De tristamgoars of Tristrams goars (Emberiza tristrami) is in in Aziatyske fûgel Aziatyske fûgel yn it skaai fan 'e goarzen goarzen (Emberiza) en de famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae), dy't heart ta it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes). Skaaimerken thumb|left|Tristamgoars. De tristamgoars is in lytse (14–15 sm), ûnderskiedende en kompakte goars mei in streke kop. It mantsje yn it briedkleed is goed te werkennen oan 'e swarte kop en wite wynbraustreken, eardekfearkes, krúnstreek en snorstreek. Bûten de briedtiid is it mantsje doffer, wêrby't de swarte fearren wite punten hawwe en it wyt mear nei it bêzje giet. It wyfke hat in ferlykber kleed, mar hat in bêzje-wite kiel, ljochtbrune wangen en in ljochtbrún team en brune streken op 'e siden en it boarst.
Fersprieding en systematyk De tristamgoars briedt fan noardeastlike Sina (fan de Lytse Hinggan en de rivier de Zeja yn Heilongjiang) eastlik nei it meast súdeastlike part fan Sibearje (Amoerlân en it Kustterritoarium, ynklusyf Sichote-Alin) en Noard-Koreä. Winterdeis ferhuzet er nei it súdeastlike Sina (súdeastlik Yunnan eastlik nei Fujian, ek Hunan en it eastlike Sichuan) en wurdt er seldsum yn Noard-Birma, Noardwest-Tailân, Noard-Laos en Noard-Fjetnam waarnommen.
Sibskip De soart wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat der gjin ûnderskied makke wurdt yn ûndersoarten.
Tradisjoneel wurdt de soarte yn it skaai Emberiza yndield, mar guon autoriteiten dielen dat skaai op yn meardere lytsere skaaien. De tristamgoars wurdt yn dat gefal tegearre mei bygelyks de reidmosk en de boskgoars ta it skaai Schoeniclus rekkene.
Ekology De tristamgoars wurdt yn bosk oantroffen yn tichte ûnderbegroeiïng, oan 'e boskrânen en yn jonge bosk tusken 900 en 2.525 meter hichte. It iten bestiet út sawol planten as ynsekten. It brieden set útein oan 'e ein fan maaie of begjin fan juny, wylst de trek yn septimber begjint.
Status en bedriging De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet. Oannommen wurdt dat de populaasje te lijen hat fan krimp, mar net sa bot dat de soarte as bedrige beskôge wurde moat. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan de Natuer neamt de soarte as net bedrige (Least Concern, LC). De wrâldpopulaasje is net rûsd, mar yn geskikt biotoop soe de fûgel frij gewoan wêze.
Namme De wittenskiplike soartenamme fan 'e tristramgoars earret de Britske ornitolooch en pryster Henry Baker Tristram (1822-1906).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Goars Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam