Stewarteilân of koartwei Stewart (Ingelsk: Stewart Island; Maoary: Rakiura) is it op twa nei grutste eilân fan Nij-Seelân. It leit yn it uterste suden fan it lân, 30 kilometer foar de kust fan it Sudereilân. De Strjitte fan Foveaux skiedt de beide eilannen. Der wenje it hiele jier troch sa'n 400 minsken, wêrfan't de measten yn Oban wenje.
Skiednis De oarspronklike Maoary-namme is Te Punga o Te Waka a Maui, en it eilân spilet in wichtige rol yn 'e mytology fan it folk. De namme kin oerset wurde as "de ankerstien fan Maui syn kano". It ferhaal fertelt oer Maui en syn mannen dy't fanút harren kano (it Sudereilân) in grutte fisk fongen (it Noardereilân).
Rakiura kin oerset wurde as "gleone loften", nei alle gedachten in ferwizing nei it suderljocht (aurora australis), of nei de sinne-ûndergongen dêr't it eilân bekend om is.
Rakiura kin ek ferklearre wurde as de ferkoarte foarm fan Te Rakiura a Te Rakitamau, wat oerset wurde kin as it "skamterea fan Rakitamau". De Maoary-leginde fertelt oer in wichtich man op it eilân, Te Rakitamau, dy't troud wie mei in jonge frou dy't siik waard en net mear better wurde koe. Hja trune him derop oan om nei har dea mei har nicht te trouwen. Hy fear nei de oare kant fan 'e Te Moana Tapokopoko a Tawhiki (no de Foveauxstrjitte), nei it Sudereilân dêr't de nicht wenne. Dêr kaam er derefter dat hja krekt foar dy tiid troud wie. Hy fielde him foar skut stean en skamme him ta de teannen út. Sa krige it eilân syn namme.
Kaptein James Cook wie yn 1770 de earste Jeropeaan dy't it eilân seach, mar hy tocht dat it in part fan it Sudereilân wie en neamde it Súdkaap. De hjoeddeiske namme ferwiist nei kaptein William Stewart, in walfiskfarder dy't it eilân yn 1809 goed yn kaart brocht.
Geografy It eilân hat in oerflak fan 1.746 km². It noarden fan it eilân wurdt behearske troch de sompige delling fan 'e Freshwater-rivier. De rivier ûntspringt by de noardwestkust fan it eilân, streamt nei it súdeasten en mûnet by Paterson Inlet út yn 'e see. It heechste punt fan it eilân is Mount Anglem oan 'e noardkant, mei in hichte fan 979 meter. It is ien fan 'e toppen yn in berchkeatling dy't de Freshwater-delling omklammet. thumb|left|Rakiura Track. It súdlike part fan it eilân is heuveleftich. De Rakeahua-rivier streamt fan it suden ôf ek nei de see by Paterson Inlet. It súdlikste punt fan 'e heuvelrêch yn it suden fan it eilân is Mount Allen, mei in hichte fan 750 meter. Yn it súdeasten leit it lân wat leger en streame de rivieren Toitoi en Lords.
oar de kust fan Stewarteilân lizze trije grutte en in grut tal lytsere eilannen. De wichtichste binne:
Ruapuke-eilân yn 'e Foveauxstrjitte; Codfisheilân oan 'e noardwestkust; Big South Cape-eilân oan 'e súdwestpunt; de Titi-/Muttonbirdeilannen, dy't tusken Stewarteilân en Ruapuke-eilân lizze, om Big South Cape-eilân hinne en oan 'e súdeastkust.
Dêrnjonken binne ek de folgjende eilannen it neamen wurdich:
Bencheilân, Native-eilân en Ulva-eilân, allegear by de mûning fan Paterson Inlet; Pear-eilân, Anchorage-eilân en Noble-eilân, by Port Pegasus yn it súdwesten; Solomoneilân.
Befolking thumb|left|Oban. It iennichste doarp op Stewarteilân is Oban, mei likernôch 400 ynwenners. It plak leit oan 'e Half Moon-baai. Fanút Bluff is der in reguliere fearboatferbining. Ek is der in loftferbining mei Invercargill.
Point Pegasus oan 'e súdkust fan it eilân wie eartiids in bloeiend plak, kompleet mei winkels en in postkantoar. It is no net mear bewenne en der is allinnich mei de boat of nei in lange tocht oer it eilân te kommen.
De befolking libbet benammen fan 'e fiskerij, hoewol't der ek jild fertsjinne wurdt mei toerisme, boskbou en lânbou. Mear as 85% fan it eilân makket diel út fan it Nasjonaal Park Rakiura.
Floara en fauna Op Stewarteilân libbet de brune kiwy (Apteryx australis). Oan 'e kust komme seehûnen, gieleachpinguïns en dolfinen foar. It iennichste sûchdier dat op it lân foarkomt, is de flearmûs Chalinolobus tuberculatus.
Kategory:Eilân yn Nij-Seelân Kategory:Eilân yn de Grutte Oseaan