De Smyrnagoars (Emberiza cineracea) is in sjongfûgel út 'e famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae).

Skaaimerken De Smyrnagoars is fan 'e punt fan 'e snaffel oant de ein fan 'e sturt 16,5 sintimeter lang en weaget yn it briedseizoen tusken de 20 en 24 gram. De boppekant is brún, it boarst en de búk binne griis en de kiel is giel. It mantsje hat dêrnjonken in giele kop.

De rop klinkt as tsip; de sang is koart en sûzjend, wêrby't frases werhelle wurde en it tempo hieltyd omheech giet.

Fuortplanting It lechsel bestiet út trije wite of griisblauwe aaien mei donkere plakken, dy't 21 millimeter grut binne.

Fersprieding en leefgebiet Dizze soarte komt yn Jeropa allinnich as briedfûgel foar op 'e Grykske eilannen Skyros, Lesbos en Chios. Dêrnjonken briedt de soarte noch yn it westen fan Turkije en yn Iran. Berjochten dat dizze soarte ek yn Syrje en Irak briedt, binne noch net befêstige. De soarte trekt winterdeis nei de Hoarn fan Afrika, mar de fersprieding dêr is foar it grutste part ûnbekend.

De soarte hat twa ûndersoarten:

E. c. cineracea: de eastlike Grykske eilannen en súdwestlik Turkije. E. c. semenowi: súdeastlik Turkije en súdwestlik Iran.

De Smyrnagoars briedt op rotsige berchhellingen dy't begroeid binne mei koart gers en drûch strûkguod. Winterdeis ferbliuwt de fûgel yn ferlykbere gebieten, faak by de seekusten lâns. De fûgel is as dwaalgast waarnommen yn Denemark, Noarwegen, Oman, Tuneezje en Oezbekistan.

Status De Smyrnagoars hat in beheind ferspriedingsgebiet en dêrtroch is der in kâns op útstjerren. De populaasjegrutte waard yn 2018 troch BirdLife International rûsd op 10.000–20.000 yndividuen. De populaasje nimt ôf troch habitatferlies. Yn it briedgebiet fine feroarings plak yn it behear fan it weidzjen. Dêrom stiet dizze goars as gefoelich op 'e Reade List fan de IUCN.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Goars Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen