It Sudereilân (Ingelsk: South Island; Maory: Te Waipounamu) is ien fan 'e twa grutte eilannen dêr't Nij-Seelân út bestiet. It oare grutte eilân is it Noardereilân. Beide wurde faninoar skieden troch de Strjitte fan Cook. Njonken dizze twa eilannen bestiet Nij-Seelân út in grut tal lytsere eilannen.

Abel Tasman wie de earste Europeaan fan wa't mei wissichheid fêststeld is dat er Nij-Seelân seach. Syn earste waarnimming wie op 13 desimber 1642 oan 'e westkust fan it Sudereilân, nei alle gedachten by it hjoeddeiske Punakaiki.New Zealand History Tasman tocht dat it lân ferbûn wêze koe mei in gebiet yn Súd-Amearika. Hy joech it lân de namme Staten Landt, om't er tocht dat it mooglik oansleat by Staten Landt yn Súd-Amearika, dat earder troch de ekspedysje fan Jacob Le Maire en Willem Schouten beskreaun wie.Encyclopedia of New Zealand: Abel Tasman's Staten Landt.

Bestjoerlike yndieling It Sudereilân wurdt bestjoerlik yn sân regio's ferdield:

Regio Kaart Canterbury Marlborough Nelson Otago Southland Tasman West Coastframeless|180px|Kaart fan de regio's op it Súdereilân De regio's fan it Súdereilân fan Nij-Seelân.

Stêden Stedske gebieten op it Sudereilân mei mear as 10.000 ynwenners (juny 2025) Plak Regio Ynwennertal % fan it eilân Christchurch Canterbury 407.800 32,5% Dunedin Otago 104.000 8,3% Invercargill Southland 51.200 4,1% Nelson Nelson 50.800 4,0% Rolleston Canterbury 34.100 2,7% Blenheim Marlborough 29.800 2,4% Timaru Canterbury 29.300 2,3% Queenstown Otago 29.000 2,3% Ashburton Canterbury 21.600 1,7% Richmond Tasman 19.950 1,6% Rangiora Canterbury 19.300 1,5% Mosgiel Otago 15.100 1,2% Oamaru Otago 14.300 1,1% Kaiapoi Canterbury 13.700 1,1% Wānaka Otago 13.200 1,1% Lincoln Canterbury 12.100 1,0% Boarne foar de ynwenners: Stats NZ (rûzing juny 2025).

Befolking thumb|left|Iere objekten fan 'e Maory út Wairau Bar. Ut argeologysk ûndersyk fan Wairau Bar yn it noardeasten fan it Sudereilân hat bliken dien dat it plak diel útmakke fan 'e iere kolonisaasjefaze fan Nij-Seelân. De bewenningsspoaren datearje út de fan 'e 13e iuw en it begjin fan de 14e iuw. Wairau Bar is in seldsum foarbyld yn Nij-Seelân fan in iere Eastpolynezyske delsetting dy't om in sintraal punt hinne groepearre wie. It plak wurdt beskôge as ien fan 'e wichtichste argeologyske plakken foar it bestudearjen fan 'e ierste skiednis fan Nij-Seelân.

It Sudereilân is in stik minder tichtbefolke as it Noardereilân. It Súdereilân hat in totaal fan likernôch 1,25 miljoen ynwenners. Allinnich al Christchurch is goed foar hast 32,5% (likernôch in tredde) fan 'e hiele befolking fan it eilân. Mear as de helte fan 'e totale befolking fan it Sudereilân wennet yn Christchurch en de oare trije grutte plakken Dunedin, Invercargill en Nelson. thumb|left|De measte minsken op it Sudereilân wenje yn Christchurch.

De befolking is ek homogener as it mear multy-etnyske Noardereilân. By de folkstelling fan 2023 identifisearre 77,0% fan 'e bewenners fan it Súdereilân him as Nijseelânske Europeaan, 11,3% as Maory, 2,6% as Sineesk, 2,3% as Yndiaask en 2,3% Filipynsk, 1,6% as Samoäansk, 1,5% as Ingelsk, en 1,2% as 'Nijseelanner'. De persintaazjes binne opteld wat mear as 100% om't minsken ta mear as ien etnyske groep hearre kinne. Nijseelânske Europeanen foarmje yn alle distrikten fan it Sudereilân in mearderheid, rinnende fan 67,5% yn it distrikt Queenstown-Lakes oant 87,2% yn it distrikt Grey.

It oandiel fan 'e bewenners fan it Sudereilân dat yn it bûtenlân berne is, wie by de folkstelling fan 2018 23,1%. De meast foarkommende bûtenlânske lannen fan berte binne Ingelân (19,9% fan 'e yn it bûtenlân berne ynwenners), de Filipinen (9,3%), Austraalje (8,8%), Yndia (6,6%), it fêstelân fan Sina (5,9%) en Súd-Afrika (5,5%).

Geografy thumb|260px|Franz Josefgletsjer. De lingte fan noard nei súd bedraacht sa'n 800 km en op it breedste punt is it Sudereilân mear as 300 km breed. It westen en it easten wurde faninoar skieden troch de Nijseelânske Alpen: in berchrêch dy't fan noard nei súd rint en toppen hat oant 3.724 meter. Der komme ek gletsjers foar, lykas de Foxgletsjer en de Franz Josefgletsjer.

It oerflak fan it eilân is 150.718 km². Tektonysk leit it eilân op 'e grins fan 'e Pasifyske Plaat en de Australyske Plaat. Oars as op it Noardereilân binne der op it Sudereilân gjin aktive fulkanen. Der binne wol in tal útstoarne fulkanen, wêrûnder it Banks-skiereilân.

Yn it súdwesten leit de regio Fiordland, mei ûnder oare de fjorden Doubtful Sound en Milford Sound.

Marren thumb|260px|Wakatipumar. Op it Sudereilân lizze acht grutte marren, lykas de Wakatipumar, Tekapomar en Manapourimar. De Haurokomar is mei in djipte fan 462 meter de djipste mar fan Nij-Seelân en leit yn it westen fan it Sudereilân. Dizze marren binne yn it ferline yn 'e iistiden troch gletsjers foarme.

Sounds thumb|260px|Milford Sound. Ek de saneamde 'Sounds' yn it súdwesten fan Fiordland, lykas Milford Sound en Doubtful Sound, binne troch gletsjers foarme. 'Sound' is eins net de goede namme foar dizze see-ynhammen, om't in sound in ferdronken delling is.

De Sounds fan Fiordland binne fjorden. De Marlborough Sounds yn it noarden fan it Sudereilân binne wol korrekt neamd. Troch it sakjen fan dy dellingen sille se yn 'e rin fan 'e tiid ûnder wetter komme en dat proses giet oant hjoed-de-dei troch.

Nasjonale parken Op it Sudereilân lizze tsien nasjonale parken dy't beheard wurde troch it Department of Conservation.

Fan noard nei súd: thumb|260px|Pancake Rocks by Punakaiki yn it Nasjonaal Park Paparoa. Nasjonaal Park Kahurangi (4.520 km², oprjochte yn 1996) Nasjonaal Park Abel Tasman (225 km², oprjochte yn 1942) Nasjonaal Park Nelson Lakes (1.018 km², oprjochte yn 1956) Nasjonaal Park Paparoa (306 km², oprjochte yn 1987) Nasjonaal Park Arthur's Pass (1.144 km², oprjochte yn 1929) Nasjonaal Park Westland Tai Poutini (1.175 km², oprjochte yn 1960), mei de Foxgletsjer en Franz Josefgletsjer Nasjonaal Park Aoraki/Mount Cook (707 km², oprjochte yn 1953) Nasjonaal Park Mount Aspiring (3.555 km², oprjochte yn 1964) Nasjonaal Park Fiordland (12.519 km², oprjochte yn 1952) Nasjonaal Park Rakiura (1.500 km², oprjochte yn 2002)

Fierder binne der noch natuerreservaten, lykas it Hakatere Conservation Park.

Lânseigen fauna Foar de komst fan 'e minske hie it Sudereilân in bysûnder fûgelryk ekosysteem. In soad fûgels hiene har yn 'e rin fan miljoenen jierren ûntwikkele sûnder grutte lânsûchdieren en wiene dêrtroch min oanpast oan minsklike jacht en nije rôfdieren.

Nei de komst fan 'e earste Polynezyske bewenners, om it jier 1300 hinne, stoaren in grut tal lânseigen bistesoarten út. Benammen de moä's, grutte fûgels dy't net fleane koene en op it Sudereilân in grut part fan 'e lânfauna útmakken, waarden yntinsyf bejage. Alle njoggen moä-soarten wiene binnen in pear iuwen útstoarn. Ek it ferbaarnen fan bosken en strûklân droech by oan it ferlies fan harren leefgebiet. thumb|left|De útstoarn Haastearn. Mei it ferdwinen fan 'e moä ferdwûn ek de Haastearn, de grutste bekende earn út 'e skiednis. Dizze rôffûgel wie tige ôfhinklik fan grutte fûgels as proai en stoar nei alle gedachten sa'n 500 oant 600 jier lyn út, likernôch yn deselde snoarje as de moä's.

Ek oare lânseigen fûgels, wêrûnder de famylje Aptornis, wêrfan't ien soarte op it Sudereilân libbe, en ferskate soarten guozzen en rôffûgels, waarden troch jacht, ferlies oan leefgebiet en yntrodusearre bisten ta útstjerren brocht. Yn totaal binne sûnt de komst fan 'e minske yn Nij-Seelân sa'n 50 lânseigen fûgelsoarten útstoarn.

Ek hjoed-de-dei wurde in soad lânseigen fûgels op it Sudereilân bedrige troch yntrodusearre rôfdieren, leefgebietferlies en oare minsklike ynfloeden. Soarten lykas de kiwy, de kakapo en de gieleachpinguïn hawwe dêrom ekstra beskerming en natuerbehear nedich.

Kategory:Eilân yn Nij-Seelân Kategory:Eilân yn de Grutte Oseaan