Johann Friedrich von Brandt (25 maaie 1802 – 15 july 1879) wie in Dútsk-Russysk dokter en natuerûndersiker, dy't benammen yn Ruslân wurke.

Biografy Brandt waard berne yn Jüterbog yn in doktersfamylje en folge ûnderwiis oan in gymnasium yn Lutherstadt Wittenberg en oan de Universiteit fan Berlyn.

Yn 1831 emigrearre er nei RuslânCarozzi A. V. Brandt, Johann Friedrich // Dictionary of scientific biography. Vol. 2. N.Y.: C. Scribner’s Sons, 1970. s. 422-423. en waard al gau beneamd ta direkteur fan it Soölogysk Museum fan de Akademy fan Wittenskippen yn Sint-Petersburch. Brandt stimulearre it sammeljen fan lânseigen bisten, dêr't in soad fan noch net yn it museum fertsjintwurdige wiene. Der kamen in soad eksimplaren binnen fan ekspedysjes fan Severtsov, Przhevalsky, Middendorff, Schrenck en Gustav Radde.

Hy beskreau ferskate fûgels dy't troch Russyske ûntdekkingsreizgers sammele wiene oan de kust fan de Stille Oseaan yn Noard-Amearika, wêrûnder de Brandtielgoes, de readpoat-trije-tean-miuw en de brileider.

As paleontolooch heart Brandt ta de bêsten. Hy wie ek entomolooch, mei as spesjalisaasje Coleoptera (krobben) en Diplopoda (dûbelpoatigen).

Hy stoar yn Merreküll, yn it Gûvernemint Estlân.

Hy wurdt ek eare mei de nammejouwing fan de Brandtflearmûs, de Brandtstikelbaarch, trije oare soarten sûchdieren en de hagedis Iranolacerta brandtii.Beolens, Bo; Watkins, Michael; Grayson, Michael (2011). The Eponym Dictionary of Reptiles. Baltimore: Johns Hopkins University Press. xiii + 296 s. . ("Brandt", s. 37).

Underskiedings Johann Friedrich von Brandt syn namme krige klank ûnder de wittenskippers fan syn tiid troch syn unike ûndersyk. Hy waard lid fan de Paryske Akademy, wêrby't er yn de seleksjeproseduere de net minder ferneamde ûndersiker Charles Darwin efter him liet. Fan 1833 ôf wie er lid fan de Leopoldina. Hy waard troch it tsaristyske regear yn de adelstân ferheft; der wie suver gjin wittenskiplik genoatskip yn Europa dêr't er net yn fertsjintwurdige wie. Oerladen mei ûndersiedings, oarders en titels fierde er yn jannewaris 1876 yn Sint-Petersburch it fyftichjierrich jubileum fan syn doktoraat. By gelegenheid dêrfan liet de steat in spesjale medalje slaan mei syn byldnis derop. De Dútske ambassade yn Sint-Petersburch brocht lokwinsken oer en hy krige fan ferskate kanten earediploma's. De universiteiten fan Moskou en Dorpat (Tartu) beneamden him ta earelid, en syn berteplak Jüterbog ferliende him it eareboargerskip. Ek it Natuerwittenskiplik Genoatskip fan Emden beneamde him ta erelid. Der hinget in tinkplaat oan it gebou fan it eardere gymnasium oan de Jüdenstraße – tichtby de Stadtkirche – yn de Lutherstêd Wittenberg. Doe't La Société Cuvierienne yn 1838 oprjochte waard, wie er ien fan de 140 oprjochtingsleden fan it genoatskip. Société Cuvierienne, s. 189.

Wurken Dêrnjonken gie Johann Friedrich von Brandt troch mei de fuortsetting fan it wurk Getreue Darstellung und Beschreibung der in der Arzneykunde gebräuchlichen Gewächse fan Friedrich Gottlob Hayne. Flora Berolinensis, sive descriptio plantarum phanerogamarum circa Berolinum sponte crescentium vel in agris cultarum additis filicibus et charis (Berlin, 1824) Deutschlands phanerogamische Giftgewächse (Berlyn, 1828) Tabellar Uebersichi d. offizin. Gewächse nach d. Linn. Sexualsystem u. d. natürl. System (Berlyn, 1829) Medizinische Zoologie oder getreue Darstellung und Beschreibung der Thiere, die in der Arzneimittellehre in Betracht kommen, 2 vols. (Berlin, 1829–1833), mei J.T.C. Ratzeburt Uebersicht d. Charactere d. Familien d. offizin. Gewächse nach R. Brown, De Candolle, Jussieu,… (Berlyn, 1830) Deutschlands kryptogamische Giftgewächse (Berlyn, 1838) Deutschlands phanerogamische Geftgewächse as Abbildung und Beschreibung der in Deutschland wild wachsenden und in Gärten in freien ausdauernden Giftgewächse, nach natürlichen Familien erläutert, mit Beiträgen von P. Phoebus und J.T.C. Ratzeburg (Berlyn, 1838) Symbolae Sirenologicae quibus praecipue Rhutinae historia naturalis illustratur (St. Petersburch, 1846) Symbolae Sirenologicae…, fasc. 2 and 3 (St. Petersburch, 1861–1868) Mémoires de l’Académie impériale des sciences, St. Pétersbourg, 7th ser., 12, no. 1; Untersuchungen über die fossilen und subfossilen Cetaceen Europa’s mit Beiträgen von Van Beneden, Cornalia, Gastaldi, Quenstedt, und Paulson, nebst einem geologischen Anhange von Barbot de Marny, G. von Helmersen, A. Goebel und Th. Fuchs, ibid., 20, no. 1 (1873) Ergänzungen, ibid., 21, no. 6 (1874) Bericht über die Fortschritte, welche die zoologischen Wissenschaften den von der kaiserlichen Akademie der Wissenschaften zu St. Petersburg von 1831 bis 1879 herausgegeben Schriften verdanken (St. Petersburch, 1879) J. F. Brandtii index operum omnium (St. Petersburch, 1876), issued as a Festschrift. Getreue Darstellung und Beschreibung der in der Arzneykunde gebräuchlichen Gewächse wie auch solcher, welche mit ihnen verwechselt werden können. 12 Volumes, 1805–1856 (fuortset troch Johann Friedrich Brandt, Julius Theodor Christian Ratzeburg en Johann Friedrich Klotzsch). Digitale edysje by de University and State Library Düsseldorf Abbildung und Beschreibung der in Deutschland wild wachsenden und in Gärten im Freien ausdauernden Giftgewächse nach natürlichen Familien erläutert. Band 1: Phanerogamen Hirschwald, Berlin 1834 Digitale edysje by de University and State Library Düsseldorf Abbildung und Beschreibung der in Deutschland wild wachsenden und in Gärten im Freien ausdauernden Giftgewächse nach natürlichen Familien erläutert. Band 2: Kryptogamen Hirschwald, Berlin 1838 Digitale ferzje Untersuchungen über die fossilen und subfossilen cetaceen Europa's. Mémoires de L'Académie Impériale des Sciences de Saint-Petersbourg, Series 7 20(1):1-372 1873

Kategory:Dútsk entomolooch Kategory:Dútsk ornitolooch Kategory:Dútsk taksonoom Kategory:Dútsk botanikus Kategory:Dútsk dokter Kategory:Dútsk publisist Kategory:Russysk entomolooch Kategory:Russysk ornitolooch Kategory:Russysk taksonoom Kategory:Russysk botanikus Kategory:Russysk dokter Kategory:Russysk publisist Kategory:Persoan fan Baltysk-Dútsk komôf Kategory:Russysk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1802 Kategory:Persoan stoarn yn 1879