De Sokotragoars (Emberiza socotrana) is in fûgelsoarte yn 'e famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae). De fûgel is endemysk op it eilân Sokotra yn 'e Yndyske Oseaan.

Ferskining thumb|left|De Sokotragoars neffens in tekening fan Henrik Grönvold út The Natural History of Sokotra and Abd-el-Kuri. De Sokotragoars is mei syn 13 sintimeter lichemslingte in relatyf lytse goars. De kop is swart-wyt streke, de boppekant readbrún en de ûnderkant wyt mei in readeftige tint op it boarst. Yn 'e flecht is in wyteftige bân dwers oer it ûnderste part fan 'e rêch te sjen. De soartgelikense berchgoars (Emberiza tahapisi) hat donkere wjukdekfearren, in swarte kiel, in donkere ûnderkant en mist de wite bân oer de rêch.

Fersprieding en systematyk De fûgel briedt allinnich yn heechlizzende gebieten op it eilân Sokotra foar de kust fan Jemen, dêr't er op likernôch fyftjin plakken foarkomt. De measte briedplakken lizze yn it Hajhirberchtme en yn bercheftige gebieten yn it uterste westen fan it eilân. Winterdeis binne kloften fûgels yn leger lizzende kustgebieten en it noarden fan it eilân waarnommen.

De soarte wurdt as monotypysk beskôge, dat wol sizze dat er net yn ûndersoarten ferdield wurdt.

Taksonomy De soarte wurdt tradisjoneel yn it skaai Emberiza yndield, mar guon taksonomyske autoriteiten hawwe Emberiza no opdield yn ferskate lytsere skaaien. De Sokotragoars en de oare Afrikaanske goarzen wurde yn dat gefal yn it skaai Fringillaria yndield.

Ekology De Sokotragoars briedt yn heechlizzende gebieten, nei alle gedachten op in hichte tusken de 500 en 1.200 meter, op rûch terrein mei kliffen en rotsblokken yn 'e buert fan graniten toppen. Syn foerazjeargedrach is noch foar in grut part ûnbekend, mar hy is sjoen wylst er ferskate soarten sied yt. Ek oer it briedgedrach is net in soad bekend. Der wurdt tocht dat it briedseizoen fan novimber oant febrewaris rint en it is mooglik dat de fûgel foar in part yn koloanjes briedt.

Status Oant en mei 2016 klassifisearre de Ynternasjonale Uny foar Natuerbehâld de soarte op basis fan it tige beheinde ferspriedingsgebiet as kwetsber (Vulnerable, VU). Om't de populaasje stabyl liket te wêzen en der op it stuit gjin streekrjocht bedrigingen foar de soarte binne, wurdt er sûnt 2017 beskôge as gefoelich (Near Threatened, NT) klassifisearre. De wrâldpopulaasje wurdt rûsd op sa'n 2.500 folwoeksen fûgels.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Goars Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen