De hûsgoars (Emberiza sahari) is in Noard-Afrikaanske fûgel út 'e famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae) yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes). De soarte komt foar fan Marokko oant Senegal en Tsjaad en ûnderskiedt him fan 'e nau besibbe streke goars mei't er tichteby minsken foarkomt. De populaasje nimt ta.

Skaaimerken thumb|left|Hûsgoars yn Tuneezje. De hûsgoars is in relatyf lytse goarsfûgel mei in lichemslingte fan 13–14 sintimeter. Hy liket sterk op syn nauwe sibbe de streke goars (E. striolata), mei syn grize kop mei swarte en wite streken, in griis boarst mei plakken, in foar it grutste part rustkleurige boppekant en it ûntbrekken fan wyt oan 'e sturt. Yn ferliking mei de streke goars (Emberiza striolata) is de hûsgoars mear rustbrún op 'e búk en de wjukken en hat er in effen rustbrune rêch (net ierdbrún). Fierders hat er in minder kontrastfolle koptekening en in skerpe grins tusken de kiel en it boarst.

Fersprieding en systematyk De soarte komt yn Noard-Afrika foar fan Marokko eastlik oant noardwestlik Lybje en súdlik oant Senegal, súdlik Maly, Niger en noardeastlik Tsjaad. De soarte is ek waarnommen op 'e Kanaryske Eilannen.

Guon autoriteiten beskôgje de soarte as monotypysk, wylst oaren him ferdiele yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

Emberiza sahari sanghae – Mauretaanje, noardlik Senegal en súdlik Maly Emberiza sahari sahari – Marokko oant noardlik Tsjaad

Earder waard de soarte beskôge as in ûndersoarte fan 'e streke goars, en guon autoriteiten dogge dat noch hieltyd.

Libbenswize thumb|left|Aaikes. Oars as de skruten streke goars is de hûsgoars, sa't syn namme al oanjout, bûn oan 'e oanwêzigens fan minsken. Hy wurdt sjoen yn 'e neite fan delsettings op berchhellingen mei lânbougrûn en fersprate beammen en strûken. Soms komt er ek yn delsettings en sels by huzen foar, dêr't er briedt op richels, yn nissen en op oare ûngelikense oerflakken.

Skaaiyndieling De soarte wurdt fanâlds yn it skaai Emberiza pleatst, mar guon autoriteiten diele dat skaai op yn ferskate lytsere skaaien. Dêrby wurdt de soarte tegearre mei bygelyks de Kaapske goars en de streke goars yn it skaai Fringillaria yndield.

Status en bedrigingen De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en nei alle gedachten nimt de populaasje ta. Op grûn fan dy kritearia klassifisearret de Ynternasjonale Uny foar Natuerbeskerming (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern, LC). De wrâldpopulaasje is net rûsd, mar de soarte wurdt omskreaun as ornaris seldsum, mar pleatslik algemien en sels tige algemien.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Goars Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje