De Kaapske goars (Emberiza capensis) is in fûgel út 'e famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae), binnen it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).

Skaaimerken De folwoeksen Kaapske goars hat in swarte krún, in wite wynbraustreek en wite fearkes om it ear hinne, omjûn troch swart. De boppekant is griisbrún mei donkere streken en de wjukdekfearren binne kastanjebrún. De sturt is donkerder brún en de ûnderkant griis mei in ljochte kiel. De skaaien ha in soad fan inoar, mar by wyfkes kin it wyt op 'e kop wat mear bêzje wêze. Jonge fûgels hawwe minder readbrún op 'e wjuk en in minder dúdlike koptekening, wylst de streken op it boarst en de flanken dúdliker binne. In Kaapske goars wurdt 16 sintimeter lang.

De rop wurdt yn 'e Ingelsktalige literatuer omskreaun as in oprinnend zzoo-zeh-zee-zee en de sang as in lûd chup chup chup chup chee chhep chu.

Fersprieding en systematyk De Kaapske goars wurdt ferdield yn alve ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

Emberiza capensis nebularum – súdwestlik Angoala Emberiza capensis bradfieldi – noardlik en sintraal Namybje Emberiza capensis smithersii – eastlik Simbabwe en westlik-sintraal Mozambyk Emberiza capensis plowesi – noardeastlik Botswana en súdlik Simbabwe Emberiza capensis limpopoensis – súdeastlik Botswana en oangrinzgjend Súd-Afrika (de provinsjes Noard-Kaap en Limpopo) Emberiza capensis reidi – eastlik-sintraal Súd-Afrika, noardlik Lesoto en westlik Swazylân Emberiza capensis basutoensis – sintraal Lesoto en eastlik Súd-Afrika Emberiza capensis cinnamomea – sintraal Súd-Afrika Emberiza capensis vinacea – noardeasten fan 'e provinsje Noard-Kaap Emberiza capensis capensis – súdlik Namybje oant súdwestlik Súd-Afrika Emberiza capensis vincenti – berchtoppen yn súd-sintraal Afrika, yn berchgebieten fan eastlik Sambia, sintraal en súdlik Malawy en noardlik Mozambyk

Skaaiyndieling De soarte wurdt fanâlds yn it skaai Emberiza pleatst, mar guon autoriteiten diele dat skaai op yn ferskate lytsere skaaien. Dêrby wurdt de soarte tegearre mei bygelyks de ljurkgoars (Emberiza impetuani) en de hûsgoars (Emberiza sahari) yn it skaai Fringillaria pleatst.

Libbenswize De Kaapske goars komt foar op rotsige hellingen en yn drûch strûkguod, benammen yn berchgebieten yn it noardlike part fan it ferspriedingsgebiet. Hy wurdt allinnich, yn pearkes of yn lytse famyljegroepen sjoen. It iten bestiet út sied, ynsekten en spinnen, dy't er op 'e grûn siket. Yn it komfoarmige nêst, dat leech yn in strûk of yn in gerspôlle boud wurdt, leit er twa oant fjouwer krêmkleurige aaien mei readbrune en lila plakken.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny foar Natuerbeskerming (IUCN) klassifisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, LC).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Goars Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje