Cast Away is in Amerikaanske dramafilm út 2000 ûnder rezjy fan Robert Zemeckis, mei yn 'e haadrol Tom Hanks. De titel is dûbelsinnich, mei't castaway (oaninoar skreaun) it Ingelske wurd is foar "skipbrekling", wylst "cast away" (net oaninoar skreaun) letterlik "fuortsmiten" betsjut. It ferhaal folget Chuck Noland, in probleme-oplosser foar de Amerikaanske koerierstsjinst FedEx. Dyselde komt fêst te sitten op in ûnbewenne eilân yn 'e Stille Súdsee nei't syn fleantúch delstoart is. As rêding net liket te kommen, leit er him derop ta om te learen en oerlibje op it eilân. Jierren letter, wannear't de mooglikheid dêrta him einlings foardocht, besiket Noland op wanhopige wize fan it eilân te ûntkommen. Cast Away krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie in reuseftich kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film wûn in Golden Globe en in Grammy Award.

Plot In wurknimmer fan 'e Amerikaanske koerierstsjinst FedEx hellet by in boerespultsje op 'e romte yn 'e Teksaanske Panhandle in pakje op by Bettina Peterson, in keunstneresse dy't mei metaal wurket. Heech boppe de hommeiepeallen hat se ien fan har keunstwurken montearre yn in heale bôge, mei oan wjerskanten de foarnammen fan harsels en har man, Dick en Bettina. Har pakketsje wurdt neitiid folge op syn reis nei Moskou, dêr't Dick Peterson ûnderwilens mei in oare frou omslacht.

Chuck Noland is in systeemanalist dy't foar FedEx de hiele wrâld ôfreizget om produktiviteitsswierrichheden op te lossen. Hy wennet gear yn Memphis (Tennessee) mei syn freondinne Kelly Frears. Se tinke deroer om te trouwen, mar Noland syn healwize wurktiden en lange skoften fan ôfwêzigens binne datoangeande in stean-yn-'e-wei. Mei de kryst fan 1995 is Noland even thús foar de feestdagen, mar ûnder it krystdiner mei syn famylje wurdt er fia syn piper alwer oproppen om in probleem op te lossen yn Maleizje. Kelly bringt him nei it fleanfjild, dêr't er har foar syn ôfreis by wize fan krystkado in lyts doaske jout fan it soarte dêr't ornaris in trouring yn sit. Kelly is te senuweftich om it iepen te meitsjen, dat se prate ôf dat se it bewarje sil oant Noland mei âld en nij wer thús is, en dat se dan fierder sjen sille.

It FedEx-frachtfleantúch dêr't Noland op meireizget nei Maleizje wurdt boppe de midden fan 'e Stille Oseaan oerfallen troch in stoarm mei ekstreem hurde wyn, tonger en wjerljocht en reuseftige hoemannichten delslach. Boppe Frânsk-Polyneezje rekket de bemanning, dy't bestiet út fjouwer yn ploegen fan twa wurkjende piloaten, it kontakt mei de loftferkearslieding yn Papeete kwyt. Om 'e stoarm te ûntrinnen wurdt besletten om út te wiken nei it suden en te besykjen om 'e stoarm hinne te fleanen. Dat slagget net. Yn it needwaar reitsje de piloaten de kontrôle oer it fleantúch kwyt, dat delstoart yn iepen see.

Noland is de iennichste dy't, mear troch lok as wiisheid, út it fleantúch wit te kommen. Hy hat in rubberen rêdingsflot by him dat út himsels opblaasd wurdt, mar by de ûntsnapping út it yn twaen brekkende, sinkende fleantúch bliuwt de koarde fan 'e byhearrende needlokaasjestjoerder efter in skerpe metalene râne heakjen en skuort los. De hiele nacht wurdt Noland yn syn flot op en del smiten en oerspield troch weagen fan tsientallen meters heech. Tsjin 'e moarn belunet de stoarm en falt er úteinlik fan klearebare útputting yn 'e sliep. As er by ljochtskyndei wer wekker wurdt, is er oanspield op it strân fan wat in ûnbewenne eilân blykt te wêzen.

