The Terminal is in Amerikaanske komeedzjedramafilm út 2004 ûnder rezjy fan Steven Spielberg, mei yn 'e haadrollen Tom Hanks, Stanley Tucci en Catherine Zeta-Jones. De titel betsjut "De Terminal", ferwizend nei in lofthaventerminal, ek wol bekend as in oankomst- en ôfreishal. It ferhaal giet oer in Eastjeropeaan dy't fêst komt te sitten yn 'e terminal fan 'e Ynternasjonale Lofthaven John F. Kennedy yn New York, om't troch in steatsgreep yn syn heitelân syn paspoart ûnjildich wurden is. Hy kin dêrtroch de Feriene Steaten net yn, mar hy kin likemin weromreizgje nei syn eigen lân. The Terminal krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen.
Plot Viktor Navorski, in reizger út it (fiktive) Eastjeropeeske lân Krakoazje, arrivearret op 'e Ynternasjonale Lofthaven John F. Kennedy yn New York. Hy wurdt lykwols troch de Amerikaanske dûane tsjinholden om't der in probleem mei syn paspoart is. It docht bliken dat der, wylst Navorski ûnderweis wie, in steatsgreep plakfûn hat yn Krakoazje. Mei't de Feriene Steaten it nije rezjym net erkenne, binne alle paspoarten fan Krakoazyske boargers ûnjildich ferklearre. Dat betsjut dat Navorski de Feriene Steaten net yn mei. Mar it betsjut ek dat er net mei in fleantúch ôfsette kin fan 'e lofthaven. U.S. Customs and Border Protection (CBP), de Amerikaanske dûanetsjinst, nimt dêrom sawol syn paspoart yn as syn it fleanticket dêr't er mei weromfleane soe.
Frank Dixon, de pleatsferfangend fjildkommissaris fan CBP foar de Ynternasjonale Lofthaven John F. Kennedy, dielt Navorski mei dat der foar him neat oars op sit as om yn 'e ynternasjonale flechtterminal te bliuwen oant de kwestje oplost is. De ferwachting is dat soks mei in pear dagen wol klear wêze sil. Mei't syn Krakoazyske jild op 'e lofthaven weardeleas is en der yn 'e terminal gjin jildwikselkantoar is, kriget Navorski in steapeltsje bonnen fan Dixon dêr't er iten en drinken mei betelje kin. De knoffelige Navorski ferliest dy lykwols frijwol fuortendaliks. Hy bliuwt efter mei de klean dy't er oan hat, syn koffer en in blikje pinda's fan it merk Planters dat er tige krekt by him hâldt. It idee dat syn probleem mei in pear dagen oplost wêze sil, blykt in yllúzje: om't de oanhingers fan it oarspronklike regear weromfjochtsje tsjin 'e útfierders fan 'e steatsgreep, ûntstiet der yn Krakoazje in boargeroarloch dy't moannenlang oanhâldt. Al dy tiid sit Navorski fêst yn 'e terminal.
Navorski fynt in gate dy't noch yn oanbou is. Dêr skroevet er yn 'e wachtromte in pear rigen stuollen los fan 'e flier en ferwideret de earmlinings sadat er der in provisjoneel bêd fan meitsje kin. Hy yt yn 't earstoan wat er fergees krije kin: lytse crackerkes dy't er besmaard mei ketchup en moster út pakjes dy't iepenskuord wurde moatte. Nei in pear dagen ûntdekt er dat er jild fertsjinje kin troch de bagaazjekarkes, dy't passazjiers oeral yn 'e terminal omsweve litte, werom te bringen nei it plak dêr't se hearre. Foar elts oanbrocht karke spuit de automaat in kwartsje út. Dêrmei fertsjinnet Navorski genôch om yn 'e restaurants yn 'e terminal ite en drinke te kinnen. Om 'e taalkleau te oerbrêgjen, keapet er by in boekhannel yn 'e terminal ek in pear reisgidsen oer New York: ien yn it Krakoazysk en presys sa'nent yn it Ingelsk. Troch de teksten te ferlykjen, leart er himsels Ingelsk.
