De Stewartielgoes (Leucocarbo chalconotus, synonym: Phalacrocorax chalconotus) is in fûgelsoarte út it skaai wytbúkielguozzen (Leucocarbo) yn 'e famylje fan 'e ielguozzen. De soarte komt foar yn in beheind gebiet oan 'e kust fan it Nijseelânske Súdereilân. Hy briedt yn koloanjes en libbet benammen fan fisk. De IUCN klassifisearret de soarte as kwetsber (Vulnerable, VU), fanwegen de lytse en ôfnimmende totale populaasje. Uterlik
Skaaimerken Stewartielguozzen binne 65 oant 71 sm lang en weagje 1.797 oant 3.875 gram. Mantsjes binne wat grutter en swierder as wyfkes. thumb|left|Donkere morf. De soarte liket sterk op 'e wat gruttere wratielgoes, mar komt yn twa kleurmorfen foar. By de meast foarkommende foarm is it fearrekleed donkerbrún, mei in oranje snaffelbasis en oranjekleurige hûd oan 'e kiel. De ljochtere foarm hat wat mear wyt op 'e wjukken en it boarst as de wratielgoes, en hat in reade snaffelbasis en reade kielsek. De grize snaffel fan 'e Stewartielgoes is wat koarter en smeller as dy fan 'e wratielgoes. De iris is donkerblau. By beide kleurmorfen binne de poaten fleiskleurich. Beide foarmen kinne yn 'e selde briedkoloanje foarkomme.
Jonge fûgels lykje al in soad op folwoeksen fûgels, mar hawwe brune ynstee fan swarte fearren.
Op lân kinne Stewartielguozzen har goed bewege. By it rinnen hâlde se it lichem tige rjochtop en tille se de poaten heech op. De flecht docht tinken oan dy fan fleanende foksen; by langere flechten wurdt de kop ûnder de lichemsas holden. Yn 'e briedkoloanjes binne by de mantsjes blaffende lûden te hearren, wylst de wyfkes komselden lûd meitsje.
Yn it ferspriedingsgebiet binne der ferskate oare ielgoezzen dêr't de Stewartielgoes mei betiizge wurde kin. De ljochte kleurmorf liket op de bûnte ielgoes, wylst de donkere morf op 'e gewoane ielgoes liket. Beide hawwe lykwols swarte poaten en skonken en relatyf langere wjukken. Ek harren gedrach ferskilt want nei it dûken spriede hja de wjukken út om se te druien. De wratielgoes komt allinnich foar oan 'e noardpunt fan it Súdereilân en dus net yn it ferspriedingsgebiet fan de Stewartielgoes. Dat jildt ek foar de Chathamielgoes, dy't allinnich op 'e Chathameilannen foarkomt.
Fersprieding en leefgebiet Stewartielguozzen libje yn 'e regio Otago. Dêr komme se benammen foar yn ûndjip kustwetter en komselden mear as in pear kilometer fan 'e kust ôf.
De Stewartielgoes is in stânfûgel en ek jonge fûgels hawwe gjin oanstriid om har fier fan it ferspriedingsgebiet te fersprieden.
Iten Likernôch 70% fan it iten bestiet út lytse fisken, benammen bears en skol. In lytser part fan it iten bestiet út kreefteftigen en oare wringeleaze dieren. Lykas oare ielguozzen fangt de soarte syn proai benammen troch te dûken en dy ûnder wetter te efterfolgjen.
By it dûken kinne se in wetterdjipte fan oant 30 meter berikke. Se foerazjearje maksimaal 15 kilometer út 'e kust. It foerazjearjen duorret yn ûndjipper wetter sa'n twa oeren, folge troch sa'n twa oeren rêsten. By it foerazjearjen binne se meast allinnich en se sykje allinnich oerdeis nei iten.
Fuortplanting De libbenswize en de briedgedrach fan 'e Stewartielgoes binne noch net folslein ûndersocht. Wol foarmje se monogame pearen, dy't nei alle gedachten mear as ien briedseizoen byinoar bliuwe. Beide skaaien briede de aaien út en helpe by it grutbringen fan 'e jongen.
