Ingrid Alexandra fan Noarwegen (Oslo, 21 jannewaris 2004) is de Noarske kroanprinsesse. Se waard berne yn it Rikshospitalet.

Ingrid is it earste bern fan kening Haakon VIII fan Noarwegen en it twadde fan keninginne Mette-Marit. Prinses Ingrid is earste yn de line fan de Noarske troanopfolging, sûnt it ferstjerren fan har pake Harald V yn augustus 2026. Se hat in healbroer út in foarige relaasje fan har mem: Marius Borg Høiby (1997). Op 3 desimber 2005 krige se der in broer by: Sverre Magnus.

Yn 1990 waard der in wet ynsteld dat it âldste bern, nettsjinsteande it geslacht, de earste is yn 'e line fan 'e troanopfolging. Ingrid sil dêrtroch, by libben en wolwêzen, de earste keninginne fan Noarwegen yn har eigen rjocht wurde. Kening Haakon VIII bleau noch al foar op syn suster Märtha Louise fan Noarwegen, omdat de wet doe noch net fan krêft wie.

Lykas har heit is Ingrid Alexandra in direkte ôfstammeling fan keninginne Fiktoaria fan it Feriene Keninkryk. Dêrtroch stiet se ek yn de line fan de Britske troanopfolging. Troch de Britske wet om dizze kwestje hinne stiet se lykwols ien plak leger as har broer Sverre Magnus, dy't foarrang hat.

Stambeam Ingrid Alexandra,Kroanprinsesse fan Noarwegen Heit: Haakon VIII,Kening fan Noarwegen(1973) Pake:Harald V,Kening fan Noarwegen(1937–2026) Oerpake:Olaf V,Kening fan Noarwegen(1903–1991) Oerbeppe:Märtha fan Sweden(1901-1954) Beppe:SonjaKeninginne fan Noarwegen(1937) Oerpake:Karel August Haraldsen(1889-1959) Oerbeppe:Dagny Ulrichsen(1898-1994) Mem:Mette-MaritKeninginne fan Noarwegen(1973)Pake:Sven Olaf Høiby(1936–2007) Oerpake:Bjarne Høiby (1903–1971) Oerbeppe:Ingrid Andrea Tvedt(1896–1978) Beppe:Marit Tjessemn(1938) Oerpake:Sverre Tjessem(1899–1966) Oerbeppe:Brita Fosso(1904–1986)

Kategory:Lid fan it Noarske keningshûs Kategory:Persoan berne yn 2004