De brúnkopgoars (Emberiza bruniceps) is in fûgel út 'e famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae) dy't yn Sintraal-Aazje briedt. De soarte is tige nau besibbe oan 'e swartkopgoars en krúst dêrmei yn gebieten dêr't de ferspriedingsgebieten fan beide soarten inoar reitsje. De IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige.

Skaaimerken De brúnkopgoars is 17 sintimeter lang en hat in lange sturt. It folwoeksen mantsje yn briedkleed hat in helder giele ûnderkant, in griene boppekant en in readbrún gesicht en boarst. It wyfke is in minder fel kleure fariant fan it mantsje, mei in blekere ûnderkant, in griisbrune rêch en in griisachtige kop.

De jonge fûgel liket op it wyfke. Sawol wyfkes as jonge fûgels kinne yn itselde fearrekleed dreech fan 'e swartkopgoars te ûnderskieden wêze.

Fersprieding en systematyk De brúnkopgoars briedt yn in grut part fan Aazje, fan Iran yn it westen oant Sina yn it easten. De soarte is in trekfûgel en de hiele wrâldpopulaasje oerwinteret op it Yndyske subkontinint.

Yn West-Europa is de brúnkopgoars in seldsume dwaalgast.

De brúnkopgoars is tige nau besibbe oan 'e swartkopgoars (Emberiza melanocephala) en krúst mei dy soarte yn twa gebieten besuden de Kaspyske See, dêr't de briedgebieten fan beide soarten inoar oerlaapje. Neffens Ernst Schüz (1959) is ek de sang fan beide soarten itselde. Nettsjinsteande dat wurde se meastentiids as aparte soarten behannele.

Skaaiyndieling Ut DNA-ûndersyk hat bliken dien dat de brúnkopgoars en de swartkopgoars, tegearre mei de túfgoars, in eigen klade foarmje. Dy groep is relatyf fier besibbe oan 'e oare soarten fan it skaai Emberiza. De túfgoars waard fanâlds yn it eigen skaai Melophus pleatst.

Ferskillende taksonomyske autoriteiten binne op twa ferskillende manieren mei dizze resultaten omgien. Meastentiids wurdt de túfgoars by Emberiza yndield, wylst oare autoriteiten de swartkopgoars en de brúnkopgoars yn in eigen skaai, Granativora, yndiele.

Ekology De brúnkopgoars briedt yn iepen, strûkrike lânskippen, ek yn lânbougebieten, op hichten tusken 1.500 en 2.450 meter boppe seenivo. thumb|left|Aaikes. De fûgel leit trije oant fiif aaien yn in komfoarmich nêst dat yn beammen of strûken boud wurdt. De aaien wurde meastentiids sa'n 14 dagen bebret.

Yn 'e briedtiid bestiet it fiedsel benammen út ynsekten, wylst de fûgel winterdeis foaral sied yt.

Status De brúnkopgoars hat in grut ferspriedingsgebiet en der wurdt oannommen dat de populaasje groeit. De Ynternasjonale Uny foar Natuerbehâld (IUCN) klassifisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, LC).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Goars Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan