De túfgoars of toefgoars (Emberiza lathami) is in Aziatyske fûgelsoarte út 'e famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae). Der wurdt fan útgien dat de populaasje stabyl is.

Skaaimerken Mantsjes fan 'e 17 sintimeter lange fûgel hawwe in opfallende túf, in giele snaffel en in swart fearrekleed dat kontrastearret mei harren readbrune flechtfearren fan 'e wjuk en de sturt. Wyfkes hawwe in koartere túf en in feal oliifbrune kleur mei donkerbrune streekjes. De wjuk- en sturtfearren hawwe in kanielkleurige râne. Wyfkes hawwe in grize snaffel. Net-briedende mantsjes binne bleekgriis en juvenilen hawwe swarte punten oan 'e readbrune hândekfearren.

It mantsje is yn Yndia op 'e kop en it lichem opfallend blau-swart fan kleur, wylst it fierder nei it easten mear brún-swart is.

Fersprieding en systematyk De túfgoars komt foar yn Pakistan, Yndia, Nepal, Bûtan, Bangladesj, Sina, Tibet, Birma, Laos en Fjetnam. It natuerlike libbensgebiet bestiet út subtropysk of tropysk, drûch gerslân yn leechlizzende gebieten, mar as briedfûgel komt de soarte foar oant op in hichte fan 2.400 meter.

It grutste part fan 'e populaasje bestiet út stânfûgels, mar guon populaasjes migrearje ôfhinklik fan it seizoen yn hichte. De soarte wurdt as monotypysk beskôge, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten erkend wurde.

Skaaiyndieling Earder waard de túfgoars yn it eigen skaai Melophus pleatst. Ut DNA-ûndersyk hat lykwols bliken dien dat de soarte ûnderdiel is fan it skaai Emberiza. Binnen dat skaai is er it naust besibbe oan 'e swartkopgoars (Emberiza melanocephala) en de brúnkopgoars (Emberiza bruniceps).

Hâlden en dragen De túfgoars komt foar op drûge, rotsige en gersbegroeide berchhellingen, mar ek yn terrasfoarmige lânbougebieten. De soarte libbet benammen fan ferskate soarten lytse gerssied, mar der is ek waarnommen dat er ynsekten yn 'e flecht fangt.

De túfgoars makket in komfoarmich nêst fan fine fizels en hier, dat op 'e grûn of yn in stiennen muorre boud wurdt. In lechsel bestiet út 3 oant 4 wite aaien mei griene oant reade spikkeltsjes, dy't oan 'e brede kant tichter op inoar sitte.

Status en bedrigingen De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar de ûntwikkeling fan 'e populaasje is net bekend. De Ynternasjonale Uny foar Natuerbehâld (IUCN) klassifisearret de túfgoars as net bedrige (Least Concern, LC).

De grutte fan 'e wrâldpopulaasje is net rûsd, mar de soarte wurdt yn 'e regel as frij algemien beskreaun.

Namme De wittenskiplike soartenamme lathami is in earbetoan oan 'e Ingelske ornitolooch John Latham (1740–1837).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Goars Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam