De Sibearyske maskergoars (Emberiza spodocephala) is in Eastaziatyske fûgelsoarte út 'e famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae) yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes). De soarte komt foar fan Sintraal-Aazje nei it easten ta oant de Stille Oseaan. Winterdeis trekt er nei Sina en noardlik Súdeast-Aazje. De fûgel is in tige seldsume dwaalgast yn Jeropa. De Japanske maskergoars (Emberiza personata) waard earder as in ûndersoarte fan 'e Sibearyske maskergoars beskôge, mar wurdt hieltyd faker as in selsstannige soarte erkend.
Skaaimerken en lûd De Sibearyske maskergoars wurdt 14 oant 15,5 sm lang. In folwoeksen mantsje hat oer it gehiel in frij donker fearrekleed, mei in oliifgrize oant donkergrize kop, nekke en boarst en in swart gebiet tusken it each en de snaffel. De ûnderkant is giel oant ljochtgiel, mei streekjes oan 'e siden fan it lichem, wylst de boppekant donker waarmbrún is mei swarte en grize streekjes. De ûndersturt en de bûtenste sturtfearren binne wyt. De wjukfearren binne hast swart mei brune rânen en de fûgel hat dûbele ljochtbrune wjukbannen. De snaffel is rôze mei in grize snaffeltip.
It wyfke hat folle minder giel yn it fearrekleed en is ynstee brún, griis en wyt. It hat net it grize fan 'e kop en it boarst, mar ynstee in wite kiel mei in dúdlike brune kielsidestreek, in ljochtbrune wynbraustreek en in brune krún. It boarst en de siden fan it lichem binne sterk streke en de ûnderkant is witeftich.
In folwoeksen mantsje fan 'e ûndersoarte sordida liket op 'e nominaatfoarm, mar is wat tsjusterder en helderder fan kleur, mei in grienere kop en in gielere ûnderkant. Hy is ek wat grutter. Yn alle fearkleeden en by beide ûndersoarten is de boppensturt ienkleurich brún, of mei tige ûndúdlike flekken, en de brune sturt hat wite bûtenste sturtfearren. De fûgel hat ljochte wjukbannen en de snaffel is rôzeftich by de snaffelbasis, benammen oan 'e ûnderhelte. De fûgel hat in ûnrêstich hâlden en dragen en wipt faak mei de sturt. thumb|left|Japanske maskersoarte. De Japanske maskergoars (Emberiza personata), dy't oant koartlyn as in ûndersoarte fan 'e Sibearyske maskergoars beskôge waard, is yn it fearrekleed folle ljochter as de Sibearyske maskergoars. It folwoeksen mantsje hat ek in swart gebiet by de snaffelbasis, mar de krún, nekke en earbedekkingsfearren binne mear oliifgrien. De kiel, it boarst en de ûnderkant binne sterk donker streke op in ljochtgiele ûndergrûn. Faak is der in smelle oliifgrize kielsidestreek en in giele streek ûnder de snor. De wjukfearren binne earder donkerbrún as swart en de wjukbannen binne wyt. It folwoeksen wyfke en mantsje fan 'e Japanske maskergoars lykje mear opinoar as by de Sibearyske maskergoars. It wyfke mist lykwols it swarte gebiet by de snaffelbasis, is witer oan 'e ûnderkant en is oer it algemien faak wat ljochter as it mantsje. De snaffel is ek grizer as dy fan it mantsje, dat in mear rôze snaffel hat.
It liet bestiet út in stadige rige lûden, dy't yn 'e Ingelsktalige literatuer as "tsip-chee-tree phirrr" of "chopplichott pii chiriri" omskreaun wurdt. It liet fan 'e Japanske maskergoars, dat ferlike wurdt mei dat fan 'e reidmosk, wykt ôf: it hat in leger tempo, koartere, ûnderbrutsen frases en it is monotoaner.
Fersprieding en systematyk De Sibearyske maskergoars briedt fan sintraal Ruslân oant east-sintraal Sina. De soarte wurdt opdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:
gewoane Sibearyske maskergoars (Emberiza spodocephala spodocephala) – briedt fan sintraal Sibearje en noardlik Mongoalje oant eastlik Sibearje, noardlik Sachalin, it noardlike part fan it Koreaansk Skiereilân en noardeastlik Sina; trekt yn 'e winter nei eastlik en sintraal Sina en Taiwan Emberiza spodocephala sordida – briedt yn east-sintraal Sina; trekt winterdeis nei in gebiet fan Nepal oant noardeastlik Yndia en noardlik Súdeast-Aazje
De Sibearyske maskergoars ferlit syn briedgebieten yn Sibearje begjin septimber en dy yn noardeastlik Sina yn oktober. Oare útstelde ûndersoarten binne oligoxantha út 'e omkriten fan Kûznetsk yn súd-sintraal Sibearje en extremiorientis yn it súdlike Kustterritoarium.
Oant koartlyn waard it takson personata, dat foarkomt yn noardlik Japan, de súdlike Koerilen en op súdlik Sachalin, as in ûndersoarte fan 'e Sibearyske maskergoars beskôge. Sûnt 2016 wurdt personata troch BirdLife International en de IUCN lykwols as in selsstannige soarte erkend, op grûn fan sawol ferskillen yn fearrekleed en sang as ûndersyk, dat sjen lit dat it takson genetysk ûnderskiedend is. De beide foarmen binne al relatyf lang lyn útinoar gien, op 'e grins tusken it Plioseen en it Pleistoseen. Yn 2021 folge it liedende International Ornithological Congress dizze yndieling, yn 2022 ek Clements et al..
Waarnimmingen bûten it ferspriedingsgebiet De soarte is ûnder oaren waarnommen yn Grut-Brittanje, Denemark, Sweden, Finlân, Nederlân, Dútslân, Bûtan, Afganistan, Kazachstan en Yndoneezje. Alle waarnimmingen yn it Westlik Paleärktysk gebiet hawwe betrekking op 'e nominaatfoarm.
Sibskip Resint genetysk ûndersyk wiist derop dat de neiste sibben fan dizze soarte de lytse goars, boskgoars, wylgegoars en swevelgoars binne. Meiïnoar foarmje se in klade yn it skaai. Guon ûndersikers pleatse dizze soarten en noch inkele oare soarten yn it aparte skaai Schoeniclus.
Ekology thumb|left|Aaikes Emberiza spodocephala personata. De Sibearyske maskergoars hat it leafst leefgebieten mei beammen en briedt yn wiete boskgrûn en begroeide sompen yn Sibearje. Hy komt foar yn leechlân, yn rivierdellingen en yn legere bercheftige gebieten. Yn 'e winter komt er ek foar yn strûklân, parken en lânbougebieten, benammen yn gebieten dêr't de grûn bedutsen is mei dwerchbamboe. It liet wurdt meastentiids sittend yn in strûk of lege beam songen. It briedseizoen rint meastentiids fan maaie oant heal juny. De soarte briedt faak twaris per seizoen.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, LC). De populaasjeûntwikkeling is lykwols ûnbekend.
Namme De wittenskiplike soartenamme spodocephala fan 'e Sibearyske maskergoars is ôflaat fan it Grykske wurd spodos foar "jiske" en -kephalos, "-kopich", in ferwizing nei de jiskekleurige kop fan 'e fûgel.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Goars Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam