De brúnstútgoars (Emberiza affinis) is in Afrikaanske fûgel út 'e famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae), yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).

Skaaimerken De brúnstútgoars is in lytse (13–15 cm) goarsfûgel mei in frij tinne snaffel, in soad wyt yn it antlit en in folslein giele ûnderkant. De soarte ûnderskiedt him fan alle oare Afrikaanske goarsfûgels troch syn egaal brune rêch en it ûntbrekken fan wite wjukbannen. De koptekening liket it meast op dy fan 'e Somalyske goars (Emberiza poliopleura), mei bredere wite streken as by de gielbúkgoars (Emberiza flaviventris).

Fersprieding en systematyk De brúnstútgoars wurdt ferdield yn fjouwer ûndersoarten:

Emberiza affinis nigeriae – komt foar yn Gambia, Nigearia en noardlik Kameroen Emberiza affinis vulpecula – komt foar yn Kameroen, súdlik Tsjaad en it oangrinzgjende noarden fan 'e Sintraal-Afrikaanske Republyk Emberiza affinis affinis – komt foar yn Súd-Sûdan, noardeastlik Kongo-Kinshasa, noardlik Oeganda en noardwestlik Kenia; de populaasje yn súdeastlik Sûdan en noardwestlik Etioopje heart wierskynlik ek ta dizze ûndersoarte Emberiza affinis omoensis – komt foar yn súdlik Etioopje

Skaaiyndieling De brúnstútgoars wurdt fanâlds yn it skaai Emberiza pleatst, mar guon taksonomyske autoriteiten hawwe Emberiza tsjintwurdich opdield yn ferskate lytsere skaaien. Dizze soarte en de oare Afrikaanske goarsfûgels wurde dêrby yn it skaai Fringillaria yndield.

Libbenswize De brúnstútgoars komt foar yn drûge en healdrûge savannes, mar ek oan 'e rânen fan bosken by rivieren en lokaal yn 'e omkriten fan doarpen. It iten fan eksimplaren út 'e Demokratyske Republyk Kongo bestie út ynsekten, wêrûnder termiten, mar fûgels yn finzenskip ite ek sied. Oer de briedbiology is mar in bytsje bekend. Der wurdt fan útgien dat de soarte foar it meastepart in stânfûgel is.

Status en bedrigingen De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar nei alle gedachten nimt it oantal ôf. De ôfname is lykwols net sterk genôch om de soarte as bedrige te beskôgjen. De Ynternasjonale Uny foar Natuerbeskerming|IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, LC). De wrâldpopulaasje is net rûsd, mar de soarte wurdt omskreaun as net seldsum oant seldsum.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Goars Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda