De gielkielgoars of prachtgoars (Emberiza elegans) is in Aziatyske fûgel út 'e famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae) yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes). De soarte briedt en oerwinteret yn East-Aazje. Waarnimmingen fan 'e soarte yn Jeropa kinne ûntsnapte koaifûgels wêze. De IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige (LC).
Skaaimerken thumb|left|Mantsje en wyfke. De gielkielgoars is in middelgrutte goarsfûgel fan 15–16 sintimeter lang. It mantsje docht syn namme as prachtgoars alle eare oan en is net te missen troch de kombinaasje fan swart, wyt en felgiel. De krún is swart, dy't er oerein sette kin ta in túfke, en ek de kin en in masker oer it each binne swart. De rest fan 'e kop is giel, de ûnderkant is wyt mei in pear kastanjebrune streken en de boppekant is brún en streke. De sturt is brunswart mei wite bûtenste sturtfearren.
It wyfke is minder kontrastyk kleure, swierder streke en it kin is bêzje.
It liet is in lange, relatyf monotoane tsjirpjende rige lûden, dy't tinken docht oan it liet fan 'e boskgoars. Ek de rop, in skerpe tsik, liket op dy fan 'e boskgoars.
Fersprieding en systematyk De gielkielgoars briedt yn East-Aazje yn twa faninoar skieden gebieten: oan 'e iene kant yn súdwestlik Sina en oan 'e oare kant yn noardeastlik Sina, it uterste súdeasten fan Sibearje en op it Koreäansk Skiereilân. Ek de oerwinteringsgebieten ferskille. De soarte wurdt ferdield yn trije ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:
Emberiza elegans elegans – Mantsjoerije en Noard-Koreä, oerwinteret yn Súd-Koreä, Japan en eastlik Sina, Emberiza elegans ticehursti – eastlik Amoerlân, oerwinteret fan noardeastlik Sina oant de provinsje Shandong, Emberiza elegans elegantula – bercheftige gebieten yn súdwestlik Sina, oerwinteret yn noardeastlik Myanmar.
De ûndersoarte ticehursti wurdt faak by de nominaatfoarm ynbegrepen.
Skaaiyndieling De gielkielgoars wurdt fanâlds yn it skaai Emberiza pleatst, mar guon autoriteiten diele dat skaai op yn ferskate lytsere skaaien. De soarte wurdt dan tegearre mei bygelyks de reidmosk en de boskgoars yn it skaai Schoeniclus pleatst. De neiste sibbe is, ferrassend genôch, de wat it fearrekleed oanbelanget ôfwikende laaiblauwe goars (Emberiza siemsseni), dy't earder yn in apart skaai, Latoucheornis, yndield waard.
Ekology De fûgel briedt yn drûge leafbosken of mingde bosken, yn strewelleguod, strûken en oan boskrânen, faak yn 'e neite fan streamkes en beken. It wyfke leit fjouwer oant seis aaien, dy't se yn 12 oant 14 dagen útbriedt. It nêst wurdt op 'e grûn ûnder in strûk boud. Yn it briedseizoen bestiet it iten benammen út ynvertebraten, mar ek út sied.
Status en bedrigingen De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Op grûn fan dy kritearia klassifisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, LC). De wrâldpopulaasje is net rûsd, mar de soarte wurdt beskreaun as relatyf algemien.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Goars Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan