-sintrale Feriene Steaten. J. h. hyemalis – Alaska, noardlik, sintraal en eastlik Kanada, de noardlik-sintrale en noardeastlike Feriene Steaten. J. h. carolinensis – de eastlik-sintrale Feriene Steaten. J. h. cismontanus – binnenlânsk westlik Kanada. J. h. oreganus – súdeastlik Alaska en westlik-sintrale Britsk-Kolumbia (westlik Kanada). J. h. shufeldti – de kust fan súdwestlik Britsk-Kolumbia en de kust fan de noardwestlike Feriene Steaten. J. h. montanus – binnenlânsk súdwestlik Kanada en binnenlânsk noardwestlike Feriene Steaten. J. h. thurberi – súdlik Oregon en noardwestlik Kalifornje. J. h. pinosus – sintraal en súdlik Kalifornje. J. h. pontilis – Sierra Juárez (noardlik Baja California yn noardwestlik Meksiko). J. h. townsendi – Sierra San Pedro Mártir (noardlik Baja California yn noardwestlik Meksiko). J. h. mutabilis – súdwestlik Kalifornje en súdlik Nevada. J. h. mearnsi – súdwestlik en súdlik-sintraal Kanada en de noardlik-sintrale Feriene Steaten. J. h. caniceps – de westlik-sintrale Feriene Steaten. J. h. dorsalis – Arizona, Nij-Meksiko en westlik Teksas.
Der wurde fjouwer kleurgroepen ûnderskieden: de slate-colored-groep (mei û.o. de nominaatfoarm): in donkergrize kop, hals en boppekant, en in wite bûk. Dizze ûndersoarten komme benammen yn it noarden en easten fan Noard-Amearika foar. de Oregon-groep (bgl. oreganus en shufeldti): dizze hawwe in opfallende swarte of donkergrize kop dy't skerp ôfstekt tsjin in readebrune rêch en flanken. Dizze ûndersoarten libje yn it westen fan it ferspriedingsgebiet fan 'e fûgel. de Pink-sided en White-winged farianten (bgl. mearnsi en aikeni): fûgels mei in ljochtere, mear bêzjekleurige of brune rêch en wat subtilere grize of bleke tinten op 'e kop, bytiden mei wite streekjes op 'e wjukken. De gray-headed-groep (bgl. caniceps): fûgels mei in ljochtere grize kop mei in dúdlike, rustkleurige of kastanjebrún plak op 'e rêch.
Kleurgroepen
Hâlden en dragen Yn it briedseizoen foarmje de fûgels pearkes. Se bouwe tegearre fan planten en hier in skaalfoarmich, likernôch 10 sm grut nêst op 'e grûn of yn 'e legere begroeiïng fan beammen of strûkguod, goed ferstoppe tusken grien. Yn it briedseizoen kin in wyfke meardere kearen aaien lizze. De aaien binne grizich oant ljochtblau fan kleur en brún oant griis spikkele. Nei 12 oant 13 dagen brieden komme de aaien út. De jongen fleane nei 11 oant 14 dagen út.
De donkereachjunko foerazjearret op 'e grûn, dêr't er nei ynsekten en sied siket.
Status De grutte fan 'e populaasje waard yn 2019 op 220 miljoen folwoeksen fûgels rûsd. Op 'e Reade List fan 'e IUCN hat de soarte de status net bedrige (Least Concern, LC).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Junko Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska