Marius Borg Høiby (Oslo, 13 jannewaris 1997) is de soan fan Mette-Marit Tjessem Høiby, de frou fan kening Haakon VIII fan Noarwegen.
Doe't Marius berne waard yn 1997, siet syn heit Morten Borg yn de finzenis foar drugsdelikten. Yn 2001 boaske syn mem Mette-Marit mei Haakon VIII, doe kroanprins Haakon Magnus fan Noarwegen. Sy krigen tegearre twa bern: prinses Ingrid Alexandra yn 2004 en prins Sverre Magnus yn 2005. Marius kin gjin oanspraak meitsje op de Noarske troan.
Borg Høiby kaam meardere kearen yn oanrekking mei justysje en waard ûnder oaren beskuldige fan ferkrêfting. Yn augustus 2024 waard er arrestearre op fertinking fan mishanneling fan syn freondinne. Hy joech de feiten ta en wit dy oan in drugsferslaving. Nei plysjeûndersyk fan ferskate oanklachten tsjin him besleat de iepenbiere oanklager yn augustus 2025 om Borg Høiby te ferfolgjen foar ûnder mear fjouwer ferkrêftingen dy't plakfûn hawwe soene yn 2018, 2023 en 2024. De rjochtsaak begûn op 3 febrewaris 2026. Op 15 juny 2026 achte de rjochtbank Marius skuldich oan twa ferkrêftingen en oan húslik geweld, wêrnei't er feroardiele is ta fjouwer jier sel.
Kategory:Persoan berne yn 1997 Kategory:Persoan feroardiele foar ferkrêfting Kategory:Persoan feroardiele foar mishanneling Kategory:Noarsk krimineel Kategory:Noarsk keningshûs