Maud Charlotte Mary Victoria (Londen, 26 novimber 1869 - dêre, 20 novimber 1938), wie as dochter fan kening Eduard VII fan it Feriene Keninkryk in prinses fan it Feriene Keninkryk en as frou fan kening Haakon VII keninginne fan Noarwegen.
Libbensrin Maud waard berne op 26 novimber 1869 yn it Marlborough House, Londen. Se wie de jongste dochter fan de doetiidske Prins fan Wales, de lettere kening Eduard VII en dy syn frou Alexandra, dochter fan kening Kristiaan IX fan Denemark. De prinses hie noch fjouwer broers en susters, Albert Victor, George, Louise en Fiktoaria. En hja hie ek in jonger broerke, John. De prinses gie geregeld mei op de reizen dy't har famylje nei Denemark ûndernaam en beselskippe har mem letter op cruises nei Noarwegen en de Middellânske See.
Houlik Op 22 july 1896 boaske Maud yn in privee-kapel fan Buckingham Palace mei har neef Karel fan Denemark. Hy wie de twadde soan fan kroanprins Freark, de âldere broer fan har mem Alexandra. Fan har heit krige Maud it bûten Appleton House te Sandringham foar de besites dy't se geregeld oan Ingelân bringe soe. Hjir waard ek har iennige soan, prins Alexander, berne op 2 july 1903.
Keninginne fan Noarwegen Prins Karel tsjinne by de Deenske marine en hy en syn famylje wennen benammen yn Denemark oant 1905. Yn dat jier waard de âlde bân tusken Noarwegen en Sweden troch it parlemint fan Noarwegen opheft en waard besletten de troan fan Noarwegen oan Karel oan te bieden. Karel akseptearre it oanbod en bestegje de troan as Haakon VII, wêrby't syn soan, de nije kroanprins, de namme Olav krige. Kening Haakon en keninginne Maud waarden op 22 juny 1906 kroand yn de Nidarosdom yn Trondheim.
Keninginne Maud bleau altyd tige hechte oan Ingelân, mar wist har gau oan te passen oan har nije thúslân en har taken as keninginne. Se stipe ferskate goede doelen, foaral dejinge foar bern en bisten, en moedige muzikanten en artysten oan. Har lêste offisjele optreden yn Ingelân wie by de kroaning fan har neef oant kening George VI fan it Feriene Keninkryk yn 1937.
Maud fan Wales ferstoar op 20 novimber 1938, yn 'e âldens fan 68 jier, trije dagen nei in operaasje oan in hertstilstân. Har lichem waard oerbrocht nei Noarwegen en waard dêrnei begroeven yn it keninklike mausoleum by Akershus.
Stambeam Maud fan Wales(1869-1938) Heit: Eduard VII,Kening fan it Feriene Keninkryk(1841–1910) Pake:Albert,fan Saksen-Coburg en Gotha(1819–1861) Oerpake:Ernst I,fan Saksen-Coburg en Gotha(1784-1844) Oerbeppe:Louisefan Saksen-Gotha-Altenburg(1800-1831) Beppe:Fiktoaria,Keninginne fan it Feriene Keninkryk(1819–1901) Oerpake:Eduardhartoch van Kent en Strathearn(1767-1820) Oerbeppe:Victoire,van Saksen-Coburg-Saalfeld(1786-1861) Mem:Alexandra fan Denemark(1844-1925)Pake:Kristiaan IX,Kening fan Denemark(1818-1906) Oerpake:Freark Willem,Hartoch fan Sleeswijk-Holstein-Sonderburg-Glücksburg(1785-1831) Oerbeppe:Louise Carolinefan Hessen-Kassel(1789-1867) Beppe:Louise,Keninginne fan Denemark(1817-1898) Oerpake:Willemfan Hessen-Kassel(1787-1867) Oerbeppe:Louise Charlottefan Denemark(1789-1864)
Kategory:Lid fan it Britske keningshûs Kategory:Ingelsk persoan fan Deensk komôf Kategory:Ingelsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Ingelsk persoan fan Skotsk komôf Kategory:Gemaal fan in kening fan Noarwegen Kategory:Noarsk persoan fan Deensk komôf Kategory:Noarsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Noarsk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Noarsk persoan fan Skotsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1869 Kategory:Persoan stoarn yn 1938