De swartwanggoars (Emberiza cabanisi) is in Afrikaanske fûgel út 'e famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae), yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).

Skaaimerken De swartwanggoars hat, lykas ferskate oare Emberiza-goarzen yn Afrika, in goudgiele ûnderkant en in dúdlik tekene kop. Oars as de oare soarten hat er in folslein swart wang sûnder streken ûnder it each. De súdlike ûndersoarten (cognominata en orientalis, sjoch hjirûnder) binne oan 'e boppekant ljochter, mei in smelle en bleke sintrale krúnstreek en brede kastanjebrune rânen oan 'e rêch- en wjukfearren. De noardlike ûndersoarte (de nominaatfoarm) is oan 'e boppekant donkerder en hat in folslein swarte krún. It wyfke is minder sterk tekene. De sang wurdt yn 'e Ingelsktalige literatuer omskreaun as in "wee-chidder-chidder-wee", wylst de rop in dúdlik "tsseeoo" is.

Fersprieding en systematyk De swartwanggoars wurdt meastentiids ferdield yn trije ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

Emberiza cabanisi cabanisi – komt foar fan Sierra Leöane oant súdlik Sûdan en noardwestlik Uganda; Emberiza cabanisi cognominata – komt foar fan Gabon, Kongo-Kinsjasa en Angoala oant westlik Simbabwe; Emberiza cabanisi orientalis – komt foar fan Tanzania oant eastlik Simbabwe en Mozambyk.

De neiste sibben fan 'e swartwanggoars binne de gielbúkgoars (Emberiza flaviventris) en de Somalyske goars (Emberiza poliopleura). De taksa orientalis en cognominata kinne mooglik in aparte soarte foarmje.

Skaaiyndieling De soarte wurdt fanâlds yn it skaai (Emberiza) pleatst, mar guon taksonomyske autoriteiten hawwe Emberiza tsjintwurdich opdield yn ferskate lytsere skaaien. Guon taksonomyske autoriteiten helje de swartwanggoars en de oare Afrikaanske goarzen út Emberiza en pleatse se yn it skaai Fringillaria.

Hâlden en dragen De swartwanggoars komt foar yn fochtige savannes en iepen bosken. It iten bestiet út ynsekten, benammen lytse gaanders, en gerssied. De fûgel briedt yn july en augustus yn West-Afrika en benammen yn oktober en novimber yn sintraal-súdlik Afrika. De soarte is foar it meastepart in stânfûgel.

Status en bedrigingen De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje dy't stabyl is. Op grûn fan dizze kritearia klassifisearret de Ynternasjonale Uny foar Natuerbeskerming de soarte as net bedrige (Least Concern, LC). De wrâldpopulaasje is net rûsd, mar de soarte wurdt omskreaun as algemien oant seldsum.

Namme De wittenskiplike soartnamme earet Jean Louis Cabanis (1816–1906), in Dútske ornitolooch dy't yn 1853 it tydskrift Journal für Ornithologie oprjochte.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Goars Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe