De Marije-eilânske mûs of Tres-Maríasmûs (wittenskiplike namme: Peromyscus madrensis) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e Noardamerikaanske mûzen en rotten (Neotominae), de tûke fan 'e hartemûzen (Reithrodontomyini) en it skaai fan 'e wytpoatmûzen (Peromyscus). Dit bistke is yn Meksiko endemysk op 'e Marije-eilannen. It is in nachtdier mei in omnivoar dieet. Hoewol't de Marije-eilânske mûs by syn ûntdekking yn 1898 rûnom op 'e eilannen foarkaam, is er troch minskllik tadwaan yn 'e knipe kommen. De IUCN klassifisearret dizze soarte as bedrige.

Taksonomy De Marije-eilânske mûs waard foar it earst yn 1898 wittenskiplik beskreaun troch de foaroansteande Amerikaanske mammalooch C. Hart Merriam. Fan 'e wittenskiplike namme dy't er it bistke joech, Peromyscus madrensis, betsjut de skaainamme Peromyscus yn it Gryksk safolle as "mûs mei learzens oan", wat ferwiist nei de ljochter kleure (bealch en) poaten fan 'e soarten yn dit skaai. It soartspesifike diel, madrensis, is Latyn en betsjut "fan de mem", in ferwizing nei it eilân María Madre, dat ferneamd is nei Marije, de mem fan Jezus.

Lange tiid waard de Marije-eilânske mûs as in ûndersoarte fan 'e strewelmûs (Peromyscus boylii) beskôge, en pas yn 1977 krige er erkenning as in selsstannige soarte. Tsjintwurdich wurdt in nauwere sibskip mei de Nayaritmûs (Peromyscus simulus) fermoede, dy't deunby op it fêstelân fan Meksiko foarkomt. De beide soarten moatte har eigen wegen gien wêze yn it Pleistoseen, doe't de Marije-eilânske mûs op 'e Marije-eilannen isolearre rekke fan 'e populaasje op it fêstelân. It is net alhiel dúdlik hoe't dat krekt yn syn wurk gien is. It is mooglik dat de foarâlden fan 'e Marije-eilânske mûs op wrakhout of driuwtillen de eilannen oer see berikt hawwe, mar it kin ek wêze dat se de eilannen mei drûge poatsjes berikt hawwe doe't it seenivo yn 'e iistiden folle leger stie en de Marije-eilannen troch in lânbrêge mei it fêstelân ferbûn wiene.

Fersprieding De Marije-eilânske mûs is endemysk op 'e Marije-eilannen of Tres Marías ("Trije Marijen"), in lytse arsjipel dy't deun foar de westkust fan Meksiko yn 'e Stille Oseaan leit. De trije grutste eilannen, María Madre, María Magdalena en María Cleofas, binne ferneamd nei Marije, de mem fan Jezus, Marije Magdalena, resp. Marije fan Klopas, trije bibelske persoanen út it Nije Testamint. De arsjipel heart ta de steat Nayarit.

Uterlike skaaimerken De Marije-eilânske mûs is mânsk foar in mûs, mei de grutte fan in lytse rôt. It soe in foarbyld fan eilânreuzegroei wêze kinne, al is dat noch net alhiel dúdlik. Dit bist hat trochinoar in kop-romplingte fan 21–25 sm, mei in sturtlingte fan 10–13 sm. Oer it gewicht is gjin ynformaasje bekend. De earkes binne frij lyts, wylst de eachjes grut, rûn en swart binne. De wyfkes hawwe 6 oerkes.

De pels hat op 'e boppeste lichemsdielen (kop, nekke, rêch en siden) in ljochtbrune oant readbrune kleur. Op nei de ûnderrêch sit in dizenige streek fan dûnkerder hier. De ûnderste lichemsdielen (kin, kiel, boarst, bealch en poatsjes) binne witich. De sturt is fierhinne keal, mar de hûd is dêr dúdlik dûnkerder oan 'e boppekant as oan 'e ûnderkant. De útein (it lêste trêdepart) is ienkleurich dûnkerbrún.

Eksimplaren fan it eilân María Cleofas binne grutter as yndividuën fan María Madre. Yn ferhâlding ta oare soarten wytpoatmûzen is de Marije-eilânske mûs grutter fan stal, mei in langere sturt, lytsere earen en in koartere penis. It is lykwols de iennichste wytpoatmûs op 'e Marije-eilannen en kin sadwaande net mei oare soarten betize wurde.

Biotoop Marije-eilânske mûzen komme benammen foar yn tropysk wâld dat net fersteurd is troch minsklike aktiviteiten, yn 't bysûnder yn it heger leine binnenlân fan 'e eilannen.

Hâlden en dragen Oer it hâlden en dragen fan 'e Marije-eilânske mûs is noch net sa'n protte bekend. Krekt as hast alle oare wytpoatmûzen is it in nachtdier. De oeren fan deiljocht bringt er oer it algemien troch yn syn nêst, dat er oanleit op beskutte plakken, lykas ûnder omfallen beammen of yn rotsspjalten.

Wat syn dieet oanbelanget, is de Marije-eilânske mûs in omnivoar dy't fret wat der beskikber is, ôfhinklik fan 'e tiid fan 't jier. Hoewol't er datoangeande swier linet op plantaardich guod, lykas sieden, fruchten en nuten, follet er syn menu oan mei ynsekten, spinnen en oar wringeleas dierte.

Status De Marije-eilânske mûs hat de IUCN-status fan "bedrige". Doe't de soarte yn 1898 foar it earst beskreaun waard, kaam er op 'e Marije-eilannen rûnom foar. Mar yn 1991, doe't er ûndersyk dien waard nei de sitewaasje, bliek de populaasje gâns tebekrûn te wêzen. De oarsaken foar dy weromgong wiene net iens sasear minsklike aktiviteiten op 'e eilannen, mar ynstee troch de minske yntrodusearre eksoaten, te witen: de swarte rôt (Rattus rattus), harten en geiten. De swarte rôt konkurrearret mei de Marije-eilânske mûs om fretten en libbensromte, wylst it weidzjen fan 'e harten en geiten de fegetaasje op 'e eilannen danich oantaast hat.

Op María Madre, it iennichste troch minsken bewenne eilân fan 'e arsjipel, wie de Marije-eilânske mûs yn 1991 fierhinne ferkrongen troch de swarte rôt, sadat er dêr seldsum wurden wie en inkeld noch libbe yn 'e ûnherberchsumste kriten. Op it eilân María Magdalena liek de Marije-eilânske mûs doe al hielendal útstoarn te wêzen, wylst it der optilde fan 'e rotten. Op María Cleofas en it lytse eilantsje San Juanito, oan 'e beide úteinen fan 'e eilannestring, kamen Marije-eilânske mûzen noch wol in protte foar om't dêr't gjin rotten libje.

Undersoarten De Marije-eilânske mûs is in monotypyske soarte, wat ynhâldt dat der gjin ûndersoarten erkend wurde.

Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Wytpoatmûs Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Bedrige sûchdier