Yn 'e rin fan 'e folgjende dagen spiele in stik as tsien pakketsjes út it frachtfleantúch oan, en teffens it stoflik omskot fan Al Miller, ien fan 'e piloaten. Noland begraaft Miller troch mei de peddel fan it rêdingsflot in gat yn it sân fan it strân te graven. De pakjes bewarret er earst om't it foar in oprjochte pakketbesoarger fansels tsjin alles yngiet om pakketten dy't er op 'e noed hat te iepenjen. Mar as er nei in pear dagen hast fan honger en toarst krepearret, komt it net mear sa krekt en brekt er se ien foar ien iepen om te sjen oft der wat brûkbers yn sit. De measte pakketsjes befetsje spul dat weardeleas is foar ien yn syn sitewaasje, lykas skiedingspapierren en in follybal, mar in pear keunstredens foarsjogge Noland fan 'e iennichste dingen dêr't er oer beskikt mei in skerpe metalene snijrâne, en in famkesjurk hat in laach fan trochsichtige stof dy't er brûke kin om in provisoarysk fisknet yninoar te nifeljen. It lêste pakket, dêr't in pear goudene ingelwjukken op printe binne, lit er lykwols tichtsitte.

Op it eilân wit Noland genôch iten te finen yn 'e foarm fan fisken en krabben yn 'e lagune en kokos út 'e kokosnuten dy't oer it hiele eilân oan kokospalmen groeie. Yn 't earstoan drinkt er inkeld kokosmolke út 'e nuten, oant er ûntdekt dat dat in natuerlik laksearjend middel is. Neitiid begjint er drinkwetter op te fangen as it reint, wat it hast eltse dei wol in kear docht. Beskûl tsjin waar en wyn fynt er yn lytse grot yn 'e neite fan it strân. Wannear't er op in nacht yn 'e fierte it ljochtsje fan in passearjend skip gewaar wurdt, besiket er de oare moarns daliks al peddeljend yn it rêdingsflot it eilân te ferlitten, mar de hege weagen fan 'e brâning smite him werom op it koraalrif om 'e lagune hinne, wêrby't it rêdingflot op it skerpe koraal lekpript wurdt en Noland sels in in aaklike wûne oan syn bil oprint.

Letter stekt er him by it op primitive wize oanmeitsjen fan syn earste fjurke ek noch yn 'e hân mei de skerpe útein fan in ôfbrutsen tûke. Yn razernij dy't út frustraasje berne wurdt, begjint er dan mei dingen te smiten, wêrûnder ferskate foarwerpen út 'e iepenhelle pakjes. Dat lit op 'e wite follybal in bluodderige hânprint efter dy't, mei wat fantasij, wol wat weihat fan gesicht. Nei't syn lulkens saksearre is, bringt Noland mei de finger in pear eagen en in mûle yn 'e hânprint oan. Mei't op 'e bal de merknamme Wilson Sporting Goods fermeld stiet, neamt Noland de bal 'Wilson'. Yn syn iensumens begjint er tsjin it ding te praten as wie it in echte persoan. Meitiid fiert er hiele petearen mei syn freon Wilson, wêrfan't Wilson syn oandiel fansels inkeld yn syn holle te hearren is. Foarôfgeande oan syn ôfreis út Memphis hie Noland út en troch al lêst fan pinemûle, en dat boazet oan no't er him op in eilân befynt sûnder toskboarstel en toskpoetserguod, mar mei inkeld iten dat goed kôge wurde moat. Lang om let, as er oanhâldend pine hat, beslút er dat er de kies dy't it probleem is, kwyt moat en brûkt er ien fan 'e keunstredens en in grutte stien om himsels de kies út 'e mûle te slaan.

Fjouwer jier letter is Noland in meagere, langhierrige, burdige, ûnfersoarge keardel mei in troch de sinne brûnze hûd, dy't klaaid is yn útinoar fallende fodden. Hy hat him alhiel oan it eilân oanpast en wit krekt hoe't er der oerlibje moat. Wilson is noch hieltyd syn iennichste freon en selskip, hoewol't se, lykas alle freonen, wolris spul hawwe. Op in dei spielt der op it strân in grut stik plestik oan dat bestiet út twa fan 'e fjouwer siden fan wat ea in mobyl húske west hat. Wannear't Noland sjocht hoe't it plestik de wyn fangt as er it rjochtop set, beseft er dat er no in seil hat. Hy beslút op 'e nij te besykjen om oer it rif en troch de brâning te kommen en bout dêrta in flot besteande út tûken fan 'e beammen op it eilân en oanspield wrakhout. Dat guod bynt er oaninoar mei in eigenmakke tou dat er eins bedoeld hie him om himsels mei op te hingjen. Hy makket provisoaryske roeirimen en bynt it grutte stik plestik oan it flot fêst. Kokosnuten dêr't er in gat yn makke hat dat wer ôfsletten wurde kin, lit er folrinne mei drinkwetter. Wilson en it lêste, noch altyd tichtsittende FedEx-pakket bynt er ek op it flot fêst.

