It Noardereilân (Ingelsk: North Island; Maoary: Te Ika-a-Māui) is ien fan 'e twa grutte eilannen dêr't Nij-Seelân út bestiet. It oare grutte eilân is it Sudereilân en beide wurde faninoar skieden troch de Strjitte fan Cook. Njonken dizze twa eilannen bestiet Nij-Seelân út in grut tal lytsere eilannen.

Bestjoerlike yndieling Regio's op it Noardereilân Regio Kaart Northland Auckland Waikato Bay of Plenty Gisborne Taranaki Manawatū-Whanganui Hawke's Bay Region Wellington Regionframeless|180px|Kaart fan de regio's op it Noardereilân

Stêden thumb|left|Auckland. It Noardereilân hat in gruttere befolking as it Sudereilân. De grutste stêd fan it lân, Auckland, en de haadstêd, Wellington, nimme meiïnoar hast de helte fan 'e befolking foar harren rekken. De Gouden Trijehoeke, dy't begrinzge wurdt troch Auckland, Hamilton en Tauranga, bestiet út hast de helte fan 'e befolking fan Nij-Seelân en in ferlykber part fan 'e ekonomyske aktiviteit fan it lân.

Op it Noardereilân binne 30 stedsgebieten mei 10.000 of mear ynwenners:

Stedske gebieten op it Noardereilân mei 10.000+ ynwenners (juny 2025) Plak Regio Ynwennertal % fan it eilân Auckland Auckland 1.547.200 38,0% Wellington Wellington Region 209.800 5,2% Hamilton Waikato 192.100 4,7% Tauranga Bay of Plenty 160.900 4,0% Lower Hutt Wellington Region 113.200 2,8% Palmerston North Manawatū-Whanganui 81.200 2,0% Hibiscus Coast Auckland 67.800 1,7% Napier Hawke's Bay Region 66.400 1,6% New Plymouth Taranaki 60.200 1,5% Porirua Wellington Region 60.100 1,5% Rotorua Bay of Plenty 58.500 1,4% Whangārei Northland 56.100 1,4% Hastings Hawke's Bay Region 49.800 1,2% Upper Hutt Wellington Region 44.500 1,1% Whanganui Manawatū-Whanganui 42.800 1,1% Gisborne Gisborne 38.100 0,9% Paraparaumu Wellington Region 29.900 0,7% Pukekohe Auckland 28.800 0,7% Taupō Waikato 27.000 0,7% Cambridge Waikato 22.700 0,6% Masterton Wellington Region 22.600 0,6% Levin Manawatū-Whanganui 20.500 0,5% Feilding Manawatū-Whanganui 17.650 0,4% Whakatāne Bay of Plenty 16.950 0,4% Havelock North Hawke's Bay Region 15.000 0,4% Tokoroa Waikato 14.500 0,4% Te Awamutu Waikato 13.950 0,3% Waikanae Wellington Region 13.600 0,3% Hāwera Taranaki 10.700 0,3% Te Puke Bay of Plenty 10.400 0,3% Boarne foar de ynwenners: Statistics New Zealand (rûzing juny 2025).

Befolking Likernoch trijefearn fan 'e Nijseelânske befolking wennet op it Noardereilân. De befolking bestiet foar in grut part út Maoary en minsken fan Europeeske komôf.

It Noardereilân hat in folle minder homogene befolking as it Sudereilân. By de folkstelling fan 2023 identifisearre 63,1% fan 'e ynwenners fan it Noardereilân har asfan Jeropeeske komôf, 19,8% as Maoary, 10,6% as immen fan Pasifyske folken, 19,3% as Aziatysk, 1,9% as Afrikaansk, Latynsk-Amerikaansk en Midden-Eastersk, en 1,1% as oare etnisiteiten. De persintaazjes komme meiïnoar boppe de 100% út, om't minsken har mei mear as ien etnisiteit identifisearje kinne.

Maory foarmje in mearderheid yn trije distrikten fan it Noardereilân: Kawerau (63,2%), Opotiki (66,2%) en Wairoa (68,5%). Yn 'e regio Auckland foarmje Europeanen de grutste etnyske groep (49,8%). Yn 'e oare 39 distrikten foarmje Europeanen in mearderheid.

By de folkstelling fan 2018 wie 29,3% fan 'e ynwenners fan it Noardereilân yn it bûtenlân berne. De meast foarkommende bertelannen fan ynwenners dy't yn it bûtenlân berne wiene, wiene Ingelân (15,4% fan 'e yn it bûtenlân berne ynwenners), Sina (11,3%), Yndia (10,1%), Súd-Afrika (5,9%), Austraalje (5,5%) en Samoä (5,3%).

Geografy Wat oerflak oanbelanget nimt it Noardereilân it 14e plak yn op 'e ranglist fan grutte eilannen yn 'e wrâld. Fan noard nei súd is it Noardereilân maksimaal 800 km lang en maksimaal 400 km breed. It hat in oerflak fan 114.453 km² en it heechste punt leit op 2.797 meter.

Yn 'e tiid fan 'e lêste iistiid, doe't de seespegel mear as 100 meter leger stie as hjoed de dei, wiene it Noardereilân en it Sudereilân meiïnoar ferbûn troch in grutte kustflakte dy't foarme wie by de South Taranaki Bight. Yn dy tiid wie it grutste part fan it Noardereilân bedutsen mei strûklân en bosk, wylst it hjoeddeiske skiereilân Northland in subtropysk reinwâld wie. Sa'n 7.000 jier lyn begûn de seespegel te stiigjen en lang om let waarden beide eilannen faninoar skieden en waard de Strjitte fan Cook ferbûn mei de Tasmansee. thumb|left|Mount Taranaki. It lânskip fan it Noardereilân wurdt behearske troch fulkaankegels en noch in tal aktive fulkanen. Tektonysk leit it eilân op de grins fan de Pasifyske Plaat en de Australyske Plaat.

De natuerlike haven fan 'e haadstêd Wellington is in ûnderstrûpte kaldera, krekt as de grutste mar fan Nij-Seelân by Taupō. Fierders binne der in soad geisers en waarmwetterboarnen te finen.

In bekende mar is de Taupomar; wichtige rivieren binne de Waikato en de Whanganui.

Floara en fauna It Noardereilân hie oarspronklik in tige bysûndere fauna, dy't him ûntwikkele hie yn in ekosysteem sûnder lânseigen lânsûchdieren, mei útsûndering fan in pear soarten flearmûzen. Fûgels namen dêrom in grut part fan 'e ekologyske rollen yn dy't op oare kontininten faak troch sûchdieren ferfolle wurde. Der libben ûnder oare ferskate soarten moä's, de grutte flechtleaze fûgels, en grutte rôffûgels lykas de Haastearn. Ek de Noardereilânske Aptornis otidiformis wie in bysûndere fûgelsoarte sûnder flechtfermogen dy't allinnich op it Noardereilân foarkaam. thumb|left|De foar it Noardereilân endemyske Noardereilânsealrêch. Nei de komst fan 'e earste Polynezyske bewenners feroare it ekosysteem sterk. De moä's waarden bejage en stoaren út, wylst troch it ferbaarnen fan bosken ek in soad leefgebiet ferdwûn. Mei it ferdwinen fan grutte proaifûgels ferdwûnen ek rôffûgels dy't fan harren ôfhinklik wiene, lykas de Haastearn. Nei de komst fan Europeanen kamen dêr yntrodusearre bisten by, lykas rotten, katten, hûnen, wezelingen en possums, dy't in grutte bedriging foarmen foar lânseigen fûgels, aaien en jonge bisten.

In soad lânseigen soarten binne dêrtroch útstoarn of slim yn tal tebekrûn. Oare soarten witte har lykwols noch te hanthavenjen, benammen yn beskerme boskgebieten en op eilannen dêr't rôfdieren bestriden of hielendal útrûge binne. Natuerbeskerming en it bestriden fan yntrodusearre rôfdieren binne dêrom wichtige ûnderdielen fan it hjoeddeiske natuerbehear op it eilân.

Nasjonale parken thumb|260px|Nasjonaal Park Egmont. Nasjonaal Park Egmont Nasjonaal Park Tongariro Nasjonaal Park Whanganui

Mytology Ien fan 'e bekendste ferhalen út 'e Maoary-mytology fertelt hoe't Māui it Noardereilân út 'e see fiske. Māui gie mei syn bruorren te fiskjen, mar syn bruorren woene him earst net meinimme. Hy hold him lykwols yn 'e kano ferside en kaam pas foar it ljocht doe't hja op see wiene. Doe't er him sjen liet frege er syn bruorren om nei it djipste wetter fan 'e oseaan te farren. Māui hie in heak makke fan 'e tsjeakbonke fan syn beppe en liet dy heak yn 'e djipte fan 'e oseaan sakje, dêr't de heak heakjen bleau oan in ûnderwetterhûs fan Tonganui, in pakesizzer fan Tangaroa, de god fan 'e see. Māui helle syn fangst boppe it wetter: it lân dat sa ûntstie, waard Te Ika-a-Māui neamd, 'de fisk fan Māui'.

Neffens in ferzje fan it ferhaal, ferteld troch Te Rangihaeata fan 'e Ngāti Toarangatira, warskôge Māui syn bruorren doe't er werom nei hûs gyng om 'e fisk net oan te reitsjen. Se harken lykwols net nei him en begûnen de fisk yn stikken te snijen en derfan te iten. Doe't Māui weromkaam, waard er poer. Troch it fjochtsjen en it stikken snijen fan 'e fisk ûntstiene de bergen, flakten, dellingen en kliffen fan it eilân. As de bruorren net om 'e fisk fochten hiene, soe it lân syn foarm as in fisk beholden hawwe.

De kop fan 'e fisk wurdt by it hjoeddeiske Wellington yn it suden lokalisearre, wylst de sturt it skiereilân Northland foarstelt. De finnen binne Taranaki en de East Coast, en de rêchbonke rint tusken Taupō en Rotorua. It skiereilân Koromandel wurdt foarsteld as de stikel oan 'e basis fan 'e sturt.Encyclopedia of New Zealand: Whenua – how the land was shaped.

Kategory:Eilân yn Nij-Seelân Kategory:Eilân yn de Grutte Oseaan