thumb|upright|Omslach fan de earste edysje fan Archipelag GULAG, útjûn troch YMCA-Press Archipelag GULAG, yn it Syrillysk alfabet "Архипелаг ГУЛАГ" (Russysk, betsjutting: "De GULAG-arsjipel") is in non-fiksjesearje fan trije dielen, skreaun tusken 1958 en 1968 troch de Russyske skriuwer Aleksander Solzjenitsyn, in Sovjet-dissidint. It waard foar it earst yn it Russysk publisearre yn 1973 troch de Paryske útjouwerij YMCA-Press, en it waard it jier dêrop yn it Ingelsk en Frânsk oerset. It jout in byld fan it libben yn wat faak bekendstiet as de Gûlag[a], it systeem fan Sovjet-arbeidskampen. Solzjenitsyn boude syn tige detaillearre ferhaal op út ferskate boarnen, lykas rapporten, ynterviews, ferklearrings, deiboeken, juridyske dokuminten en syn eigen ûnderfining as Gûlag-finzene.
Nei de publikaasje waard it boek yn 'e Sovjet-Uny earst ferspraat fia samizdat – in ûndergrûnske wize fan publisearjen. Earst yn 1989 waard it dêr op grutte skaal útjûn. Dat jier ferskynde it yn it literêre tydskrift Novy Mir; in tredde diel fan it wurk waard publisearre yn trije ôfleverings. Sûnt it útinoarfallen fan 'e Sovjet-Uny is Archipelag GULAG offisjeel yn Ruslân útjûn.
Ynfloed op de maatskippij It boek wurdt beskôge as ien fan de meast ynfloedrike wurken fan de tweintichste ieu. Yn it Westen seach in grut oantal kommunistyske partijen de twangarbeidskampen as in ôfwiking dy't troch Stalin feroarsake wie, ynstee fan as eat dat eigen wie oan it Sovjet-rezjym. Yn syn boek liedt Solzjenitsyn de oarsprong fan it systeem lykwols werom nei Lenin en it ûntstean fan de sosjalistyske steat.
Archipelag GULAG wurdt no rûnom beskôge as in wurk fan wrâldliteratuer en waard opnommen yn de list fan Le Monde út 1999 mei de 100 bêste boeken fan de ieu.
Kategory:Literêr wurk fan Aleksander Solzjenitsyn Kategory:Russysktalich non-fiksjewurk Kategory:Non-fiksjewurk út 1973 Kategory:Literatuer oer de Sovjet-Uny Kategory:Literatuer oer kommunisme Kategory:Literatuer oer in finzenis Kategory:Anty-kommunisme yn Ruslân