Harald V fan Noarwegen (Skaugum, 21 febrewaris 1937 - Oslo, 28 augustus 2026), wie fan 17 jannewaris 1991 oant syn dea Kening fan Noarwegen.

Hy wie de soan fan kening Olaf V en prinses Märtha. Yn de Twadde Wrâldkriich wenne Harald yn de Feriene Steaten, dêr't syn heit, doe kroanprins, stipe besocht te finen foar de Noarske saak. Yn 1945 kearde it kroanprinslik pear werom nei Noarwegen. Haralds mem ferstoar yn 1954. Yn 1957 ferstoar syn pake Haakon VII, wêrtroch't syn heit de nije kening waard, en hysels kroanprins. Harald folge syn opliedingen oan de militêre akademy fan Noarwegen en oan de universiteit fan Oxford, dêr't er oan Balliol College skiednis, ekonomy en polityk studearre.

Op 29 augustus 1968 boaske er mei it Noarske boargerfamke Sonja Haraldsen. Dizze houlikskar feroarsake in soad opskuor. It pear krige twa bern: Märtha Louise (1971) Haakon Magnus (1973) Op 17 jannewaris 1991 folge Harald syn ferstoarne heit op. De kening wie in fanatyk siler. Hy naam yn dy sport trije kear diel oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1964, 1968 en 1972).

Harald V fan Noarwegen ferstoar op 28 augustus 2026, yn 'e âldens fan 89 jier. Syn soan Haakon folge him op as kening.

Stambeam Harald V,Kening fan Noarwegen (1937-2026) Heit: Olaf V,Kening fan Noarwegen(1903–1991) Pake:Haakon VII,Kening fan Noarwegen(1872–1957) Oerpake:Freark VIII,Kening fan Denemark(1843–1912) Oerbeppe:Louise,keninginne fan Denemark(1851–1926) Beppe:Maud,Keninginne fan Noarwegen(1869-1938) Oerpake:Edward VII,Kening fan it Feriene Keninkryk(1841-1910) Oerbeppe:Alexandra,Prinsesse fan Wales(1844-1925) Mem:Märtha fan Sweden(1901-1954)Pake:Karel,hartoch fan Västergötland(1861-1951) Oerpake:Oscar II,Kening fan Sweden(1829-1907) Oerbeppe:Sophia,Keninginne fan Sweden(1836-1913) Beppe:Ingeborg,Prinsesse fan Denemark(1844-1925) Oerpake:Frederik VIII,Kening fan Denemark(1843-1912) Oerbeppe:Louise,Keninginne fan Denemark(1851-1926)

Kategory:Kening fan Noarwegen Kategory:Noarsk Olympysk dielnimmer Kategory:Noarsk siler Kategory:Noarsk generaal Kategory:Noarsk admiraal Kategory:Noarsk persoan fan Deensk komôf Kategory:Noarsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Noarsk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Noarsk persoan fan Sweedsk komôf Kategory:Noarsk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Noarsk persoan fan Skotsk komôf Kategory:Ridder Grutkrús yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw Kategory:Persoan berne yn 1937 Kategory:Persoan stoarn yn 2026