De Bounty-ielgoes (Leucocarbo ranfurlyi) is in seldsume fûgelsoarte út 'e famylje fan 'e ielguozzen yn it skift ginteftigen. De soarte komt allinnich foar op 'e Bounty-eilannen by Nij-Seelân.

Skaaimerken De Bounty-ielgoes is in grutte ielgoes fan 71 sm lang. De boppekant fan it lichem en de kop binne swart mei in blauwe glâns, wylst de ûnderkant wyt is. De hûd by it each is read en de poaten binne rôze. By in sittende fûgel foarmje wite plakken in bân op 'e wjuk. Oars as ferskate fan syn sibben hat de Bounty-ielgoes yn it briedkleed gjin wratsjes oan 'e kop.

Fersprieding en libbenswize De soarte komt allinnich foar op 'e Bounty-eilannen by Nij-Seelân. Hy briedt meastentiids op smelle richels fan rotsen, wêrby't de nêsten bytiden mar in meter faninoar ôf lizze.

De Bounty-ielgoes libbet fan fisk, slakken, inketfisken, seewjirmkes en krabben.

Systematyk De Bounty-ielgoes waard earder faak yn it skaai Phalacrocorax set. Nei genetysk ûndersyk waard dat skaai opdield yn ferskate lytsere skaaien. De Bounty-ielgoes wurdt no, tegearre mei syn sibben, yn it skaai wytbúkielguozzen (Leucocarbo) yndield.

Sibskip fan 'e ielguozzen De taksonomy fan 'e ielguozzen hat lange tiid in ûnderwerp fan diskusje west. Tradisjoneel waarden se yn it skift fan 'e pilekaaneftigen (Pelecaniformes) yndield, mar se waarden ek wol by de eiberteftigen (Ciconiiformes) yndield. Ut molekulêr en morfologysk ûndersyk hat lykwols bliken dien dat de pilekaaneftigen as takson in parafyletyske groep foarmen. Dêrom binne de ielguozzen ferhûze nei it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), tegearre mei de fregatfûgels, gintfûgels en slangehalsfûgels.

Status en bedrigingen De Bounty-ielgoes hat in tige beheind ferspriedingsgebiet. Yn febrewaris 2013 waard foar it earst in fûgeltelling útfierd wêrby't de hiele Bountyeilannegroep omgien waard. Der waarden op lân tusken 1.311 en 1.462 fûgels telt. Dat komt rûchwei oerien mei 874 oant 975 folwoeksen fûgels. Dêrnjonken waarden noch 150 fûgels sjoen dy't yn it gebiet swommen of fleagen.

De populaasje liket stabyl. De IUCN klassifisearret de soarte as kwetsber (VU). By in sterke ôfname fan it tal of grutte skommelingen yn 'e populaasje soe de soarte mooglik as sterk bedrige of krityk bedrige klassifisearre wurde moatte.

De grutste bedriging op lange termyn is feroaring fan it leefgebiet ûnder ynfloed fan klimaatferoaring.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wytbúkielgoes Kategory:Lânseigen fauna yn de Nijseelânske Subantarktyske Eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Súdlike Oseaan