De rustgoars of roastgoars (Emberiza caesia) is in fûgel dy't ta de famylje fan 'e goarsfûgels heart. De fûgel briedt lâns kustgebieten yn it eastlike part fan 'e Middellânske See en oerwinteret benammen yn Sûdan yn Afrika. Ut en troch wurdt er noardlik fan syn ferspriedingsgebiet waarnommen. De rustgoars is nau besibbe oan 'e nôtfink en de stiengoars. De IUCN klassifisearret him as net bedrige (Least Concern, LC).

Skaaimerken De fûgel wurdt likernôch 14 oant 15,5 sintimeter lang en is wat lytser as de nôtfink, dêr't er wat foarm en fearrekleed oanbelanget op liket. It briedende mantsje ferskilt fan 'e nôtfink troch de grize kop, dy't net oliifkleurich is, en syn oranjekleurige snorstreek en kiel ynstee fan 'e gielkleurige. De dúdlike eachring is wyt, net giel. De boppesturt is effen readbrún en oars as de streke grize boppesturt fan 'e nôtfink. It wyfke liket op it mantsje, mar is minder fel fan kleur.

Fersprieding en systematyk De rustgoars briedt oan kustgebieten oan 'e eastlike kant fan 'e Middellânske See, mear bepaald yn súdwestlik Albaanje, it grutste part fan Grikelân, Kreta, it grutste part fan it kustgebiet fan westlik en súdlik Turkije, Syprus, westlik Syrje, Libanon, westlik Jordaanje, noardlik Israel, Palestina en mooglik ek noardwestlik Irak. Winterdeis trekt er nei Sûdan, dêr't er sawol oan 'e kust as oan 'e Nyldelling foarkomt. Alteast earder waard er ek yn Eritreä waarnommen. Guon eksimplaren binne ek oantroffen yn súdlik Egypte en noardwestlik en súdwestlik Saûdy-Araabje.

De rustgoars is in seldsume dwaalgast yn West-Jeropa.

Sibskip De rustgoars is tige besibbe oan 'e nôtfink (Emberiza hortulana). Tegearre mei de Smyrnagoars (Emberiza cineracea) en stiengoars (Emberiza buchanani) foarmet de rustgoars in sustergroep yn it skaai.

Ekology De rustgoars briedt op sinnige hellingen dêr't strûken steane. Hy libbet benammen lâns de kust of op eilannen, en briedt meast op in legere hichte as de tige besibbe stiengoars. De fûgel leit fjouwer oant seis aaien yn in nêst dat op 'e grûn boud wurdt. Simmerdeis yt de fûgel ynsekten en de rest fan it jier libbet er fan sied.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de Ynternasjonale Uny foar Natuerbeskerming (IUCN) klassifisearret de soarte as net bedrige. De ûntwikkeling fan 'e populaasje is lykwols net dúdlik. In tige hoeden rûzing giet út fan 271.000 oant 531.000 folwoeksen fûgels.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Goars Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije