De sulverkopgoars (Emberiza stewarti) is in sjongfûgel út 'e famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae). De binomiale namme fan 'e fûgel ferwiist nei de Britske legerdokter en samler Ludovick Charles Stewart (1819–1888).
Skaaimerken De 17 sintimeter lange sulverkopgoars hat in rustbrune stút en wite rânen oan 'e readbrune sturt. It mantsje hat yn it briedkleed in opfallende sulvergrize kop mei in swart eachmasker. It kin is ek swart en de boppekant en de mantel binne readbrún. Ek de flanken binne readbrún en ûnder is de fûgel wyt. Winterdeis is de tekening minder dúdlik en hat de mantel donkere streken.
It folwoeksen wyfke is griiseftich en mist opfallende skaaimerken. Hja liket in soad op it wyfke fan 'e wytkopgoars, mar hat gjin kontrastearjende koptekening.
Fersprieding en leefgebiet Dizze soarte briedt fan súdlik Kazachstan oant noardlik en eastlik Afganistan, noardlik Pakistan en noardlik Yndia. Nei de briedtiid trekt de fûgel nei it suden, oant sintraal Yndia.
Systematyk De fûgel wurdt behannele as monotypysk, wat betsjut dat de soarte net yn ûndersoarten ferdield is. Syn neiste sibben yn it skaai Emberiza binne de gielfink (Emberiza citrinella), de wytkopgoars (Emberiza leucocephalus) en de sirlgoas (Emberiza cirlus).
Status De grutte fan 'e populaasje is net kwantifisearre, mar de soarte wurdt omskreaun as algemien of pleatslik algemien. Op 'e Reade List fan 'e IUCN hat dizze soarte de status net bedrige (''Least Concern, LC).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Goars Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan