Gerrit Nicolaas van Haersma de With (Ljouwert, 24 desimber 1863 – Groenlo, 10 april 1901) wie in Nederlânske boargemaster.
Biografy De With wie lid fan de net-adelike tûke fan de famylje De With en de soan fan Jan Minnema van Haersma de With (1825–1904) en Antje Hoitinga Mulier (1827–1883). Yn 1890 troude er mei Amelia Gerardina van Andringa de Kempenaer (1871–1961) — lid fan de adelike tûke fan de famylje De Kempenaer en dochter fan boargemaster Imilius Josinus Hendrik Willem van Andringa de Kempenaer (1844–1895) — mei wa't er in dochter en in soan krige.
Fan 1889 oant 1893 wie De With boargemaster fan Sleat, foardat er boargemaster fan Groenlo waard. Hy stoar yn dy lêste gemeente yn syn amt doe't er noch mar 37 jier wie. Syn widdo troude yn 1914 op 'e nij mei Gerrit Willem Eekhout (1866–1931), fise-presidint fan de arrondissemintsrjochtbank fan Amsterdam en lid fan de foar in part aadlike famylje Eekhout; sy oerlibbe har earste man mei sechstich jier.
Yn 1961 krige De With postúm tastimming foar in offisjele nammewiziging nei Van Haersma de With.
Kategory:Frysk politikus Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:Boargemaster fan Sleat Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1863 Kategory:Persoan stoarn yn 1901