De rotsgoars (Emberiza godlewskii) is in Aziatyske fûgelsoarte út 'e famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae) binnen it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).
Uterlik en lûden De rotsgoars is in 17 sintimeter lange goars dy't in protte liket op syn nauwe sibbe, de grize goars (Emberiza cia). Dy hat in streke rêch, in readbrúnkleurige ûnderkant en in grize kop mei streken yn 'e lingte. De rotsgoars (E. godlewskii) is lykwols te ûnderskieden oan 'e wite wjukbannen en oan 'e kastanjebrune, ynstee fan swarte, streken op 'e kop.
Fersprieding en systematyk De rotsgoars wurdt yn fiif ûndersoarten ferdield, mei de folgjende fersprieding:
godlewskii-groep Emberiza godlewskii decolorata – westlik Sina (oan 'e foet fan it westlike Tarimbekken yn Xinjiang) Emberiza godlewskii godlewskii – Mongoalje oant noardwestlik Sina Emberiza godlewskii omissa – súdlik Mongoalje oant Hubei, Shaanxi en noardwestlik Sichuan yunnanensis-groep Emberiza godlewskii khamensis – Tibet oant westlik Sichuan en súdlik Qinghai Emberiza godlewskii yunnanensis – súdeastlik Tibet oant noardlik Birma, noardlik Yunnan, noardeastlik Sichuan en westlik Hubei
De rotsgoars waard earder as in ûndersoarte fan Emberiza cia beskôge. DNA-ûndersyk wiist derop dat de godlewskii-groep nei alle gedachten nauwer besibbe is oan 'e Mantsjoerijske goars (Emberiza jankowskii) en de sulverkopgoars (Emberiza cioides) as oan 'e yunnanensis-groep. Dat hat lykwols oant no ta noch net ta taksonomyske feroarings laat.
Hâlden en dragen De rotsgoars komt foar op strûkrike en stiennige hellingen yn lege berchstreken, ek yn ravinen en faak yn 'e neite fan boskgebieten.
Bûten it briedseizoen libbet de soarte foar it meastepart fan sied, foaral gerssied, wylst er simmerdeis ferskate soarten wringeleaze dieren fret. Yn it noardlike part fan it ferspriedingsgebiet begjinne de measte fûgels healwei juny te brieden, al begjinne guon dêr net earder mei as oan 'e ein fan juny.
Status en bedrigingen De rotsgoars hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Der wurdt oannommen dat de soarte net te lijen hat fan substansjele bedrigingen. Op grûn fan dy kritearia klassifisearret de Ynternasjonale Uny foar Natoerbehâld (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern, LC).
De wrâldpopulaasje is net rûsd, mar de soarte wurdt beskreaun as ûngewoan oant algemien.
Namme De wittenskiplike soartenamme fan 'e fûgel is in earbetoan oan Wiktor Witold Godlewski (1831–1900), ek bekend as Ignacy Godlewski, in Poalske boer en natoerûndersiker dy't nei Sibearje ferballe waard.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Goars Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje