Eva's woastynmûs of de evawoastynmûs (wittenskiplike namme: Peromyscus eva) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e Noardamerikaanske mûzen en rotten (Neotominae), de tûke fan 'e hartemûzen (Reithrodontomyini) en it skaai fan 'e wytpoatmûzen (Peromyscus). Dit bistke komt foar yn noardwestlik Meksiko. Eva's woastynmûs is in omnivoar nachtdier, dat troch de IUCN klassifisearre wurdt as net bedrige.

Taksonomy Eva's woastynmûs waard yn 1898 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de foaroansteande Ingelske mammalooch Oldfield Thomas. De wittenskiplike namme dy't hy it bistke joech, ferwiist dúdlik nei in frou mei de namme Eva, mar om't Thomas oer de ferneaming neat fêstlei, is ûnbekend wa't om wa't it gie. Yn 'e ienentweintichste iuw hat út DNA-ûndersyk bliken dien dat Eva's woastynmûs de sustersoarte is fan 'e Noardnederkalifornyske hartemûs (Peromyscus fraterculus).

Fersprieding It ferspriedingsgebiet fan Eva's woastynmûs leit yn it noardwesten fan Meksiko en beslacht rûchwei de súdlike helte fan Kalifornysk Skiereilân. Yn it easten, oan 'e kust fan 'e Golf fan Kalifornje, rint it areaal fan dit bistke fan 'e súdpunt fan it skiereilân oant de stêd Loreto, en yn it westen, oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan, rint it fan 'e súdpunt oant de San-Ignaciolagune. Yn it berchteftige binnenlân fan it skiereilân rikt it ferspriedingsgebiet fierder nei it noarden ta, oant de berch de Pico Echeverria. Behalven op it Kalifornysk Skiereilân komt Eva's woastynmûs ek foar op ferskate eilannen foar de kust dêrfan, lykas op Cerralvo en Carmen yn 'e Golf fan Kalifornje en op Santa Margarita en Santa Magdalena yn 'e Stille Oseaan.

Uterlike skaaimerken Eva's woastynmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 181/2–22 sm, mei in sturtlingte fan 10–13 sm en in gewicht fan 13–20 g. De efterpoaten mjitte 2,0–2,1 sm. Fan 'e nau besibbe Noardnederkalifornyske hartemûs (Peromyscus fraterculus), dy't foar in diel yn itselde gebiet foarkomt, kin Eva's woastynmûs it maklikst ûnderskaat wurde troch de foarm fan 'e penisbonke (of baculum), hoewol't er ornaris ek dûnkerder fan kleur is en in langere sturt hat.

De pels hat foar it meastepart in bêzje oant ljochtbrune kleur dêr't almeast in swym fan rodzigens oerhinne leit. Op 'e kop sitte bleek grize markearrings om 'e noas en de eagen hinne en op 'e wangen. De earkes, dy't in lingte fan 1,5–1,7 sm hawwe, binne bleek brún en suver ûnbehierre. De ûnderste lichemsdielen (kin, kiel, hals, boarst, bealch en poatsjes) binne krêmkleurich oant wyt, mar ljochter by noardlike populaasjes as by harren súdlike wjergaders. Yndividuën út it noarden binne yn trochsneed ek grutter as suderlingen.

Biotoop Eva's woastynmûs libbet yn woastinige kriten dy't diel útmeitsje fan 'e Sonoarawoastyn. It lânskip is dêr besprinzge mei hjir en dêr in boskje strewelleguod, wylst it plantelibben der dominearre wurdt troch tsjolla's (Cylindropuntia spp.), purgearnettels (Jatropha spp.) en oargelpiipkaktus (Stenocereus thurberi). Dit bistke komt foar oant in hichte fan 1.650 m boppe seenivo. Eva's woastynmûs kin him ek oanpasse ta in bestean yn in kultuerlânskip dat yn agrarysk gebrûk is.

Hâlden en dragen Oangeande it hâlden en dragen fan Eva's woastynmûs is noch net in soad bekend. Dit bistke is in nachtdier, dat ûndergrûnske hoalen graaft om by deiljocht yn te rêsten. It menu is hast útslutend herbivoar, en bestiet benammen út sieden en fruchten. De fuortplanting fynt wierskynlik plak by 't maityd en simmerdeis. Der wurde 1–3 jongen per smeet berne, dy't neaken en blyn te wrâld komme. Se binne sadwaande de earste wiken folslein ôfhinklik fan fersoarging troch de mem, mar se ûntwikkelje har tige fluch. Har earste pels is folle grizer as de pels fan folwoeksen eksimplaren.

Natuerlike fijannen De wichtichste natuerlike fijannen fan Eva's woastynmûs binne slangen lykas de spikkelbûnte rattelslang (Crotalus mitchellii), de reade diamantrattelslang (Crotalus ruber) en de Nederkalifornyske rattelslang (Crotalus enyo); ûlen lykas de Amerikaanske oehoe (Bubo virginianus), de Amerikaanske goudûle (Tyto furcata) en de westlike krytûle (Megascops kennicottii); en martereftigen lykas de langsturtwezeling (Neogale frenata) en de sulverdas (Taxidea taxus). Dêrnjonken moat Eva's woastynmûs ek oppasse foar stjonkdieren lykas it streekte stjonkdier (Mephitis mephitis) en it westlik bûnt stjonkdier (Spilogale gracilis); hûneftigen lykas de prêrjewolf (Canis latrans), de grutearkitfoks (Vulpes macrotis) en de grize foks (Urocyon cinereoargenteus); kateftigen lykas de reade lynks (Lynx rufus) en de ferwyldere en nuete kat (Felis catus); en oare lytse rôfdieren, lykas de Noardamerikaanske katfret (Bassariscus astutus).

Status Eva's woastynmûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

Undersoarten Der binne 2 (stân fan saken yn 2026) erkende ûndersoarten fan Eva's woastynmûs (Peromyscus eva): P. e. eva (de nominaat; it fêstelân fan it Kalifornysk Skiereilân) P. e. carmeni (it eilân Carmen yn 'e Golf fan Kalifornje)

Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Wytpoatmûs Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko