Harald VIII fan Noarwegen (Oslo, 20 july 1973), is sûnt 28 augustus 2026 Kening fan Noarwegen.

Hy is de soan fan kening Harald V en keninginne Sonja. Hy hat in âldere suster, Märtha Louise, mar Haakon VIII is de opfolger fan syn heit as kening fan Noarwegen. It Noarske regear paste op 29 maaie 1990 de regels foar troanopfolging oan. Sûnt dy tiid wurdt der gjin ûnderskied mear makke tusken soannen en dochters, mar foar Haakon VIII (dy't yn 1973 berne waard, twa jier nei syn suster Märtha Louise), waard de oant dan ta hantearre regel oanhâlden dat er as soan foarrang hat op syn âldere suster.

Nei syn middelbereskoaltiid tsjinne Haakon VIII in pear jier yn de Noarske marine. Nei syn tsjinsttiid studearre er politikology oan de Universiteit fan Kalifornje yn Berkeley. Hy ferfolge syn stúdzje oan de universiteit fan Oslo en de London School of Economics. Nei dizze akademyske stúdzje trochrûn er it diplomateklaske fan it Noarske ministearje fan Bûtenlânske Saken.

Op 25 augustus 2001 boaske er mei Mette-Marit Tjessem Høiby, in allinnichsteande mem. Op 21 jannewaris 2004 krige it pear in dochter, prinses Ingrid Alexandra. Har twadde bern, prins Sverre Magnus, waard op 3 desimber 2005 berne.

Stambeam Haakon VIII,Kening fan Noarwegen Heit: Harald V,Kening fan Noarwegen(1937–2026) Pake:Olaf V,Kening fan Noarwegen(1903–1991) Oerpake:Haakon VII,Kening fan Noarwegen(1872–1957) Oerbeppe:Maud,Keninginne fan Noarwegen(1869-1938) Beppe:Märtha fan Sweden(1901-1954) Oerpake:Karel,hartoch fan Västergötland(1861-1951) Oerbeppe:Ingeborg,Prinsesse fan Denemark(1844-1925) Mem:SonjaKeninginne fan Noarwegen(1937)Pake:Karel August Haraldsen(1889-1959) Oerpake:Halvor Haraldsen(1854–1931) Oerbeppe:Karete Josefine Nilsen(1854–1939) Beppe:Dagny Ulrichsen(1898-1994) Oerpake:Johan Christian Ulrichsen(1861–1950) Oerbeppe:Marie Berntine Hansen(1868–1958)

Kategory:Kening fan Noarwegen Kategory:Noarsk generaal Kategory:Noarsk persoan fan Deensk komôf Kategory:Noarsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Noarsk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Noarsk persoan fan Sweedsk komôf Kategory:Noarsk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Noarsk persoan fan Skotsk komôf Kategory:Ridder Grutkrús yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Persoan berne yn 1973