De Mantsjoerijske goars (Emberiza jankowskii) is in bedrige Eastaziatyske fûgel út 'e famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae) yn it skift moskeftigen (Passeriformes).
Skaaimerken thumb|left|Tekening fan 'e soarte troch John Gerrard Keulemans. De Mantsjoerijske goars is in 16 sintimeter lange readbrune goars mei in dúdlike koptekening, dúdlike streken op 'e mantel, wite wjukbannen en in bleke ûnderkant. De fearkes by it ear binne griis, lykas ek it midden fan it boarst. It mantsje yn briedkleed hat in ovale, donker kastanjebrune plak op 'e búk.
Fersprieding en systematyk Histoarysk kaam de Mantsjoerijske goars foar yn Sina, it uterste noardeasten fan Noard-Koreä en it oangrinzgjende part fan Ruslân. Tsjintwurdich is de soarte benammen bekend út it noardeasten fan Sina en it súdeasten fan MongoaljeOrnithomedia: Découverte d’une population nicheuse de Bruants de Jankowski en Mongolie, 25 juny 2020., dêr't er foarkomt yn gerslannen en strûkgebieten fan 'e tuskenbeide klimaatsône. Yn Sina binne ferskillende nij plakken mei briedpopulaasjes fêststeld. Yn it Russyske Fiere Easten briedde de soarte oant yn 'e jierren 1970, mar dêr is er sûnt net mear waarnommen. Ek yn Noard-Koreä is al jierren gjin betroubere ynformaasje oer de hjoeddeiske sitewaasje. De noch besteande populaasjes binne lyts en ferspraat, en it briedgebiet is tige fragmintearre. De Mantsjoerijske goars wurdt as monotypysk beskôge, dat wol sizze dat er net yn ûndersoarten ferdield wurdt. De neiste sibben yn it skaai Emberiza binne de grize goars (Emberiza cia), de rotsgoars (Emberiza godlewskii) en de greidegoars (Emberiza cioides).
Ekology De Mantsjoerijske goars briedt yn iepen gebieten op lege hichten, meast yn gerslannen mei ferspraat steande strûken of lytse beammen op sânige boaiem. It briedseizoen rint fan ein april oant ein july. It wyfke leit fjouwer oant sân aaien, dy't 11–14 dagen bebret wurde.
Status De Mantsjoerijske goars wurdt bedrige troch ferlies en fragmintaasje fan it leefgebiet. Eardere rûzingen fan 'e populaasje wiene basearre op beheinde ûndersiken en kamen út op mar 200–500 pearkes. Ut wiidweidiger ûndersyk die lykwols bliken dat der mear populaasjes binne as earder bekend wie. De Sineeske populaasje wurdt rûsd op sa'n 9.800 oant 12.500 yndividuen.
It geskikte briedgebiet is lykwols beheind ta sa'n 280 km² en de soarte is út it grutste part fan syn eardere briedgebiet ferdwûn. De populaasje stiet dêrom noch jimmeroan ûnder druk troch habitatdegradaasje en -fragmintaasje. De Ynternasjonale Uny foar Natuerbeskerming klassifisearret de soarte as bedrige (Endangered, EN).Cambridge University Press: Updated breeding distribution and population status of Jankowski’s Bunting Emberiza jankowskii in China, 14 desimber 2017
Namme De wittenskiplike soartenamme earet Michał Jankowski (1842–1912), in Poalsk natuerûndersiker dy't fan 1863 oant 1903 yn Sibearje wurke.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Goars Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina