De Ra‘iāteaparkyt (ek wol stavere as Raiateaparkyt; wittenskiplike namme: Cyanoramphus ulietanus) is in útstoarne fûgel út it skift fan 'e pappegaai-eftigen (Psittaciformes), de famylje fan 'e pappegaaien fan 'e Alde Wrâld (Psittaculidae) en it skaai fan 'e blausnaffelparkiten (Cyanoramphus). Dit bist wie endemysk op it eilân Ra‘iātea yn Frânsk-Polyneezje. De fûgel stoar koart nei de ûntdekking fan it eilân troch Westerlingen út. Hoewol't de krekte omstannichheden fan dat útstjerren ûnbekend binne, fermoedzje ornitologen dat de oarsaak te krijen hie mei de yntroduksje fan ynvasive eksoaten op it eilân.

Taksonomy De Ra‘iāteaparkyt waard pas yn 1788, nei syn útstjerren, foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Dútske soölooch en taksonoom Johann Friedrich Gmelin. De wittenskiplike namme Cyanoramphus ulietanus betsjut letterlik "Ra‘iāteablausnaffel", fan it Grykske κύανος, kyanos ("dûnkerblau") en ῥάμφος, ramfos ("snaffel"), en fan Ulietea, in histoaryske Jeropeeske namme foar it eilân Ra‘iātea.

Fersprieding Yn syn fersprieding wie de Ra‘iāteaparkyt beheind ta de beboske dielen fan it eilân Ra‘iātea yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan. Dat is it grutste eilân yn 'e Underwynske groep fan 'e Genoatskipseilannen yn wat no Frânsk-Polyneezje is.

Uterlike skaaimerken De Ra‘iāteaparkyt hie in totale lichemslingte fan trochinoar 25 sm. It wie in fûgel mei in gnobske lichemsbou en in lange sturt. De kop en nekke wiene dûnkerbrún, in kleur dy't wat taljochte op 'e rêch, wjukken en stuten. De ûnderrêch, allinnich sichtber by it fleanen om't er oars bedutsen waard troch de wjukken, wie readbrún útskaaiend nei oranje. De sturt en de úteinen fan 'e wjukfearren wiene blauich griis. It boarst, de bealch en de ûnderkant fan 'e wjukken wiene oliifgrien oant giel. De snaffel wie koart, bûgde skerp nei ûnderen ta en hie in bleek blau-grize kleur mei in swarte punt. De eagen hiene by folwoeksen eksimplaren in oranjereade kleur, mar wiene by healwoeksen fûgels grizich brún. Der bestie yn dizze soarte gjin seksuele dimorfy.

Biotoop Hoewol't it net mei wissichheid te sizzen falt om't libbene eksimplaren fan dizze soarte nea troch ornitologen bestudearre binne, wurdt tocht dat de Ra‘iāteaparkyt in boskbewenner wie, waans natuerlike habitat foarme waard troch de subtropyske en tropyske reinwâlden yn it leechlân fan Ra‘iātea.

Hâlden en dragen Oer it hâlden en dragen en it dieet fan 'e Ra‘iāteaparkyt is troch it iere útstjerren fan dizze fûgel neat bekend.

Undersoarten De Ra‘iāteaparkyt wie in monotypyske soarte, wat sizze wol dat der gjin ûndersoarten fan bestiene.

Utstjerren Der binne mar twa spesimina fan 'e Ra‘iāteaparkyt bewarre bleaun, wêrfan't it iene yn it besit is fan it Natoerhistoarysk Museum yn Londen, wylst it oare diel útmakket fan 'e kolleksje fan it Natoerhistoarysk Museum te Wenen. De datearring fan it sammeljen fan dy spesimina waard net goed fêstlein, sadat lettere ornitologen dernei riede moasten. Yn 1950 hold Erwin Stresemann it op 1773 of 1774, en James Greenway wie it yn 1958 mei him iens. Mar yn 1979 kaam de Nijseelânske ornitolooch David G. Medway op 'e lapen mei in nije en wierskynlikere teory. Nei in yngeande bestudearring fan it reisdeiboek fan 'e foaroansteande botanikus Joseph Banks, dy't meireizge op 'e ekspedysjes fan 'e ferneamde Ingelske ûntdekkingsreizger James Cook, kaam Medway ta de konklúzje dat de beide spesimina fan 'e Ra‘iāteaparkyt yn septimber 1777 sammele wiene, op 'e trêde en lêste reis fan Cook.

De datearring fan 'e spesimina is fan ynfloed op 'e datearring fan it útstjerren fan 'e Ra‘iāteaparkyt. It tinken is dat de fûgel koart nei syn ûntdekking derûnder strûpt is. It wierskynlikst is dus dat soks yn it neijier fan 1777 barde. De krekte omstannichheden fan dat útstjerren binne ûnbekend, om't der op dat stuit gjin Westerske waarnimmers op Ra‘iātea oanwêzich wiene en der yn 'e mûnlinge oerlevering fan 'e lânseigen befolking neat oer opnommen is. Mar Cook, en syn bemanningsleden, ferbleaune yn augustus en septimber 1777 34 dagen op Ra‘iātea en setten ôf op 29 septimber. Cook liet yn dy perioade syn skippen de HMS Resolution en de HMS Discovery op it strân lûke foar heechnedich ûnderhâld. It tinken is dat dêrtroch ûngedierte dat oan board fan 'e skippen fertoefde, lykas de swarte rôt (Rattus rattus) en de Dútske kakkerlak (Blatella germanica), de kâns krige om him as ynvasive eksoat op it eilân te fêstigjen. De Ra‘iāteaparkyt koe him net gau genôch oan 'e nije sitewaasje oanpasse en waard nei alle gedachten útrûge troch predaasje, mooglik kombinearre mei parasitisme.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Blausnaffelparkyt Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Polyneezje Kategory:Utstoarne fûgel Kategory:Bist útstoarn yn 1777