Underwilens is it Dixon in stikel yn 'e foet dat Navorski yn 'e terminal wennet. Om't er yn 'e running is foar in promoasje wurdt er wat langer wat mear wisberet om fan 'e ferfelende Krakoazjer ôf te kommen troch him ta it probleem fan immen oars te meitsjen. Hy besiket Navorski derta te ferlieden om 'e terminal yllegaal te ferlitten troch de dûaniers by de haadyngong fan har post te roppen. Hy hat de ymmigraasjetsjinst al ynseind, sadat Navorski oppakt wurde sil sadree't er him bûtendoar weaget. Mar Navorski rûkt ûnrie as er merkt dat in befeiligingskamera by de haadyngong (dy't Dixon brûkt om him yn 'e gaten te hâlden) al syn bewegings folget. Dat, hy bliuwt moai binnendoar en it plantsje fan Dixon mislearret. Letter besiket Dixon om Navorski safier te krijen dat er asyl yn 'e Feriene Steaten oanfreget om't syn libben faai stean soe yn Krakoazje, mar Navorski wegeret om in kwea wurd oer syn leave heitelân te sprekken.
Om Navorski it ferbliuwen yn 'e terminal dreger te meitsjen, sadat er mear motivearre wêze sil om mei te wurkjen om derwei te kommen, lit Dixon in nije wurknimmer oannimme dy't spesjaal ta taak hat om 'e omswevende bagaazjekarkes op te romjen. Dat betsjut dat Navorski gjin tagong mear hat ta eigen ynkomsten en dus gjin iten en drinken mear keapje kin. Hy is neitiid wer feroardiele ta it drinken fan wetter út 'e kraan yn 'e húskes en it iten fan crackers mei ketchup en moster.
Eltse dei tsjinnet Navorski in oanfraach yn om yn 'e Feriene Steaten talitten te wurden, dy't eltse dei troch deselde froulike dûanier, Dolores Torres, ôfwiisd wurdt. Meitiid krije se in freonskiplike relaasje. Dat wurdt opmurken troch Enrique Cruz, in wurknimmer dy't iten en drinken fan 'e catering nei de ôfsettende fleantugen bringt en de oerstallige mielen fan arrivearre fleantugen ôffiert. Hy is al langere tiid smoarfereale op Torres, mar is te bleu om har oan te sprekken. Mei't Navorski dochs al eltse dei mei har praat, beslút Cruz en brûk de Krakoazjer om Torres te hifkjen oer wêr't se al en net fan hâldt, om him te helpen by syn hofmakkerij. Yn ruil foar syn help foarsjocht Cruz Navorski fan al it iten dat er mar op kin. De keppelderij fan Navorski berikt in hichtepunt as er Torres in doaske mei in ferlovingsring bringt en it boadskip dat har mysterieuze oanbidder yn 'e kantine op har wachtet. Ien en oar liedt lang om let ta in trouwerij dy't foar in diel yn 'e terminal plakfynt.
Fia Cruz kriget Navorski ek kunde oan dy syn maten Joe Mulroy, in Afro-Amerikaanske bagaazjewurker, en Gupta Rajan, in Yndiaaske skjinmakker op jierren. (Mei dy lêste hie Navorski it yn 'e iere dagen fan syn twongen ferbliuw yn 'e terminal ferskate kearen oan 'e stôk, mei't Rajan derfan oertsjûge wie dat hy in spion foar de CIA wie.) Mei dy trije mannen spilet Navorski jûns poker, wêrby't de ynset foarme wurdt troch bagaazje-items dy't nea ophelle binne. Underwilens komt er troch in rige moetings ek hieltyd better yn 'e kunde mei Amelia Warren, in oantreklike stewardess dy't de mêtresse is fan in troude oerheidsfunksjonaris. Navorski kriget ek wer betelle wurk nei't er op in nacht út ferfeling, yn in diel fan 'e terminal dêr't in ferbouwing oan 'e gong is, in wand reparearret mei it ark en reau dat de boufakkers dêr't lizze litten hawwe. Hy leveret sok goed wurk, dat de foarman dy't him de oare deis moarnsier trappearret, him fuortendaliks oannimt en swart betellet.