Al roeiend wit Noland op syn flot it rif te berikken. Wannear't de hege weagen fan 'e brâning him werom driigje te smiten nei de lagune, lit er it oan dy tiid ta platlizzende stik plestik rjochtop komme. It 'seil' fangt de wyn en helpt him troch de brâning hinne. Neitiid roeit Noland oanhâldend yn in rêstich tempo troch, wylst syn seil it grutste part fan it wurk docht. Hy drinkt wetter út syn kokosnuten en yt rauwe fisk dy't er fangt mei in eigenmakke fiskspear. Op in nacht wurdt er lykwols oerfallen troch in stoarm. Syn 'seil' fangt ûnbedoeld de wyn, skuort los en waait fuort. It flot rekket skansearre troch de rûge weagen, mar oerlibbet de stoarm. De oare moarns falt in losrekke Wilson lykwols oerboard en driuwt fuort. Wannear't Noland wekker wurdt en opmerkt wat der bard is, besiket er efter syn freon oan te swimmen om him te rêden, mar it slagget him net mear om Wilson by te heljen. It fielt foar him wier as is syn bêste freon omkommen, dat hy is der stikken fan en skriemt him suver oan wetter. Neitiid jout er it oer. Syn roeirimen, dy't no syn iennichste manear binne om foarút te kommen, set er oerboard en lit er fuortdriuwe. Inkele dagen letter leit Noland te wachtsjen op 'e dea op syn útinoar fallende flot wannear't er opmurken wurdt troch in passearjend containerskip dat hohâldt om him út 'e see op te pikken.

Nei syn weromkear nei de bewenne wrâld kriget in no wer koartknipte, glêdskearde en fersoarge Noland te hearren dat er fjouwer jier lyn foar dea ferklearre is troch de autoriteiten. Der is lang socht nei it fermiste frachtfleantúch, mar om't it foar de stoarm fier nei it suden ta útwykt wie sûnder dat dy ynformaasje trochjûn wurde koe, hat de syktocht plakfûn yn in ferkeard diel fan 'e oseaan. Oankommen yn Memphis wurdt Noland opwachte troch famylje en freonen en by in parsekonferisje ferwolkomme troch Frederick W. Smith, de algemien direkteur fan FedEx. Ta syn fertriet heart er lykwols dat Kelly, oan wa't it tinken him troch syn swartste perioaden op it eilân hinne sleept hat, ûnderwilens troud is mei in oare man. Dat is toskedokter Jerry Lovett, mei wa't se in dochterke krigen hat. Op in reinige jûn nimt Noland in taksy om op 'e dolle rûs by Kelly del. Sa moetet er har foar it earst wer en sjocht er hoe dreech oft sy it mei de sitewaasje hat. Hoewol't se allebeide noch faninoar hâlde, is harren kâns op in libben tegearre foarbygien om't Kelly no in mem is en ferantwurdlikheid draacht foar har dochterke. Kelly jout Noland syn âlde Jeep werom en mei drôvens geane se útinoar.

Wylst er neiprakkesearret oer wat er no sil, beslút Noland om nei Teksas te riden dêr't it lêste tichtsittende pakket wei kaam dat er al dy jierren bewarre hat. Hy wol it weromjaan oan 'e ferstjoerder om sa syn ferbliuw op it eilân ôf te sluten. It adres fan 'e ôfstjoerder blykt in boerespultsje op 'e romte te wêzen, dêr't heech boppe de hommeiepeallen in metalen keunstwurk montearre is mei romte foar twa foarnammen oan wjerskanten. Oan 'e iene kant stiet "Bettina", mar de oare kant is leech. Om't der net ien thús is, lit Noland it pakketsje lynjend tsjin 'e foardoar efter mei in bryfke derby mei in persoanlik boadskip. Hy riidt werom nei it krúspunt dêr't er earder lâns kommen is en stiet dêr op syn wegekaart te sjen as der in oantreklike, laitsjende frou yn in pick-uptruck stilhâldt om te freegjen oft se him helpe kin. Se fertelt him dat de ôfslach nei lofts nei Oklahoma liedt, de ôfslach nei rjochts nei Nij-Meksiko en úteinlings nei Kalifornje, wylst er, as er rjochttroch riidt, djipper Teksas yngiet. It paad efter him, dêr't er weikomt, rint dea. Sels draait se neitiid krekt dat paad op, en as se fuortriidt, sjocht Noland dat der op 'e efterkant fan har auto in pear goudene ingelwjukken skildere binne, krekt-en-gelyk as dy't op it pakketsje stiene. As er allinnich op it krúspunt efterbleaun is, sjocht Noland elts fan 'e trije trochgeande diken del wylst er besiket te besluten wêr't er hinne sil. Mar úteinlik draait er him om, sjocht it paad del dêr't de frou yn 'e pick-uptruck weiwurden is, en begjint te glimkjen.

Rolferdieling

haadrollen personaazje  akteur/aktrise Chuck Noland Tom Hanks

byrollen