In koloanje briedende Stewartielguozzen kin út in pear hûndert briedpearen bestean. De koloanjes lizze op rotsen en steile hellingen; guon briede ek op lytse rotsige eilannen. Yn ien koloanje waard fêststeld dat âldere pearen de hegere rotsplakken ynnimme, wylst pearkes sûnder ûnderfining benammen op legere plakken nêstkje.
De nêsten wurde foar it grutste part makke fan lytse tûkjes, grienwier en gers en wurde mei ekskreminten fersterke. Om't se alle jierren wer brûkt en hieltyd útwreide wurde, kinne se mear as in meter heech wurde. De ôfstân tusken de nêsten is frij regelmjittich en is krekt grut genôch om foar te kommen dat briedende fûgels inoar mei de snaffel benei komme kinne. Yn 'e koloanjes binne ek gongen, dy't de Stewartielguozzen de mooglikheid jouwe om troch de koloanje te bewegen sûnder troch briedende fûgels oanfallen te wurden.
Troch it bouwen fan 'e nêsten ferdwynt de begroeiïng om 'e briedkoloanjes hinne stadichoan. Nei alle gedachten liedt dy ôfname fan 'e begroeiïng der nei in pear jier ta dat koloanjes ferlitten wurde. Pas as de begroeiïng wersteld is, kin de lokaasje wer op 'e nij bewenne wurde.
It begjin fan it briedseizoen leit meast yn 'e maitiid, mar ferskilt faak en hinget ôf fan 'e klimatologyske omstannichheden en it oanbod fan iten. De grutte fan it lechsel is net folslein bekend; nei alle gedachten wurde twa oant trije aaien lein. De kleur is bleekblau.
De piken komme neaken út it aai en krije nei in pear dagen in griis dûnspakje. Fan likernôch sân dagen ôf freegje de piken mei skerpe lûden om iten. Aldere jongen dy't it nêst al ferlitten hawwe, foarmje lytse groepen oan 'e râne fan 'e koloanje. Jongen dy't noch yn it nêst sitte, pikke nei oare folwoeksen Stewartielguozzen as dy te ticht by it nêst komme. Oer it briedresultaat is oant no ta net folle ûndersyk dien.
Systematyk Lykas by oare ielguozzen is de krekte systematyske posysje fan 'e Stewartielgoes ûnderwerp fan diskusje. De soarte heart by in groep ielgoezzen fan it Súdlik healrûn dy't op basis fan faak lytse morfologyske ferskillen yn ferskillende soarten opdield binne. Oer de krektens fan dy yndieling binne noch twifels. In definitive opheldering mei genetyske metoaden is der noch net.
Guon wittenskippers beskôgje de Stewartielgoes as in ûndersoarte fan 'e seldsume wratielgoes.
Bedriging en beskerming De IUCN klassifisearret de Stewartielgoes as kwetsber (Vulnerable, VU). De totale populaasje wurdt rûsd op mar 5.000 oant 8.000 fûgels. Guon briedkoloanjes binne de lêste jierren troch minsklike ynfloed ferneatige, wylst ek it tal briedfûgels ôfnimt. Ek yllegale jacht foarmet in bedriging.
In wichtige faktor dy't ynfloed hat op 'e populaasje is de kommersjele fiskerij. De fûgel reitsje regelmjittich yn kiuwnetten fêst en ferdrinke dan. Yn briedkoloanjes op it fêstelân foarmje ek yntrodusearre wezelingen en murden, ferwyldere húskatten en kjifdieren in bedriging.
Troch it lytse ferspriedingsgebiet kin de soarte ferliezen mar tige stadich opfange. BirdLife International advisearret dêrom om alle briedkoloanjes fan 'e soarte te beskermjen. Ek it ôfskermjen fan 'e koloanjes mei stekken, sadat yntrodusearre wylde dieren en húsdieren der net komme kinne, wurdt as maatregel neamd. Fierders wurdt advisearre om de kommersjele fiskerij mei kiuwnetten yn 'e buert fan briedkoloanjes te beheinen en om nije kommersjele fiskkwekerijen net by de briedkoloanjes of de wichtichste fiedselgebieten fan 'e Stewartielgoes te fêstigjen.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Wytbúkielgoes Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Seelân Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan
