De wratielgoes (Leucocarbo carunculatus) is in bedrige fûgel út 'e famylje fan 'e ielgoesfûgels yn it skift ginteftigen. De soarte komt allinnich foar yn in beheind gebiet yn Nij-Seelân.
Skaaimerken De wratielgoes is in grutte swart-wite ielgoes fan 76 sm lang. De kop en de boppekant binne swart mei in blauwe glâns en de ûnderkant is wyt. De fûgel hat in blau each en de poaten binne rôze. De wite plakken op 'e wjukken foarmje by in sittende fûgel in wite bân. Boppe de basis fan 'e snaffel binne giele wratten te sjen.
Fersprieding en systematyk De soarte is endemysk op 'e eilannen yn 'e Strjitte fan Cook yn Nij-Seelân, tusken it Noardereilân en it Sudereilân. Sa'n 85% fan 'e wrâldpopulaasje briedt yn fiif koloanjes op 'e rotsige eilannen White Rocks, Sentinel Rock, Duffers Reef, North Trio en Rahuinui Island.
Taksonomy De wratielgoes waard earder faak yn it skaai Phalacrocorax yndield. Nei genetysk ûndersyk, dêr't út bliek dat Phalacrocorax út ferskate relatyf âlde ûntwikkelingslinen bestiet, waard it skaai opdield yn ferskate lytsere skaaien. De wratielgoes en syn sibben binne dêrom yn it skaai wytbúkielguozzen (Leucocarbo) pleatst.
Sibskip fan 'e ielguozzen De taksonomy fan 'e ielguozzen hat lange tiid in ûnderwerp fan diskusje west. Tradisjoneel waarden se yn it skift fan 'e pilekaaneftigen (Pelecaniformes) yndield, mar se waarden ek wol by de eiberteftigen (Ciconiiformes) yndield. Ut molekulêr en morfologysk ûndersyk hat lykwols bliken dien dat de pilekaaneftigen as takson in parafyletyske groep foarmen. Dêrom binne de ielguozzen ferhûze nei it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), tegearre mei de fregatfûgels, ginten en slangehalsfûgels.
Hâlden en dragen De wratielgoes briedt yn koloanjes op lytse rotsige eilannen. Ut ûndersyk fan syn dong binne 17 ferskillende soarten fisk en de dwerchinktfisk fêststeld. Dêrby binne ûnder oare platfisken lykas Arnoglossus scapha, Pelotretis flavilatus en soarten út it skaai Peltorhamphus, fisken út de famyljes Percophidae en Tripterygiidae en de fisk Helicolenus percoides oantroffen.
Status en bedrigingen De wratielgoes hat neffens in rûzing fan 2020 in tige lytse wrâldpopulaasje fan mar sa'n 250–1.000 folwoeksen fûgels. De populaasje is de lêste 50 jier frij stabyl bleaun, mar troch de lytse populaasje en it tige beheinde ferspriedingsgebiet is de soarte gefoelich foar mooglike fersteuringen yn 'e takomst. De IUCN klassifisearret de soarte dêrom as kwetsber (Vulnerable, VU).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Wytbúkielgoes Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Seelân Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan