Christian Frederik Carl Georg Valdemar Axel (Slot Charlottenlund Denemark, 3 augustus 1872 - Oslo, 21 septimber 1957), wie as Haakon VII fan Noarwegen fan 18 novimber 1905 oant syn dea de earste Kening fan Noarwegen nei de ein fan de personele uny mei Sweden. Hy wie de twadde soan fan Freark VIII fan Denemark.
Jonkheid en houlik Haakon VII waard berne as Carl fan Denemarken op 3 augustus 1872 op Slot Charlottenlund tichtby Kopenhagen. Hy wie de twadde soan fan doe noch kroanprins Freark fan Denemark lettere kening Freark VIII en syn frou Louise fan Sweden. Syn âldere broer Kristiaan (1870 -1947) waard letter as Kristiaan X kening fan Denemark.
Carl waard kening fan Noarwegen noch foar syn heit kening fan Denemark. Yn syn keningskip seach er syn heit as Freark VIII yn 1906, syn broer as Kristiaan X yn 1912, en syn neef as Freark IX yn 1947 de troan fan Denemarken bestigen.
Carl waard grutbrocht oan it hôf fan Kopenhagen en studearre oan de Keninklike Deenske Marine Akademy. Op 22 july 1896 boaske er op Buckingham Palace mei syn nicht prinses Maud fan Saksen-Coburg en Gotha. Maud wie de jongste dochter fan de lettere kening Eduard VII fan it Feriene Keninkryk en keninginne Alexandra fan Denemark. Keninginne Alexandra wie de âldste dochter fan kening Kristiaan IX fan Denemark en keninginne Louise en dus syn muoike. Ut dit houlik waard ien soan berne:
Alexander Eduard Christiaan Frederik (2 july 1903 - 17 jannewaris 1991), Letter as Olaf V kening fan Noarwegen. Hy troude prinses Märtha fan Sweden, ek in neikommeling fan kening Karel XIV Johan fan Sweden.
Stambeam Haakon VII,Kening fan Noarwegen (1872-1957) Heit: Freark VIII,Kening fan Denemark(1843–1912) Pake:Kristiaan IX,Kening fan Denemark(1812–1906) Oerpake:Freark Willemfan Sleeswijk-Holstein-Sonderburg-Glücksburg(1785–1831) Oerbeppe:Louise Karolinafan Hessen-Kassel (1789–1867) Beppe:Louise,Keninginne fan Denemark(1817-1898) Oerpake:Willemfan Hessen-Kassel(1787-1867) Oerbeppe:Louise CharlottePrinsesse fan Denemark(1789-1864) Mem:Louise,keninginne fan Denemark(1851–1926)Pake:Karel XV/IVkening fan Sweden & Noarwegen(1826-1872) Oerpake:Oscar I,Kening fan Sweden & Noarwegen(1829-1907) Oerbeppe:Josephinefan Leuchtenberg(1807-1876) Beppe:Louise,fan Oranje-Nassau(1828-1871) Oerpake:Freark,fan Oranje-Nassau(1797-1881) Oerbeppe:Louise,fan Pruisen(1808-1870)
Kategory:Kening fan Noarwegen Kategory:Noarsk persoan fan Deensk komôf Kategory:Noarsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Noarsk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Noarsk persoan fan Sweedsk komôf Kategory:Noarsk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Noarsk persoan fan Skotsk komôf Kategory:Noarsk generaal Kategory:Noarsk persoan yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Noarsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Ridder Grutkrús yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw Kategory:Persoan berne yn 1872 Kategory:Persoan stoarn yn 1957