Krekt as de superieuren fan Dixon delkomme foar in ynspeksje, ûntstiet der rebûlje troch in Russyske reizger, in Milodragovitsj. Dyselde hat yn Kanada djoere medisinen kocht om it libben fan syn deasike heit te rêden, mar hy hat net de juste dokuminten om 'e medisinen oer lânsgrinzen hinne te ferfieren. Milodragovitsj, dy't gjin Ingelsk sprekt, wegeret begryplikerwize de medisinen ôf te stean. Om 'e ympasse om te lossen foar't de ynspekteurs der lucht fan krije, hellet Dixon Navorski derby, dy't Russysk sprekt, om as tolk te fungearjen. Wannear't Navorski oan Milodragovitsj útleit wat der oan 'e hân is, lit dyselde op him op 'e knibbels falle om Dixon te smeken de hân oer it hert te striken, mar Dixon bliuwt ûnfermurwber. Navorski hat mei de man te dwaan, en om't er sa stadichoan alle fergese brosjueres dy't op 'e lofthaven te krijen binne, út 'e holle ken, wit er dat de beheinings foar it ferfier fan medisinen dy't bedoeld binne foar minsklik gebrûk, net jilde foar feterinêre medisinen. Hy oppenearret dêrom dat er Milodragovitsj ferkeard begrepen hat, om't de wurden foar "heit" en "geit" yn it Russysk tige opinoar lykje soene. Mar de medisinen, sa beseft er no, binne bedoeld foar de geit (en net foar de heit) fan Milodragovitsj. Dixon wit krekt wat Navorski by de ein hat, mar as er Milodragovitsj freget oft dat wier is, falt dyselde Navorski fansels by. De útkomst is dat Milodragovitsj it fleantúch nei Ruslân nimme kin mei de medisinen foar syn geit. Mar de fernedere Dixon is poer oer de hiele kwestje en uteret bedrigings tsjin Navorski dy't krekt opfongen wurde troch de skodholjend ôfsettende ynspekteurs.
Gupta Rajan ferspriedt neitiid ûnder it personiel fan 'e lofthaven in alternative ferzje fan it barren, mei Navorski as ûnferskrokken ferdigener fan 'e helpeleazen. It hat mar in hiel lyts bytsje wei fan wat der echt bard is, mar it giet as diggelfjoer troch de lofthaven en Navorski wurdt fan dat stuit ôf troch de sljochtwei wurknimmers as in held sjoen, dy't op alderhanne wize let en set wurde moat. Letter hat Navorski in ôfspraakje mei Amelia Warren yn 'e terminal, wêrby't syn freonen Rajan, Mulroy en Cruz as obers en kok fungearje. Wannear't se oppipe wurdt troch har troude frijer bepraat Navorski har om 'e piper fuort te smiten. Letter fertelt se him dat se it mei har minner útmakke hat.
Wannear't Amelia in twadde ôfspraakje mei Navorski pland hat, wurdt se troch Dixon opfongen en apart nommen. Hy befreget har oer har krekte relaasje mei Navorski, en pas dan kriget sy foar it ferstân dat Navorski net samar in man is dy't in protte mei it fleantúch reizget en dy't se hieltyd by tafal op 'e lofthaven treft, mar dat er dêr wennet. Neitiid siket se him lulk op foar in konfrontaasje, om't se mient dat er har mei opsetsin mislaat hat. Mar as se mei Navorski praat, rekket se derfan oertsjûge dat it hiele misferstân fuortkommen is út 'e taalkleau dy't tusken harren beiden bestiet. It pindablik dêr't Dixon har ek oer ûnderstien hat, blykt Navorski fan syn koartby ferstoarne heit urven te hawwen. Syn heit wie in jazz-fan, dy't yn 1958 in ôfdruk fan 'e foto A Great Day in Harlem (in groepsfoto mei hast alle grutte Afro-Amerikaanske jazzmuzikanten út dy tiid) yn in Hongaarske krante stean seach. Hy bewarre de foto en makke it ta syn libbenswurk om 'e hantekenings fan alle 57 muzikanten op 'e foto te sammeljen. Doe't er stoar, miste inkeld noch de hantekening fan saksofonist Benny Golson, en Navorski ûnthiet syn heit op dy syn stjerbêd dat hy nei New York reizgje soe om 'e lêste hantekening te heljen. Wannear't Navorski it pindablik iependocht, blykt it fol te sitten mei it oarspronklike kranteknipsel en de 56 hantekenings dy't syn heit troch de jierren hinne gearfandele hat. It oprjochte ferhaal grypt Amelia sa oan, dat se Navorski tutet.
In skoftke letter, wannear't Navorski njoggen moannen yn 'e terminal wenne hat, dogge de media ferslach fan 'e ein fan 'e boargeroarloch yn Krakoazje. De dieders fan 'e steatsgreep en harren oanhingers binne ferslein en it oarspronklike regear is wer oan 'e macht kommen. Navorski fiert feest mei syn freonen yn 'e terminal. Hy wurdt opsocht troch Amelia, dy't him fertelt dat har troude frijer, dy't in hege post yn 'e Amerikaanske amtnerij beklaait, op har fersyk in needfisum foar him regele hat, dat ien dei jildich is. Dat moat genôch wêze om Golson syn hantekening op te heljen sadat er neitiid werom nei hûs kin. It docht lykwols bliken dat Amelia yn ruil foar dizze geunst wer de mêtresse fan 'e hege amtner wurden is. Se seit dat se net better fertsjinnet en brekt dêrmei Navorski syn hert, mar hy kin it har net ûntprate.