Skyros (Gryksk: Σκύρος) is it súdlikste eilân fan 'e Grykske eilannegroep fan 'e Sporaden, hast midden yn 'e Egeyske See, 37 km noardeastlik fan Euboia. Mei in oerflak fan 209 km² is it it grutste eilân fan 'e Sporaden. It hat sa'n 3.000 ynwenners (2003). Skyros heart ta de regio Midden-Grikelân.
Yn it twadde millennium foar Kristus en fuort neitiid stie it eilân bekend as it "Eilân fan 'e Magneten", dêr't de Magneten wennen.
Geografy Skyros bestiet út twa dielen dy't troch in lytse lânbrêge meiïnoar ferbûn binne. It noardlike part fan it eilân is beboske. Dêr leit ek it heechste punt, de berch Olympus, mei in hichte fan 792 meter. It súdlike part, dêr't de berch Kochila dominearret, is keal en rotsich. Op it eilân is in soad moarmer te finen mei kleure ieren. thumb|left|Rupert Brooke-monumint fan 'e "Ivige poezij". De haadstêd fan Skyros hjit ek Skyros, en wurdt lokaal ek Chora neamd. De stêd leit, krekt as yn 'e Aldheid, oan 'e eastkant fan it noardwestlike diel fan it eilân. Yn 'e omkriten leit de haven Achilleios, hjoed-de-dei Achili neamd. De wichtichste haven oan 'e westkant fan it eilân is Linaria.
Op it eilân stiet in kastiel (kastro) dat weromgiet op 'e Fenesiaanske besetting fan 'e 13e oant de 15e iuw. Der is ek in Byzantynsk kleaster, it kleaster fan Sint-Joaris, en yn 'e haven fan Tris Boukes leit it grêf fan 'e Ingelske dichter Rupert Brooke. Fierders is der by Palamari in argeologysk opgravingsplak út de Brûnstiid. thumb|left|Skyros-pony's. Oan 'e kust binne in soad strannen. It eilân hat ek in eigen ponyras, de ferneamde Skyros-pony.
Skyros is mei de fearboat te berikken fan Kými op Euboia. Súdlik en súdwestlik fan it eilân lizze fjouwer lytsere eilannen: Skyropoula, Erinia, Valaxa en Sarakino.
Skiednis As de âldste bewenners fan Skyros wurde de Pelasgen, Karers en Dolopen neamd. Dêrom waard it eilân yn 'e Aldheid ek wol Pelasgia of Dolopia neamd.
Neffens de myte waarden de Dolopen yn 'e tiid koart foar de Trojaanske Oarloch troch kening Lykomedes bestjoerd. Neffens de ferhalen soe Achilles in skoft by him op Skyros ferbleaun wêze. Mei Deidameia, in dochter fan Lykomedes, krige Achilles in soan, Neoptolemos.
Pas yn lettere ferhalen wurdt ferteld dat Achilles, om de Trojaanske Oarloch te mijen, him yn frouljusklean ferstoppe hat tusken de dochters fan kening Lykomedes. Neffens de Ateenske mytology wie it ek op Skyros dat Achilles de moard op Theseus wreke. Theseus soe op it eilân fermoarde wêze.
Yn 475 foar Kristus waard in ekspedysje ûnder lieding fan Kimon nei Skyros stjoerd. It doel wie oan 'e iene kant om in ein te meitsjen oan 'e seerôverij dêr't de bewenners harren al langer skuldich oan makken en it eilân ûnder Ateensk bewâld te bringen. Oan 'e oare kant moast Kimon, op oanwizing fan it orakel fan Delfi, de bonken fan Theseus opsykje en nei Atene bringe. Kimon ornearre dat er de oerbliuwsels fan Theseus op it eilân fûn hie en brocht se werom nei Atene. Skyros waard dêrnei ûnderdiel fan it Attyske Seebûn, dat letter it Ateenske ryk wurde soe. Sûnt waard Skyros beskôge as wetlik besit fan Atene. Ek yn 'e Frede fan Antalkidas yn 387 foar Kristus waard dat sa erkend.
Yn 340 foar Kristus namen de Masedoanjers it eilân oer. Hja bleaune dêr oant 192 foar Kristus, doe't Romeinske en Masedoanyske troepen ûnder lieding fan Filippus V it eilân weromjoegen oan Atene.
Yn 'e tiid fan 'e Krústochten wie Skyros foar in langer skoft it besit fan Frankyske ridders ûnder Byzantynsk bewâld. Doe't de Turken fierder opteagen, stelde it eilân him ûnder de beskerming fan 'e Republyk Feneesje.
Koart nei de oermastering fan Konstantinopel yn 1453 waard Skyros lykwols troch de Turken ferovere en by it Ottomaanske Ryk ynlive.
Kategory:Eilân yn Grikelân Kategory:Eilân yn de Middellânske See